Stimmen foar Liet set útein

Publisearre op 4 juni 2024

It Fryske publyk kin fan hjoed ôf online in stim útbringe op ien fan de fyftjin akts, dy’t noch yn de race binne foar in finaleplak fan Liet 2024. It Fryske sjongfestival wurdt dit jier op tongersdei 19 septimber hâlden yn poppoadium Neushoorn yn Ljouwert. De akt mei de measte stimmen fan it Fryske publyk kwalifisearret him streekrjocht foar de finale. Der kin stimd wurde fia www.liet.frl. (skroll nei ûnderen om de ferskes en fideos te beharkjen.) De oare sân finalisten wurde oanwiisd troch de seleksjesjuery, besteande út Pieter de Boer (muzikant en sûnt koart muzykresinsint), Christa Niklewicz (dichteres), Denise Rivera (sjongeres) en Wim Brons (radiopresintator Omrop Fryslân)

“It hat bliken dien dat it Fryske liet en de Fryske muzyk libbet. Foarich jier waard der massaal stimd en lei sels de webside der eefkes út! We hoopje fansels dat ek dit jier it Fryske publyk ús evenemint wit te finen en harren favorite akt nei in finaleplak stimt!”, sa seit foarsitter Frans Veltman fan Stifting Liet. Oant en mei freed 14 juny kin der stimd wurde op ien fan de folgjende acts: Sequens, Hannah Hoogsteen, Elise Westerhof, Albert Meijer, André van der Weide, Azem, Sadelrûkers, 2nd Try, Sina Keuning, De Orbs, Pietrik & Trynke, Fegebart, Lotte & Berend en Gerben Kooistra.

De kaartferkeap set ynkoarten út ein fia Neushoorn.

 

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels