Stokjes, heale en dûbele stokjes

ELSKE SCHOTANUS –  

De jûns fan de 21e jannewaris yn it Tryater-gebou yn Ljouwert wurdt yn de foyer de teaterfoarstelling Heimwee nei Hurdegaryp brocht en dêrfoar is de romte omboud ta ‘Café Heimwee’ mei op it poadium in persysk tapyt en op ´e taffeltsjes haakte en plusen kleedsjes, in setting dy’t tagelyk wûndergoed past by de aktiviteit dy’t dêr dy middeis plak fynt. Sa’n fyftich froulju sitte te hantwurkjen: haakte iisblommen foar de jassen fan it koar dat yn maaie yn de strjitopera ‘De iisfoarstin’ sjonge sil.

De breiklup fan It Hearrenfean is der. ‘As sy lûdop seit dat se in stokje haakt, doch ik ek in stokje.’ Op tafel, tusken de kofjekopkes lizze bollen sulverkleurich jern en papieren mei haakpatroanen. De frou bûcht har oer de wurkbeskriuwing. ‘Sa reitsje ik yn ’e tiis, ik moat in dûbel stokje.’ Ien kear yn de fjirtjin dagen komt de breiklup by elkoar, ‘hiel gesellich’ en doe’t sy in brief krigen mei it fersyk om nei Ljouwert te kommen om fersierings foar de jassen fan de koarleden te haken, seinen se spontaan ‘ja’. Oaren stean op de mailinglist of kamen op de oprop yn de brosjuere dy’t ûnder de Freonen fan Tryater ferspraat wurdt ôf. Oft sy nei de strjitopera sille, freegje ik. Ien fan de dames hat al kaarten besteld, want as ‘freon’ krijst koarting. De brosjuere wurdt derby helle. Sân euro koarting, dat skeelt!

Se fiele har tige belutsen by Tryater. Ien fan de frouwen hat har ek opjûn hat foar it naaien fan kostúms, har man sil as sjauffeur meiwurkje. Der is immen dy’t jassen makke foar ‘Orfeo’, wurke as kaartkontroleur by King Lear en yn 2008 as publyksbegelieder meiwurke oan de 11stêdetocht. Guon oanwêzigen litte witte altyd alle foarstellings te sjen. ‘De 11stêdetocht, dêr kin ik no nóch lyrysk fan wurde’, beart ien en immen oars sil de oaredeis nei ‘Heimwee nei Hurdegaryp’. Har man sil ek mei, mar wol ‘ûnder protest’. ‘Wol dines altyd wol mei?’ Der is de leafde foar it teater. De frou, dy’t foar my oer sit, komt út in toanielhúshâlding, fertelt se. Beide âlden wienen profesjoneel akteur en spilen noch by it selskip fan Barend van der Veen. Har buorfrou oan tafel wie fyftich jier lang belutsen by de teaterwrâld, ûnder mear as regisseur, en sy – Sjoerdtje Zoer – is der noch altyd grutsk op dat sy ea by Barend van der Veen begûn, yn it stik ‘De Aldehou, in âld gebou.’

‘Hjir stiet “een stokje op het werk”, wat bedoele se toch mei “werk”?”

Wurdt der earst noch weromtocht oan de gerdinen – fan dy strookjes – en de spreien dy’t yn de jierren santich haakt waarden – geweldich! – oan ien fan de tafels komt op in stuit it ûnderwerp ‘wurk’ op it aljemint. Dêr is de jonge frou dy’t har baan kwytrekke, in jier lang sollisitearre, om ’e nocht, en besletten hat foarlopich frijwilligerswurk te dwaan. ‘De easken op de arbeidsmerk wurde hieltyd heger, moatst op syn minst in MBO-4 diploma ha om noch oan de slach te reitsjen.’ De beide oaren wurkje yn de soarchsektor. It sil har tiid wol duorje, ‘wy ha noch fêste kontrakten’, mar oer jongere kollega’s meitsje se har soargen en ek yn ’e soarch komt de latte hieltyd heger te lizzen: al dy kontrôles, bijscholing, ‘it hâldt net op’ …

Ynienen sjoch ik in bekend gesicht. Dat swarte hier … Wie sy ek net belutsen by Leeghwater, de foarstelling dy’t BUOG ôfrûne jier yn de haven fan Breezanddijk brocht? Fannemiddei haakt se, mar it leafst soe sy regywurk dwaan. Of coache. ‘Mar it jild is op,’ klinkt it fleurich, ‘al kinne se noch wol jern keapje.’ Hienen se foar De iisfoarstin dûnsers frege, dan hie se miskien oan de foarstelling meiwurke, mar se fregen sjongers. Se giet mei de nulle ûnder de tried troch, krijt ’m op en hellet de tried troch de lus. ‘Wat in geprigel, ju, mei dy blikjes yn it jern.’ Dejinge dy’t fertelt dat sy poppespiler is, ‘brei-events’ en ‘theaterwandelingen’ organisearret, lient wolris materiaal by Tryater en wol dizze middei wat foar har werom dwaan. Sandra Visser, stelt sy har foar. ‘Ik heb wel mensen nodig,’ seit se tsjin de swarthierrige, ‘gewoon iemand die stampot kan koken, maar jij bent meer van de regie?’ Algau wikselje de beide adresgegevens út.

Yn de seal stiet in paspop, in wite jas oan mei dêrop de sulveren iisblommen, nei it ûntwerp fan Linda Eijssen. Frijwillichster Tryntsje van der Meer leit út dat it haakwurk ferstevige wurdt mei houtlym. It kin ek mei sûkerwetter, witte guon. Sa dienen har memmen it, doe’t sy as famkes noch linten yn it hier droegen. Mar stel dat it reint, as it koar tidens de útfiering fan De iisfoarstin, de jassen mei de glinsterjende iisblommen derop oan, troch Ljouwert giet, ‘dan krijst fallende stjerren.’ Der wurdt lake. Houtlym dus.

 

Yn de Moanne nûmer 1 sil in fraachpetear mei Ira Judskovskaja oer De iisfoarstin te lêzen wêze en op demoanne.nl komt sa om ’e fjirtjin dagen in bydrage oer oer de tariedings op de produksje fan dizze strjitopera. Sjoch ek www.tryater.nl.

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.