Leuk
BOUKE VAN DER HEM – Neidat de klus dêr’t er foar kaam wie klear wie, smookte er ûnder de krekt ynstallearre ôfsûchkap syn earste sigret fan dy middei. De keuken dy’t er noch yn doazen nei binnen tôge hie – ynearsten by elk ûnderdiel de wurkskuon út, sa’t de baas de ynstallateursploech opdroech, mar yn […]
Van der Hem & Bottema oer biersûpe, Marktplaats en Tokkys
De twadde Moanne Live fan dit jier wurdt holden op tiisdei 12 maart. En ditkear stean op it poadium fan de Moanne: Sjoerd Bottema en Bouke van der Hem. Oer streekliteratuer, it neisyngronisaasje-effekt, wrâldboargers, stêd en plattelân, Nederlanners, Belgen, Friezen en Turken, Nij Beets en New York, Frysksinnigens, de Fryske Beweger, de Tokkys, hurdfytsers en bûtersmokkelers, Marktplaats.nl, […]
Cybersex
ferfolch Ultra-koart ferhaal ‘Op safary’ yn de Moanne nûmer 4 – 2012 — Dêr leit se dus, op it web, Tracy Jensen, harren learares, tagelyk remedial teacher! En net te leauwen: fan ûnderen oant boppen neaken en bleat, sawol knipt as skeard. Mar – hee, sjedêr – se hoecht har net te ferfelen, se leit net […]
Guilty Pleasure: Oh Anna!
It sil twadde helt sechtiger jierren west hawwe, yn dy snuorje. Ik wit net mear krekt hokker muzyk ik doe sels draaide. Dat lêste wurd wie trouwens yn myn gefal abslút in wankel begryp, ik hie ommers gjin platespiler. De alles oerhearskjende trochbraak fan Van Morrison by my, dy moast doe yn elk gefal noch […]
‘Mei it bloed yn ’e klompen’
HARMEN WIND – 1. Fenomeen Ik haw in foarkar foar it oare, it eksperimentele, it avantgardistyske, it absurde, it kreative en it ferfrjemdzjende proaza (c.q. poëzy), omdat dêre de skriuwer himsels, de wrâld, de taal en it wurk yn diskusje bringt – yn de foarm fan it literêre einprodukt (roman of gedicht). Kontraliteratuer dus. Keunst […]
Sport bûten byld
BOUKE VAN DER HEM Yn ’e wrâldfan de organisaasje-adviseurs jildt it adagium: wat goedkeap is, kin net goed wêze. Priuw ik dat yn fakblêden noch tusken de rigels troch, yn besprekken mei funksjonarissen kom ik it amper ferhoalen en tagelyk omdraaid tsjin: lit it wat kostje, mar dan hast ek wat! De topadvokaten dy’t we […]
Oanrekke troch Balkenende
BOUKE VAN DER HEM – In pear dagen nei it ôfslachtsjen fan Theo van Gogh waard dit my thús yn breedbyld skildere: J.P. Balkenende ûnferwachts op wurkbesite yn Uden, by de ôfbaarnde, islamityske (‘swarte’) skoalle. De lusifers soenen út wraak oanstrutsen wêze troch white power. De kamera folgeBalkenende, alles live. Hyeage de ramp oer en […]