Rely-priisfraach 2023 iepensteld
Publisearre op 17 maart 2023
De Rely Jorritsmapriisfraach foar Fryske ferhalen en gedichten is wer iepensteld. It is de 69ste kear dat de priisfraach útskreaun wurdt. Wa’t gading meitsje wol, kin in ferhaal en/of fers ynstjoere. In ûnôfhinklike sjuery hifket de ynstjoeringen anonym en
kin maksimaal fiif ferhalen en fiif fersen bekroane. Elk bekroand ferhaal of gedicht wurdt honorearre mei 1000 euro. De ynstjoertermyn slút 15 maaie o.s. De sjuery bestiet út Beart Oosterhaven, Oene Spoelstra en Marrit de Schiffart.
Rely Jorritsma (Jellum 1905 – Nijmegen 1952) hie yn syn testamint bepaald dat der alle jierren in priisfraach útskreaun wurde moat foar de bêste fiif gedichten en fiif ferhalen yn de Fryske taal. Al sûnt 1954 wurdt syn winsk útfierd. De stifting Rely Jorritsmafûns hat de organisaasje opdroegen oan de stifting Frysk Letterkundich Museum en Dokumintaasjesintrum (FLMD).
De ynstjoeringen moatte digitaal as bylage ferstjoerd wurde oan rely@stiftingflmd.frl. Namme, adres en telefoannûmer fan de ynstjoerders moatte apart yn de e-mail fermeld wurde, mar bliuwe geheim foar de sjuery.
Foar mear ynformaasje sjoch de webside
www.stiftingflmd.frl
Kategory
Tags
Gjin tags
Diel dit artikel!
Relatearre artikels
Kategory: Poëzij
HANS PETER WESTIN - I Zelfportret met kroonpen Hij legt de taal op zijn palet en kneedt met staal de tussentint waarin zijn [...]
Kategory: Literatuer,Resinsje
SJOERD BOTTEMA - Jacob Nauta syn beppe is mâl mei har hinnen. Se praat dermei. ‘Kwòòòk-hoe-wiiie-it-meiiii-jim-kwòòòk-kwòòòk-ha-jim-ekaaaaien-ein-kwòòòk?’ En hoewol’t de hinnen allinne mar ‘kwòòòk?’ weromsizze, [...]
Kategory: Literatuer,Poëzij,Ynterview
HENK VAN DER VEER - Poëzij libbet yn Fryslân. Mar hoe stiet it der mei dy poëzij foar? Dêr sprekke dichters (m/f) har yn dizze [...]