fotografy: De fleurichste jierdei fan Sinteklaas

Printeboek oer Sinteklaas mei hjoeddeisk ljocht op Pyt

Sinteklaas komt moarn wer yn it lân. Corona werpt opnij in skaad oer de yntocht. Mar in grutter skaad foarmet dochs wol de stege striidberens fan de Pyten-brigade dy fêsthâlde oan in swarte Pyt mei negroïde trekken. Henna Goudzand Nahar skreau der in fleurich printeboek oer dat resint oerset is nei it Frysk.

In 1952 ferskynde by gelegenheid fan een Frysk-Surinaamske kontaktdei een Suriname-nûmmer fan it Fryske literêre tydskrift De Tsjerne ( 1946-1968). Friezen en Surinamers werkenden inoar yn de striid foar erkenning fan de eigen taal. Gedichten, ferhalen en sa fierder fan de leden van Wie Egi Sanie (Ons eigen ding/Het eigene) wiene oerset fan it Sranan tongo nei it Frysk. Lykas de Friezen stribben de Surinaamske studinten, arbeiders en keunstners en fan Wie Egi Sanie nei de wurdearring fan it eigene.
Mei De fleurichste jierdei fan Sinteklaas bringt in Surinaamske frou tegearre mei in jongeman út de polder eat werom nei de Friezen.

Printeboek

De fleurichste jierdei fan Sinteklaas is in printeboek foar jong en âld wêryn op lichte, humoristyske en respektfolle wize de emoasjes fan alle alle partijen rûn it sinteklaasfeest ûndersocht wurde. It boek is te keap by de Afûk-winkel en op de jûn yn Dbieb.

It ferhaal yn it koart:

Fer, in swarte jonge, wurdt frege as akrobatenpyt. Ien kear yn it hûs fan Sint krijt hy it muoilik mei it swart sminken en it dragen fan in Afro-prúk. Dat fynt Fer net logysk, want hy is al swart en hat al afrohier. Sinteklaas kin dat begripe en stelt foar dat in elk nei syn feest giet sa’t dy is. Mar ek de schminkpiet en de prukenpiet wolle der by hearre. Dat begrypt Fer. Yn goed oerlis farre se allegearre yn harmony fuort út Spanje.

DBieb - In jûn oer diversiteit, ferhalen en rituelen

DBieb – In jûn oer diversiteit, ferhalen en rituelen

DBieb – In jûn oer diversiteit, ferhalen en rituelen

Trochprate oer it ûnderwerp kin takom wike mei skriuwster Henna Goudzand Nahar, oersetter Theunie Zijlstra en professor meartaligens Joana da Silveira Duarte.

Plak: Dbieb Leeuwarden
Dei en tiid: tiisdei 16 novimber 19:30 – 21.00 oere
Fergees!

 

 

 

 

Mear witte?

Klik hjir foar mear ynfo oer Henna Goudzand Nahar en de aktiviteit yn Dbieb.

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.