fotografy: Tryater

Psst, er is een psychiater in de zaal

ELSKE SCHOTANUS – 

Leafde yn tiid fan iensumens
De stuollen stean op de flier, it toaniel is ferhege, as wie it in doarpshûssealtsje en dat is de setting dêr’t ‘It famke en de twiveler’, in nij projekt fan Tryater, yn de takomst sûnder mis spile wurde kin. It stik is in bewurking fan de jierren fyftich Broadwayhit ‘Two for the Seesaw’, in spul foar twa spilers, yn 1962 ek ferfilme, oer de leafde tusken in advokaat en in dûnseres. De advokaat, Johan Bakema (Lourens van den Akker) is by de frou wei as er Gearte (Ali Zijlstra), in jonge dûnseres, moetet. Hy doart har net daliks oan te sprekken, mar skillet har in dei letter, mei as ferlechje dat sy in kuolkast te keap stean hat. De advokaat is troud mei Tess en it is oan har en har heit dat er syn karriêre te tankjen hat. Mar dat is krekt it knipepunt yn harren relaasje en yn it dûnsereske, dat earm is en fysike swierrichheden hat, hopet er in frou te finen dy’t ôfhinklik fan him is yn plak fan oarsom. It stik is in ûndersyk nei wat leafde krekt is. Hy, Johan, is iensum, op syk nei treast; sy, Gearte, is ien fan dy seldsume types dy’t meitsje dat oaren har gelokkich fiele, mar úteinlik is it Tess dy’t sa djip yn Johan sit, dat de relaasje hopeleas blykt.

Al wurdt mei ‘Strangers in the Night’ en ‘The Moon is Yellow’ fan Frank Sinatra in knypeach jûn nei de jierren fyftich, it stik is nei in lettere tiid helle. Werkenber gekissebis en relaasjegedonder mei de nedige humor en goed spile. Dêrby set de moaie, libbene Ali Zijlstra in hearlike (be)Gearte del.

 

Oan ‘e ein fan de foarstelling wize de spilers op in psychiater dy’t yn de seal sit en dy’t men, mochten der fragen oer it ûnderwerp wêze, nei ôfrin oansjitte kin.

 

De NS set bussen in
Nei it skoft krige it kollektyf fan sân jonge keunstners Illustere Figuren de gelegenheid om in (Nederlânsktalige) foarstelling oer selsmoard ­– harren earste – oer it fuotljocht te bringen. Ien fan de dissiplines fertsjintwurdige yn it kollektyf is de sjoernalistyk en de basis fan ‘De NS zet bussen in’ is dan ek in ANP-berjocht oer in gefal fan selsdeading op it spoar. ‘It is gjin reis nei it paradys, it is in flecht út de hel’ seit de flyer.

It is in stik foar twa spilers, Raymond Muller en Tim Verbeek. Hearst de belle, der is it reade ljocht fan de seinlampen, projektearre op in ienfâldich dekôr fan steande planken, it lûd fan de trein yn ’e fierte en de man dy’t op it spoar stiet. Der komt ien dy’t besiket him te rêden, mar hoe krijst immen safier dat er syn foarnimmen farre lit? It wurdt in ûnhandich petear mei fragen as: ‘Sta je hier vaker?’ De rêder – nammen krije de persoanaazjes net – hat in omke dy’t himsels tekoart dien hat troch fan it dak te springen en hy fertelt hoe’t in plysjeman besocht hat de selsdeading tefoaren te kommen. It giet oer de driuwfearren fan de selsmoardner wêrby’t syn tinzen oan in selskeazen dea útdrukt wurde op in skaal fan ien oant hûndert. Hy sit op 85, mar der ha ek mominten west dat it 35 wie en even flakkert de hope op dat it oait tsien wurde kinne soe, of miskien wol fiif …

Wat er dwaan sil as er fan it spoar ôfstappe soe, freget de rêder op in stuit en it antwurd begjint hoopfol. Miskien moetet er in leuke frou, wurdt er sels heit fan in dochterke, mar algau teart de takomstferwachting om yn in folsleine mislearring.

Al is it ûnderwerp noch sa tsjuster, sa’n dialooch hat wat hilarysk en it publyk laket. In soad minsken ha mei it fenomeen selsdeading te krijen: ‘Ik bin de masinist’, sa begjint de rêder in lange opsomming fan belutsenen, likegoed slachtoffers dy’t ûntheistere achterbliuwe.

Oan ‘e ein fan de foarstelling wize de spilers op in psychiater dy’t yn de seal sit en dy’t men, mochten der fragen oer it ûnderwerp wêze, nei ôfrin oansjitte kin en ek is der yn de foyer in hoekje frijmakke mei ynformaasje oer 113online.nl, in online platfoarm foar suïsideprevinsje mei ûnder mear in helpnûmer, chatmooglikheden en online terapy.

Op it terrein fan in psychiatrysk sikehûs hat, yn it ramt fan in keunstprojekt, yn in tintsje dêr’t net mear as in hantsjefol publyk yn koe, ris in yndrukwekkende film te sjen west. It gong om ien lang shot fan in man yn in stoel dy’t dêr mar wat siet. Te sitten. Swijend. Oeren oanien. En ta neat komme. Sels net ta selsmoard, mar it byld makke de mooglikheid dat dizze man op in stuit al oer de râne fan it libben stappe kinne soe, tige ynfielber. De fraach is oft ‘De NS zet bussen in’ – in prachtich passende titel – selsmoard like ynfielber makket as dizze film. Yn elk gefal net as it om it perspektyf fan de man dy’t op it spoar stiet giet, dêrfoar komt hy fierstente rap oer, goed fan ’e mûlriem snijd en, wat de tekst op ynhâld sjoen ek seit, net as ien dy’t it libben sêd is. Toch liket ‘Illustere Figuren’ him mei foldermateriaal oer (sels)help rjochtet te rjochtsjen op potinsjele selsmoardners, mar it perspektyf leit folle mear by de rêder dy’t tagelyk ek alle neibesteanden is. ‘Ik bin de masinist’, sa begjint de rêder in lange rige fan belutsenen, ‘Ik bin de kondukteur… ik bin de heit… (…)’

De ynsidinsje fan it tal sels deadingen nimt de lêste jierren ta: yn 2012 gong it om 1700 minsken dy’t harsels tekoart dienen. Op it ûnderwerp rêstet noch altyd in taboe en yn dy sin kin toaniel in bydrage leverje oan it besprekber meitsjen fan suïside, bygelyks foar in publyk fan helpferlieners (yn oplieding), selshelpgroepen fan neibesteanden en miskien ek foar dy fjouwerhûnderttûzen minsken dy’t de gedachte om der in ein oan te meitsjen wolris troch de holle spoeket. Mar dat lêste is tagelyk prekêr, want neist psychiatryske problematyk as grûn foar de sprong spilet it copycatfenomeen ek nochris in rol…

 

De sneak preview yn it Tryater-gebou brocht 27, 28 en 29 novimber twa stikken, It famke en de twifeler en De NS set bussen in. It giet om ‘work in progress’, foarstellingen dy’t noch net (hielendal) klear binne.

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.