Spannende proazasimmer: Tamara Feddema

Publisearre op 17 augustus 2024

Dizze simmer publisearje de Leeuwarder Courant en ‘de Moanne’ in searje ferhalen fan sân begjinnende Fryske skriuwers oer it tema ‘spanning’. Talintfolle yllustratoaren meitsje by elts ferhaal in ôfbylding. Skriuwer Tamara Feddema en yllustrator Sanne Visser binne de sechsde yn dizze rige.

 

It blommefjild
 

Ik tink der elke simmer oan.

Hy gûlt. Efter de siken. Raast mei oerslaande stim myn mem har namme. Dy fan myn susters der efteroan: ‘Yfke! YFKE! YFKE! O God. GOD! YFKE! Ús Brecht! Lammertsje! Brecht en Lammertsje! O God!’

Myn mem har sjongerige, sliepperige stim: ‘Ate? Wat is dêr oan?’ In doar giet ticht. Ik hear dat syn stim lûd bliuwt en dat hja yn tsjusterjende toanen op him ynpraat. Mar de wurden kin ik net gewaar wurde.

It folgjende momint dat ik my heuch is dat dêr in blau swaailjocht troch myn keammerke glydt. Ik doch de eagen wer iepen. Myn susters sitte by my op bêd. De finger op harren lippen. Se ha de boartersklean noch oan.

‘Wat ha jimme dien?’, flústerje ik. 

Brecht skodhollet. Neat. Ik sjoch nei Lammertsje. Sssssttt.

Dêrnei bin ik, tinkt my, yn sliep fallen, want ik heuch my neat oer dat ik de plysje heard ha. Allinnich mar dat blauwe skynsel op myn muorren.

Mem makket my betiid wekker. Se sjocht bleek en hat reade rauwe rântsjes ûnder har leave brune eagen. ‘Wat is dêr, mem?’, freegje ik.

‘De plysje hat heit meinaam en dyn susters…’ Se stoppet hiel abrupt yn har sin. Slacht de linkerhân foar de mûle.

Ik besykje it ferhaal kompleet te krijen: ‘Hat heit Brecht en Lammertsje slein dan?’ Dat liket my al hiel slim. Mar myn mem kin allinnich mar gûle. Ik klim út bêd, sadat ik har oankrûpe kin. Op dat stuit stekt buorfrou Hinke de holle om de doar. ‘Kom mar even mei Hinke mei, lyts wyfke, dan meitsje we efkes wat lekkere kofje.’

Op saterdei mei ik altyd in lyts bytsje kofje leppelje fan heit. Ik fyn it o sa leaf fan Hinke dat sy dêroan tinkt. Mei smaak snobje ik de sûker mei kofjemolke en in lyts stealtsje kofje út myn kopke.

‘Hat er se fermoarde neffens harren?’, freegje ik. 

Hinke sjocht my oan mei eagen op stâltsjes. ‘Ja, hoe witsto dat?’, antwurdet se.

‘No, dat sil de plysje wol tinke, oars nimme se heit net mei ommers,’ antwurdzje ik, tige ynnommen mei yn eigen snoadens.

‘O’, sei Hinke, ‘Nee, Knilles hat se fermoarde. Heit hat him dêrom yn mekoar huft en dêrom hat de plysje him meinaam.’ 

Ik sjoch har oan en sis neat. De koartste klap is om myn susters op te heljen. Ik strûp de trap op nei myn keammerke. Myn mem sit noch hieltyd op de râne fan myn bêd. Ik stryk har hoeden oer it wang en rop dan: ‘Brecht en Lammertsje, kom mar tefoarskyn, dêr oerkomt jimme neat.’ 

Myn susters binne dêr fuort. Ferromme sjoch ik fan harren nei ús mem. Ferbjustere sjocht mem my oan. Hinke is my efternei strûpt en komt ek de sliepkeamer yn.

‘Leave’, seit se, ‘dyn suskes binne dea.’

                                              ***

Ik bin dêr hinne fallen, ha se my letter ferteld.

Dy dei kamen myn suskes net thús om te iten. Altyd, altyd wienen se op tiid, oars lieten se it wis en seker witte. Myn heit gie fuortdaliks by de buorlju lâns om te freegjen wa’t de fammen sjoen hie en at se meihelpe woenen te sykjen. Elkenien, de heiten en de opskeaten soannen, hja gienen allegearre fuort mei.

Knilles ek.

Op in gegeven momint stelde immen foar om de lannen yn te gean. Miskien wienen de famkes kikkerts oan it fangen of sokssawat? Nei in lyts oere omhúsmanjen en roppen oan Brecht en Lammertsje yn ’e blommefjilden sei Knilles lûdop: ‘Wa’t dit op syn geweten hat, moatte se ek dea dwaan.’

Op dat stuit like it wat in ôfwaaide, pessimistyske, opmerking en dêr waard reageare mei in: ‘Doch even gewoan, ju, swartkiker.’

Mar doe’t se de ûntsiele lichems fan Brecht en Lammertsje fûnen mei bloed yn de omstrûpte ûnderbroekjes, krige ús heit it read foar de eagen.

Mei in gjalp fleach hy op Knilles ôf en grânze him ta: ‘Dû witst dit al! Dit hastû dien!’ en hy seach him allemachtich nei. Gjinien hulde heit tsjin of besocht om Knilles te rêden. Doe’t hy útslein wie, joech heit it oarder om de plysje te beljen. Sels gie hy, dwers troch de lannen hinne, nei ús mem ta.

Knilles rekke sa slim ferwûne fan it pak op ’e baulich dat hy trije dagen yn koma lei en acht wiken ferpleging yn it sikehûs nedich wie.

Heit krige fiif jier, wat yn dy tiid net folle wie; hy koe sich beroppe op ferdigening of ‘noodweer’. Neffens de rjochter wie it:

‘(…) een vader zijn privilege om de eer van zijn eigen kinderen te verdedigen, ongeacht of deze kinderen dood danwel levend zijn. Eveneens acht de rechter bewezen dat er sprake was van verzachtende omstandigheden, daar het aannemelijk gemaakt is dat, gezien de gruwelijke omstandigheden waaronder de verdachte de stoffelijke overschotten van zijn eigen, minderjarige, (vrouwelijke) kinderen aantrof, de verdachte hierdoor in een staat van psychische shock danwel tijdelijke verstandsverbijstering kan zijn, of is, beland.’

Mar omdat Knilles in bern fan fjirtjin wie en himsels net ferdigenje koe tsjin sa’n bear fan in keardel as myn heit, koe de rjochter him gjin ‘vrijwaring van straf’ tawize.

Myn heit krige nei trije moanne fêstsitten ûnferwachts ‘gratie’ fan HKH Keningin Juliana. Wy binne dêr nea efterkaam troch wa en hoe’t it mooglik makke is. Mar heit wie tankber, ek al hie hy oansjen yn ’e finzenis en hat gjinien him ea ta lest west.

Knilles krige allinnich tbs en is op syn earste wykeinútstapke ‘ferûngelokke’. Op de kop yn in sleat mei de trekker. It ferhaal giet dat de doarpelingen him dronken fuorre ha.

It wie doarpsfeest, dat de plysje fûn it net fertocht dat it ûngelok net earder opmurken wie. Om deselde reden fûnen se it ek net frjemd net dat it lyk mear nei drank stonk as nei blauwe modder. Ast dêr no immen nei fregest krijst te hearren: ‘Wat bedobbe is, moat bedobbe bliuwe.’

Myn suskes ha ik nea wer sjoen.

– – – – – – – –

Biografyen

Tamara Feddema (1976) is opgroeid yn de Fryske Wâlden, se skriuwt gedichten, koarte ferhalen en deiboeken. Dit docht se yn it Frysk, Ingelsk en Nederlânsk. Wennet sûnt 1999 yn Ljouwert. Sûnt 2024 is se kursist by de Skriuwersfakskoalle. Se lit sich ynspirearje troch feit en fiksje, troch natoer, muzyk en oare keunststreamings. De toan fan har wurk fariearret tusken romantysk, wreed, hufterich en filosofysk.

Sanne Visser

Sanne Visser is de ‘holle’ efter Waarzitjemetjehoofd. Troch de wike stiet se foar de klasse as dosint  Beeldende Vorming & CKV. Yn har frije tiid makket se linosnedes, stickers en yllustraasjes. Se ferwurket dat  wêr’t sy in fasinaasje foar hat yn har yllustraasjes. Op har Instagram @waarzitjemetjehoofd dielt se har keunstwurken en is te sjen wêr’t sy sit mei har holle op dat stuit.

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels