• 26 maart 2015

    GERBEN DE VRIES -   Soene der yn dizze tiid noch in protte lju wêze dy't in deiboek byhâlde? En as hja dat dan noch dogge, skriuwe hja dan noch altiten mei de pen of wurde der benammen deiboekoantekeningen makke op de kompjûter? Of op de smartphone? Hoe dan ek, minsken kinne ferskate redenen hawwe om yn in deiboek te skriuwen. Jo kinne bygelyks sekuer optekenje wat [...]

  • 25 december 2014

    SJOERD BOTTEMA -  Harke Bremer en Jarich Hoekstra ha mei in rige Fryske Bommeloersettingen harren namme foar ivich byskreaun yn ’e earegalerij fan ’e Fryske literatuer. “Knorrig ontsteeg hij aan het voertuig en monsterde het uithangbord”; yn de oersetting fan Bremer en Hoekstra klinkt it hast noch moaier as yn it orizjineel: “Noartlich joech er him oerein út it reau en skôge it hingelboerd”. Hichtepunt [...]

  • 11 december 2014

    ELSKE SCHOTANUS -  Ofrûne jier maart, yn it doarpshûs fan syn wenplak Húns, spile, twa jûnen achter elkoar, Elmar Kuiper syn tragikomeedzje De lytse kannibaal. En letter noch in kear yn LOFT yn Boksum. Lytse lokaasjes en dêrmei is it tal minsken dat de foarstelling besocht hat beheind. (Foar in ympresje fan de útfiering yn Húns, sjoch hjir.) Lykas earder De fûgels fan Fantasia (2010) is ek [...]

  • 2 september 2014

    JOSSE DE HAAN -  Yn 2011 hat útjouwerij Bornmeer it sammele wurk (poëzy en proaza) fan Tjitte Piebenga útjûn. Yn in moaie kassette binne de twa dielen mei ynliedings fan Abe de Vries, Joke Corporaal en Hylke Tromp ferskynd. Yn de opnommen bylagen steane: 1). List fan fersen; 2.) Fersen alfabetysk op titel of begjinrigel; 3). Fotokatern mei famyljefoto’s; 4). Bibliografy en 5). Register op [...]

  • 3 april 2014

    NYNKE VAN DER ZEE -  It is deastil yn de lytse seal fan teater Meerzigt. Op de grûn njonken in grut wyt bêd leit aktrise Hilly Harms. Har foet yn in nuvere bocht, de holle oerside op de râne fan it bêd, it boarst dat stadich op en del giet op it ritme fan har siken. En fierder allinnich mar stilte. Sa begjint de foarstelling [...]

  • 26 september 2013

    ABE DE VRIES -   Aisikersfjild Hjir leit it blok fan de pols, rustich fan oer, tusken de bjinten, de rusken oan de nútbrune wjittering, dêr’t sulverkraal blonk om smaragdgriene linten fan flotgers. It wetter fan de kaart, bleau dit in daaldersk plak om it hear oer te eagjen: de grûn nei tûzen kear maitiid yn ien moarnsskoft skeind, blet op it spoar fan de [...]

  • 9 september 2013

    GERBEN DE VRIES -  In maat fan my miende oait in soad te witten fan it Romeinske Ryk. Op myn fraach oft er dan bygelyks The history of the decline and fall of the Roman Empire fan Edward Gibbon lêzen hie antwurde er: 'Nee, mar wol de romans Macht en Liefde en De Kroon van Gras fan Colleen Mc Cullough!' Okee, hy is wat in [...]

  • 20 maart 2013

    YVONNE DIJKSTRA -  It binne gjin sympatike lju, it stel dat yn It libben fan in oar de haadrol spilet. Hy, Johan, hat him de lêste jierren foar syn promoasjeûndersyk yn de poëzij fan de Fryske dichter Boate Annes de Vries ferdjippe. Dat dat ûndersyk op ‘e non rint is al gau dúdlik, mar in heimsinnige liftster – in operasjongeres mei Amerikaenske roots –  soarget foar it [...]

  • 25 februari 2013

    ALBERTINA SOEPBOER -   Tink it dy mar ris yn: bist in famke, wennest thús by heit en mem en der liket neat te rêden yn dyn libben. Mar op in dei hearst fan de buorlju datst noch ergens sân bruorren hast. Dyn heit en mem hawwe dy dat noait ferteld. Wat dochst dan? Do bliuwst net thús. Do pakst dyn koffer yn en sikest [...]