• 4 april 2013

    Tongersdei 4 april binne jo fan herte wolkom op in ynformele jûn mei foardrachten fan de dichters Eeltsje Hettinga en Anne Feddema yn galery Hoogenbosch. Yn it wurk fan beide dichters spilet byldzjende keunst in grutte rol. De eksposanten Jochem Hamstra en Tsjibbe Hooghiemstra binne dy jûn ek oanwêzich en noegje jo út om mei harren yn petear te gean oer harren wurk. Mear ynformaasje [...]

  • 24 maart 2013

    EELTSJE HETTINGA -  Yn Museum Belvédère is op dit stuit wurk te sjen fan Paula Modersohn-Becker (1876-1907), ien fan de belangrike foarrinders fan it Dútske ekspresjonisme, sa’t dat begjin 1900 gesicht en foarm krige. Modersohn-Becker wenne en wurke yn Worpswede, de keunstnerskoloanje, súd fan Bremen, dêr’t ûnder oaren ek de dichter Rainer Maria Rilke yn de winter en maitiid fan 1900 in skoftlang omhúsmanne. Hy skreau nei [...]

  • 16 november 2012

    Sneon 24 novimber set galery en keunsthannel De Vries oan De Turfmerk yn Ljouwert de doarren iepen foar in grutte jubileumútstalling. De galery bestiet dizze moanne tweintich jier. By dizze nije eksposysje komt ûnder mear it wurk 'Hynder' fanSjoerd de Vries yn de ferkeap. De tekening (mingde technyk op papier) waard spesjaal makke foar de koartby ferskynde poëzijbondel IKADER fan Eeltsje Hettinga. Hettinga sels jout by [...]

  • 9 oktober 2012

    De redaksje fan de Moanne en de Stichting de Moanne noegje jo fan herten út foar in foardracht fan de folgjende sprekkers: Jetske Bilker, Silke Boersma, Anne Feddema en Laurens Aaij. Tiisdei 23 oktober 2012, oanfang 20.00 oere. Gysbert Japicx-seal, Tresoar, Bûterhoeke 1, Ljouwert de Moanne – Live is bedoeld om op papier, mar ek op tal fan oare wizen in poadium te jaan oan elk wa’t [...]

  • 14 mei 2012

    Anne Feddema - Noch trije moanne (as jimme dit lêze twa of ien, of ik bin al twa jier wer werom of noch langer en sit al sûnt minskeheugenis wer earne oars of bin sels dêr al wer fan weromkaam, tsja… sa krije je sa’n kollum wol folskreaun minsken, mar ik fyn dat, as it heal kin, je skriuwe moatte sa as je prate soenen), no [...]

  • 24 februari 2012

    Oan ús Cavalier King Charles (I of II, dêr wol ik fan ôf wêze… fan I is lykwols wol de kop ferlern gien en letter de sturt ek) hûntsje Nynke is aldergeloks noch hieltyd in kop en in sturt te finen… en se …jûchhei… bewege ek noch, boartlik en sierlik. Sa seach it der begjin desimber fan it ôfrûne jier 2011 perfoarst net út. Jimme [...]

  • 23 januari 2012

    In het kader van de Nationale Gedichtendag organiseert Museum Belvédère poëtische rondleidingen door de grote tentoonstellingszaal  en de nieuw ingerichte solokabinetten van de westvleugel. De rondleidingen vinden plaats tussen 14.00 en 15.00 uur, waarbij in ieder kabinet een gedicht zal worden voorgedragen dat een connectie heeft met het getoonde beeldende werk. Hetzelfde zal gebeuren bij de verstilde schilderijen van Piet Moget en Vincent Hamel, die [...]

  • 23 december 2011

    In ferslach fan Anne Feddema op de krystmerk yn Berlyn.

  • 15 oktober 2011

    Men kin net libje sûnder saken dy’t simpele moai binne! Siswize fan ’e Guno-stam út Ivoarkust   Design, dé tsjoenspreuk fan ’e hjoeddeistige maatskippij. Design, Lifestyle en gean sa mar troch. In minske soe hast tinke dat hy of sy der net mear by heart as der gjin neo-futuristyske Italiaanske Espresso-Lavazza of Bezzera Domus Galatea kofjemasine yn ’e hûs stiet, dan libje jo ommers net [...]