Pilotgearkomste kursus Gaasterlânsk

Publisearre op 1 mei 2024

Takom tongersdei 2 maaie meie we los mei it Gaasterlânsk! Altyd al wat mear witte wollen fan dy bysûndere fariant fan it Frysk? Kom dan tongersdei nei de biblioteek yn Balk.

Yn in pilotgearkomste geane wy nei wat startposysje is fan ’e minsken mei ynteresse en wat se wolle. Kenne jo al Frysk? Wolle jo Gaasterlânsk leare te praten of skriuwen? Nei in pear wiken begjint de kursus. Taspitst op ’e winsken fan ’e kursisten. Der komt in boekje mei lesmateriaal, der is sels húswurk! Mar ast meidochst, joust sels rjochting oan ’e kursus. Yn petear yn it Gaasterlânsk om te oefenjen. Of skriuwopdrachten om dysels op ’e proef te stellen. Jou it oan! Sa krije we it Gaasterlâns op skrift en op ’e kaart.

Wannear’t jo op boppesteande link klikke, komme jo úteinlik út by in enkête. Dizze enkête freget (ûnder oaren) nei jo ferwachtings fan de kursus: wolle jo leaver Gaasterlâns prate leare, skriuwe, lêze of begripe? Mei de antwurden dy’t ferkrigen binne fia dizze enkête sil ik oan ’e gong om it lesmateriaal alfêst ôf te stimmen op de winsken fan de partisipanten. Sa is der in wikselwurking tusken kursist en dosint wat ynhâld fan de lessen oangiet. Om mei te dwaan mei de pilotgearkomste en de dêrop folgjende kursus, kinst dy opjaan. Sjoch wer boppesteande link. Der is noch plak! Graach sjoch ik jo temjitte kommende tongersdei en kommende simmer. Meimekör meitsje we der wat moais fan!

Kategory
Tags

Gjin tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels