Proazasimmer ‘de Moanne’ en Leeuwarder Courant

Publisearre op 5 juli 2024

‘de Moanne’ en de Leeuwarder Courant wurkje dizze simmer foar de twadde kear gear yn in rige ferhalen dy’t sawol yn de krante (print en online) as online by ‘de Moanne’ publisearre wurde sille. It giet om totaal sân ferhalen dy’t troch de simmer hinne yn de krante stean sille.  Oan alle skriuwers wurdt in yllustrator keppele dy’t in byld meitsje sil by it ferhaal dat past by it tema ‘spanning’. It earste ferhaal is 13 july te lêzen.
‘de Moanne’ sil ek in aparte útjefte meitsje, in bondeltsje mei dêryn alle ferhalen en yllustraasjes. Dizze ferhalebondel komt rûn ein augustus út.
De skriuwers dy’t in ferhaal leverje sille, binne Piter Banga, Tjeerd Schuhmacher, Gabrielle Terpstra, Tjitske van Dijk, Lara Kool
Tamara Feddema en Tryntsje van der Steege.
De yllustraasjes wurde fersoarge troch Gitte Brugma, Peter Boersma, Berend Moed, Annabel Adema, Beau Bente van de Ploeg, Sanne Visser en Marije Muskens.
Yllustraasje: Peter Boersma
Kategory
Tags

Gjin tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels