Friezen gongen Dutch op syn Skotsk

ARJAN HUT – As ik tink oan Sigrid Kingma en Geart Tigchelaar op StAnza, it poëzijfestival yn Skotlân, dan sjoch ik Sigrid mei in grutte, blauwe, selsmakke iiskristalshurikenboomerang op it poadium stean te swaaien. Dan sjoch ik Geart dy’t op in wetterfyts oer de weagen fan de Noardsee in selfy makket mei in pear boartuorren op de […]

Nûmer 2

De Lêzende Mins, Jo de Schiffart Redaksjoneel, Ernst Bruinsma Kollum, Karen Bies Kollum, Nieske Ketelaar It bêste fan deMoanne.nl Ynterview, Elske Schotanus, Huub Mous, Oeds Westerhof Muzyk, Arjan Hut, Michelle Samba Portfolio, Gijs Dragt Ynterview, Arjanne Nijp, Nynke de Jong Poëzij, Jetze de Vries Proaza, Aggie van der Meer Ynterview, Karen Bies, Eelco van der […]

‘Gowe’ of ‘gouwe’?

HENK WOLF –  Oft mear minsken it wurd ‘gowe’ koenen, frege myn eardere buorman Arjan Hut op Facebook. Hy hie it brûkt yn in stik dat er foar syn wurk by Omrop Fryslân skreaun hie. “Moast it opsykje om wis te wêzen oft it wol in besteand tiidwurd is en net allinnich it soarte fan […]

“Read weiten hoannen, blues en reinbôgen by presintaasje Koarde fan ‘e tiid”

ARJAN HUT –  Freonen, famylje en leafhawwers fan blues, hinnen en Fryske poëzy tôgje snein troch waar en wyn nei it smûke doarpshûs fan Wjelsryp. Efkes kipet de sinne troch de wolken. Sa spant der in dûbele reinbôge oer it doarp op it stuit Beart Oosterhaven syn nije bondel ‘Koarde fan ‘e tiid’ presintearret. De […]

‘Yn de limûsine fan ’e dea…’ – Dallas, Texas

EELTSJE HETTINGA –  (Nov. 2017) Op de billboards oan de grutte highwegen fan Denison nei Dallas wie ein jierren njoggentich in biedwurd te lêzen dat my, tinkend oan de yn Dallas fermoarde presidint John F. Kennedy, altiten weroan fernuvere: ‘If you liked the show, you love the city.’ Kennedy waard op Dealey Plaza deasketten doe’t […]

Nûmer 5

Tik, tik, typ, typ, tik, tik, ratsssss. Tik, tik, typ, typ, tik, tik, ratssssss. Tik, tik, typ, typ, tik, tik, ratsssss. Tik, tik, typ, typ, tik, tik, ratssssss. Tik, tik, typ, typ, tik, tik, ratsssss. Tik, tik, typ, typ, tik, tik, ratssssss. Tik, tik, typ, typ, tik, tik, ratsssss. Tik, tik, typ, typ, tik, tik, […]

UIT-Festival special ‘de Moanne’

Wy hawwe juster in geweldige dei hân op it UITfestival Leeuwarden. Mei tank oan Stadskunstenaar Leeuwarden Jamila Faber, Arjan Hut, Marit de Weerd, Skelte Siweris Braaksma en hûnderten nije meiwurkers hawwe wy in prachtich nij nûmer fan de Moanne folskreaun. Ynkoarten it bêste fan it UIT-Festival yn de UIT-special fan ‘de Moanne’ en miskien stiet […]

Skriuw mei oan ‘de Moanne’ op it UIT-Festival!

‘de Moanne’ iepenet op it UIT-Festival op snein 3 septimber yn de Ljouwerter Prinsetún in âlderwetsk redaksjelokaal. Tritich sitplakken en likefolle âlderwetske typemasines. Elkenien kin oanskowe en meiskriuwe oan ‘de Moanne’. Diel dyn resinsje fan de foarstelling dy’tst sjoen hast, skriuw in gedicht, in ferhaal en skriuw mei! Tegearre mei it publyk, stedskeunstner Jamila Faber, de Uitkijkers […]

Gjin swart gat nei Souldada

ARJAN HUT –  Trije katten lizze yn de hûskeamer te sliepen. It hat nachts flink stoarme en reind. ‘Ze stonden vanmorgen behoorlijk gepikeerd te wachten tot ze naar binnen konden’, seit Herman Woltman wylst er twa cappucino’s delset. Bûten giselt de rein alwer tsjin de ruten. Ik bin by him yn Drylts op besite om […]

Tsien rûzige lieten út de nije Twin Peaks

ARJAN HUT –  “Ik haat David Lynch!” Dochter (16) klapt de doar ticht en stoarmet nei har keamer. Net folle letter komt der muzyk fan boppe. ‘Music from Twin Peaks’, de fertroude soundtrack fan doedestiids. Wy ha krekt via Videoland.nl de earste twa ôfleveringen fan Twin Peaks – The Return sjoen. Dêr ha de leafhawwers […]

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.