De skacht en de slinger

Publisearre op 7 mei 2014

ATE GRYPSTRA – 

Tige fersoarge, dit earste boekwurkje fan Regaad. De karsfarske útjouwerij hat har ta doel steld om Fryske oersettings út te bringen yn ‘heechweardige útjeften’. No, dat is mei dizze fertaling fan Edgar Allan Poe syn koarte huverferhaal ‘The Pit and the Pendulum’ út 1842 fuortdaliks goed slagge: boekfersoarging, print- en bynwurk binne allegear mear as yn oarder.

As we al ergens wat krityk op ha moatte wat de foarmjouwing betreft, dan is it op de yllustraasjes. Net dat Tony Roberts syn fak net ferstiet; fan de ôfbylding op side 11 giet de grize jin werklik oer de grouwe. Mar it plaatsje stiet op it ferkearde plak. Der wurdt op dizze manier al fierste folle weijûn fan de penibele sitewaasje dêr’t de haadpersoan him yn befynt. Dit ynkringende byld treffe we yn de fertelling nammentlik pas oan op side 22-23. Jo moatte, benammen yn it horrorsjenre, ek wat oan de ferbylding fan de lêzer oerlitte, is it net?

Dochs krige ik by it werlêzen oanstriid om it Ingelsk der ris op nei te slaan.

Dan oer de oersetting sels. Ik haw earst de Fryske ferzje lêzen, sûnder it orizjineel derby te hawwen. Lêst prima. Hjir en dêr treft men wat âlderwetsk oandwaande wurden en sinskonstruksjes oan (bygelyks op side 15: ‘… en namen se lins fan har ôfmêdzjend bodzjen’), al is soks ek wol wer passend by in 19e-ieuske tekst.

Dochs krige ik by it werlêzen oanstriid om it Ingelsk der ris op nei te slaan. De oanlieding wie Popkema syn oersette fraze ‘… as hie ’k stroomtried oanrekke’ (s. 13). Dat docht oan ‘skriktried’ tinken (der stiet ommers net ‘in stroomtried) en ik frege my ôf oft dat der al wie yn 1862[1]. Poe skreau lykwols ‘… as if I had touched the wire of a galvanic battery’. Frijwat frij fan Popkema dus. En dat blykt allinne op de earste side al folle faker it gefal te wêzen as dat yn in boeksynjalemint behannele wurde kin.

Ien foarbyldsje noch? Wat te tinken fan ‘Whiter than the sheet upon which I trace these words’, troch Popkema wjerjûn as ‘Witer as in jonge moanne yn in heldere nacht’.

Op himsels in begryplike kar fan de fertaler, om’t Poe op dizze wize fuort oan it begjin al tefolle ferriedt oer de útkomst fan de behyplike posysje fan syn protagonist. Mar it giet wol wat fier as jo as oersetter de skriuwer ferbetterje wolle. Sa besjoen falt der dus noch wol wat ôf te jaan op Atte Jongstra syn útspraak yn it foaropwurd dat ‘The Pit and the Pendulum’ (en mutatis mutandis ‘De Skacht en de Slinger’) ‘seldsume goed’ is (s. 7). Der is lykwols genôch huverwille oan te belibjen.

 

[1] Antwurd: Ja. Al sûnt 1832.

Edgar Allan Poe, De skacht en de slinger. Oerset troch Anne Tjerk Popkema, Utjouwerij Regaad, Grins. 32 siden, ISBN 978-90-821970-0-6. EUR 10,00

 


Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels