• 1 juli 2020

    Arjan Hut die it ôfrûne wykein mei oan it FAIM-festival yn Frankryk mei de foardracht fan it gedicht 'Skiplân' út syn nijste bondel 'Fjoertoer yn it wâld'. De oersetting is fan Jean-Rémy Gandon. Fideo: Tim en Hilde Honnef.     Skiplân   de lêste yllegale flammen dôvje en de moanne draait krekt achter in radiotoer as wy it hotel útslûpe in binde fjoertoeristen mei oars [...]

  • 29 juni 2020

    ARJAN HUT -  Ulyanovsk is in grutte stêd yn Ruslân. It leit oan de Volga en is (krekt as Ljouwert) UNESCO City of Literature. De stêd organisearret in grutte online ekspo 'A City as a Writer's Workplace'. Nicole van den Berg (1988) út Ljouwert stjoerde in foto yn dy't se makke fan in boartersplak yn de wyk Heechterp-Schieringen. Dêr kuieret se wolris mei har stabij [...]

  • 24 juni 2020

    ARJAN HUT -  Tink net dat der yn de takomst in Streaming Day, of Playlist Day komt. Mar Record Store Day (in aksje ter befoardering fan platesaken) is wilens in tradysje. It binne lytse oases foar dejingen dy't muzyk oanreitsje wolle. Lykwols, der binne allegeduerigen minder 'fysike winkels', ek yn de Fryske haadstêd. De susters Sophie en Jeanette fan Poort Music oan de Foarstreek giene [...]

  • 11 mei 2020

    ARJAN HUT -  By it ferstjerren fan Bartle Laverman (1948-2020) Fan Fryske dichters krijt men gauris de yndruk dat de maitiid besongen wurde moat mei rigels en strofen oer fûgels. Skriezen, ljippen, klysters, har lûden en lieten foarmje de 'soundtrack' by it maitiidsgefoel fan in soad Fryske wurdskilders. Mar by dichter en skilder Bartle Laverman (1948-2020) leit it der hiel oars hinne, lykas te lêzen is [...]

  • 23 maart 2020

    De sosjale mediakanalen fan LF2028, it ferfolch op Kulturele Haadstêd, binne sûnt ôfrûne sneon 21 maart in kultuerpoadium dêr't elkenien oan meidwaan kin. De organisaasje nûget kreativelingen út om (fideo)materiaal yn te stjoeren. Dichter fan Fryslân, Nyk de Vries, soe it ûndernimmen iepenje mei twa nije gedichten, mar de band WIEBE wie him foar, mei in spesjaal korona-benefyt konsert fia in livestream freedtejûn. In de [...]

  • 17 februari 2020

    ARJAN HUT -  De jûn foar Falentynsdei liezen tsien Friezen yn it OBE-paviljoen in favoryt gedicht of fragmint foar oer it Fryske Lânskip. Alteast, sa wie de bedoeling. It ien en oar stie yn it ramt fan de útstalling ûneinige beweging, oer it skilderwurk fan JanMurk de Vries (1919-2015). Bûten reinde en waaide it, yn it paviljoen wie it waarm en droech.   Wurk fan [...]

  • 8 januari 2020

    ARJAN HUT -  In optreden fan Esther de Jong kin yntimidearjend oerkomme. Har ferskes spylje har ôf yn in drôve diminsje, dêr’t it tsjuster liket, en har melodyen klinke as betsjoeningen fan ûnder de grûn wei. ‘Niet zweven, maar zakken’, is har biedwurd. ‘Voor mij betekent dat: voeten op de grond, niet wegzweven, maar voelen’, ferklearret se. Under har ljochte hier falle har grutte blauwe [...]

  • 18 december 2019

    ARJAN HUT -  Krekt op de dei dat Ljouwert foar de ivichheid ta City of Literature útroppen wurdt, sit ik mei in mysterieusk en beskieden bondeltsje yn de hannen. En mei beskieden (de ferlytsing is net denigrearjend bedoeld) bedoel ik dat it lytser is dan in nijmoadrich telefoantsje, dat der mar in pear gedichten op de siden steane en dat yn dy gedichten de wurden [...]

  • 27 november 2019

    ARJAN HUT -  'Omen' fan Atmoran út Dokkum befettet sa'n bytsje alle yngrediïnten dy't metal foar de leafhawwer ta in boeiend sjenre meitsje. Krêft, enerzjy, aventoer, rauwe mystyk, ynstrumintbehearsking ... en dan te betinken dat it hjir om in debút giet! En earder al dy fantastyske plaat fan Insurrection, as ha de metalgoaden Fryslân útkard as nij Valhalla.   Likegoed, ek mei al har eigenwizens [...]