fotografy: National Gallery of Slovenia, CC BY-SA 4.0 , via Wikimedia Commons

Paradys foar oplichters

Arjan Hut –  Der spûkje my in pear rigels fan in gedicht troch de holle, en ik kin net weromfine wêr’t ik it wei ha. Ik tink fan Charles Bukowski, oer Jezus dy’t noch mar krekt as in stik spek (‘bacon’) oan it krús hinget, of ‘already the conmen are raking it in.’ Google wol my net  helpe en it komt der op del dat ik it sammele wurk fan de man mar ris troch moat, wylst hoopjend dat ik by de goede dichter sit. 

Hawar, peaske foar de doar. It folk keas massaal foar Barabas, en ik ha gjin nocht om fannejûn nei de Passion op tv te sjen. Ik sykje de drokte fan it Skriuwerskafee op, miskien wit ien dêr hokker fers ik bedoel.

In skoftke lyn, yn de bus, moast ik oan ‘conmen’ oftewol ‘oplichters’ tinke, ek al troch in rigeltsje wat ik yn de holle hie. “Believe in me, send no money / I died on the cross and that ain’t funny / But my so called friends they’re making me a joke / They missed out what I said like I never spoke.” Nei wat djip analysearjen en meditearjen wist ik it werom te finen. In single fan Iron Maiden út 1990, Holy Smoke. It wie de tiid fan TV-evangelisten yn de United States, doedestiids in paradys foar oplichters. 

De klip by Holy Smoke is de flauwe kant neist, en miskien ek net in hichtepunt yn it oeuvre fan de Britske heavy metal-leginde. In lytse acht jier earder brocht Maiden de klassiker The number of the beast út, dat wie it bettere wurk. Ek Uriah Heep makke yn dy snuorje in nûmer oer de Amerikaanske tv-evangelisten sa ein jierren 80, begjin jierren 90, it kreaze Voice on my tv. “The money flows and flows /And no one cares enough / To know where it goes.”

Televengalists as Jim Bakker en syn frou Tammy waarden ryk fan de donaasjes fan naïve leauwigen. De donaasjes gong op oan luxe, drugs, hoeren … nee, net foar de Heare, mar foar de predikant. It gong goed oant it ferkeard gong. It bedroch kaam út, en yn de finzenis lies Bakker foar it earst de bibel. Suïcidal Tendencies song in ferske oer om jild biddeljende hypokriten: Send me your money, ek út 1990. “So whose gonna be the next king of the fakers / Whose gonna take the place of Jim and Tammy Faye Bakker?”

Yn 1991 gong in band mei de bibelske Genesis namme der nochris oerhinne. “God will take good care of you /Well, just do as I say, don’t do as I do.” De iene nei de oare oplichter gong mei de billen bleat. Even like it derop dat de konservative, nasjonalistyske weach yn it USA foarby wie. De skynhilligen ûntmaskere! In pear jier letter kaam ynternet.

Mar fan wa is no dat gedicht oer bacon en conmen?

 

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.