• 1 mei 2010

    ANTINE ZIJLSTRA -  Ola Mafaalani (Damascus 1969) is sûnt 2008 artistyk lieder fan it Noord Nederlands Toneel (NNT) yn Grins. Se regissearret eigensinnige bewurkingen fan klassike teksten: ‘Medea’, ‘La Divina Commedia’. En moderne; it NNT toert op dit stuit mei ‘Elf minuten’, in bewurking fan it boek fan Paulo Coelho mei deselde namme. It fertelt it ferhaal fan de Braziliaanske Maria, dy’t nei Europa lokke [...]