• 18 mei 2015

    Achte hear De Rouwe, It wie in hichtepunt yn myn sjoernalistike wurk. Fanôf de parsetribune siet ik te sjen nei de byienfergaderde gemeenteried dy't it drok hie mei it bepraten fan de gemeentelike klachteline. Dy wie no in jier yn de loft - in 24-oers service foar boargers dy't melding meitsje woenen fan dwerse stoeptegels of stank út it strjitrioel. De klachteline wie in grut [...]

  • 6 april 2015

    Achte hear Zijlstra, Nee, yn jo politike profyl hat it Fysk-wêzen noait boppe-oan stien. Hoecht ek net, dat hat foar in man mei grutte ambysjes yn de lanlike polityk ek net safolle doel, fansels. Mar fannewike ha jo jo flink yn de kaarten sjen litten, op dat mêd, mei jo idee om wat mear gearwurking te sykjen mei diktators. Want it is niks oars as [...]

  • 27 februari 2015

    ARJAN HUT -  “Do dochst alles op entûsjasme en sa giest troch en troch oant it net mear kin”, sei Grytsje Klijnstra op in gegeven stuit. It petear, dat net al te flot losbrekke woe, gie oer Kulturele Haadsted 2018 en de (ûntbrekkende) kulturele fyzje en it (noch ûndúdlike) belied foar nei 2018. Klijnstra wie de jongste oan tafel, dêr't ek Academie voor Popcultuur-directeur Albert van der [...]

  • 17 februari 2015

    No tongersdei 26 febrewaris om 16.30 oere is it wer tiid foar in ynspirearjend tafelpetear. Diskear te gast binne: foarmjouwer en keunstkritika Grytsje Klijnstra, direkteur Academie voor Popcultuur Albert van der Kooij en kollumnist en programmamakker Bart Kingma. In oerke frij lusterje nei entûsjaste sprekkers oer boeken en kultuer! Een trein later is in ynisjatyf fan algemien-kultureel opinyblêd de Moanne en De Culturele Onderneming en [...]

  • 17 februari 2015

    Achte hear Van Dieren, Yn de fjirde klas wie it, of miskien de fyfde, dat wy op skoalle yn de kunde brocht waarden mei it 'Proletarier aller Länder, vereinigt Euch!' Troch sa'n passionearre skiednisleraar dêr't ik spitigernôch allinnich de achternamme noch fan wit: Bok. Menear Bok ferflocht de histoarje graach mei prachtige beskôgings oer sosjology, polityk en filosofy. Logysk dus dat Marx in favoryt ûnderwerp [...]

  • 1 februari 2015

    Achte hear Opstelten, Dus. It Nederlânnerskip ôfnimme fan jihadisten dy't op dit stuit yn Syrië en Irak oan it fjochtsjen binne. Dat is wat jo wolle, lies ik fannewike yn de krante. Ik moast der even oer neitinke. In jonge of famke, grutte kâns dat dy gewoan yn Nederlân berne is, ûndernimt yn it bûtenlân in aksje dy't dêr tsjin de wet is. Dy nimme [...]

  • 5 januari 2015

    Bêste Sjinkie, Fan weromsjen wurdst net gelokkich. Ik tenminste net. Bin der net goed yn. 't Is ommers altyd lijen en ellinde. Persoanlik fertriet en grutte drama's yn de wrâld. It jieroersjoch fan it Journaal, dat is dochs in stik as 35 brokken yn de kiel weislokke. En jin mismoedich realisearje dat jo takom jier wer op krekt deselde wize sitte te sjen nei de [...]

  • 7 december 2014

    Achte hear Brouwer, Miskien is it wat flau om it plaatsje te romantisearjen, mar ik fûn it in moai byld: trije sjirurgen op in stoepke, blaubekjend yn de Dokkumer kjeld, mar op likese hichte as it folk, en mei de blik op de minsken rjochte. Gjin papieren, gjin laptops, gjin ferwaarming. Gewoan it spul yn de eagen sjen en útwikselje wat jim mei elkoar wolle [...]

  • 9 november 2014

    Achte hear Bakker, It hie sa'n grauwe, wetterkâlde dei west. Mar no, krekt foar't de skimer ús de Lauwersmar útjeie soe, kipe samar ynienen de sinne noch eefkes ûnder it grize tek troch en struide in magyske reade gloede oer it fjild. We waarden der stil fan. Miskien wol krekt dêrom hearden we al op grutte ôfstân de hiele kloft oankommen. Kâld út in oar [...]