• 30 oktober 2014

    Achte hear Samsom, Miskien is it de leeftyd. Jo en ik binne suver like âld en ik ha der ek wolris lêst fan. Dat ik der eefkes gjin sin mear yn ha. Gjin nocht mear oan geseur, oan geëamel en gekanker. Soms is it better om it negativisme mar eefkes te mijen. Dus dat jo de lêste tiid drege gesprekken mei ûntefreden kiezers út de wei [...]

  • 12 oktober 2014

    Achte hear Konst, Witte jo dat it hjoed ynternasjonale Columbusdei is? Día de la Hispanidad. Yn hiel Súd-Amerika wurdt betocht dat har kontinent op 12 oktober 1492 ûntdutsen waard troch de Portugese globetrotter. En sa't je ferwachtsje meie is dat foar de Spaanske winners in echte feestdei, en hawwe se it yn Súd-Amerika geandewei  omturne ta in keurich ferantwurde Día de la raza, de dei [...]

  • 2 oktober 2014

    Achte hear Verhaaf, Dus. Jim meie werris de dirty job dwaan om ús gewisse skjin te hâlden. It hong fansels al de hiele simmer yn de loft. Wylst ik mei de ferverskwast op de ljedder stie, bolderen jim omraak mei jim masjines by ús oer de gevels. Mannich flokwurd ha'k op jim ôffjurre – ik ferlies myn holle gauris by dy pokkeherrie fan jim – [...]

  • 18 september 2014

    Achte Meneer Aart, Trije bern ha wy. En alle trije krigen se dizze dagen yn harren kennisenkring de dea oan 'e doar. De iene stoar troch sykte, de oare yn in auto, de tredde die it sels. Tsien jier, achttjin jier, fyftjin jier. I recall: tsien, achttjin, fyftjin jier jong. De hjerst is betiid, fan't jier. Alle trije sielen wennen binnen in straal fan tsien [...]

  • 3 september 2014

    Achte túnkers en boeren, Even tocht ik dat Cambuur in nije spits út Súd-Korea oanlutsen hie. Sop-a-thon. Mar it wie noch folle slimmer. Wylst der hûnderten kilo's tomaten fan in wrede sinleaze dea rêden waarden troch in strûs nommele Flora Nightengales, ried ik oer de Gernierswei. De lytse pleatskes en ekerkes hawwe allang plak makke foar grutte loadsen en kassen. It liket hiel wat. Flinke [...]

  • 18 augustus 2014

    Achte hear Hiemstra, Wylst de skûtsjes in machtige slach oer stjoerboard makken, de keatsers alles oan de hang hienen en de ljeppers in geweldige útsprong sjen lieten, draaide de wrâld aldergelokst gewoan troch. Mei bommen, raketten, kalshnikovs, terreur, synisme en sadisme. En lies ik it yndrukwekkendste boek sûnt lang. 'Terugkeer Ongewenst' van Charles Lewinsky. Basearre op it wiere libben fan de Joadsk-Dútske akteur en filmregisseur [...]

  • 12 juni 2014

    Achte frou Koster, Wat binne it wer hearlike dagen om troch de stêd te swalkjen, fine jo ek net? Al dy terraskes, al dy parken en pleinen. Fol mei jonge minsken dy't laitsje, drinke, moai sitte te wêzen, diskussearje, fantasearje, testosteronnisearje. De stêd is mei dit waar fan de jongeren. Moai, want dêr wurdt in stêd spannend fan. Sjoch se sitten. Hjir ûntstean de ideeën, [...]

  • 28 mei 2014

    Achte hear Wieling, In groepke kollega's hie him om de televyzje hinne sammele en stie yn folle konsintraasje te sjen, justermiddei in oere as fiif. Ik rûn der op ta. Sjoernalisten, dus der soe wol wat wichtichs oan de hân wêze. Dat wie ek sa. Quintana plege in coup. Uran waard út it rôze riden. Mar boppe-al: Wilco Kelderman ried in geweldige koers. En dat [...]

  • 12 mei 2014

    Achte hear Winsemius, In jier as fiif sil se west hawwe, ús dochter, dus it is al eefkes lyn. Mar it wie sa'n momint dat je as âlder noait wer ferjitte. Se siet by my achterop, in soel kuoltsje hienen wy yn de rêch. It fjild bloeide sa't allinnich it boulân dat dwaan kin op in moaie jûn yn de foarsimmer. We fytsten by in [...]