Orakels foar in kleare siel

Publisearre op 13 september 2009

KLAAS VAN DER HOEK – Oer Equinox fan Tsjêbbe Hettinga

Athenaeum Boekhandel yn Amsterdam hie koartlyn foar it earst in folslein Frysktalich boek op foarrie: Equinox fan Tsjêbbe Hettinga. De troch Barbara Jonkers foarnaam foarmjûne dichtbondel waard sels in plak gund op de toantafel poëzy. It bringt jin wer even yn it sin dat de winner fan de Gysbert Japicxpriis 2001 net allinne yn Frysk-literêr fermidden as in grutheid jildt, mar ek furoare makke hat by in ‘Hollânsk’ en ynternasjonaal publyk.

Dy furoare – it ferhaal is bekend – begûn, doe’t Hettinga yn 1993 fan him hearre liet op de Frankfurter Buchmesse. Sûnttiid hat er in praktyk opboud as performing poet, mei optredens as solist yn binnen- en bûtenlân (op YouTube is er oan it wurk yn Medellín), mar ek mei teaterprogramma’s dêr’t foardracht yn ôfwiksele wurdt mei muzyk fan de jazzband Breed Freed. Ek kamen foardrachten op cd út. Syn tsjintwurdige publyk telt mooglik mear harkers as lêzers. De leafhawwers dy’t it Frysk net machtich binne, waarden betsjinne mei meartalige bondels en tekstboekjes: dichtwurk fan Hettinga is beskikber yn it Nederlânsk, Ingelsk, Dútsk, Frânsk en Spaansk.

Hettinga sjen en hearre as er foardraacht is in literêr event. Achter de mikrofoan stiet in healbline bard, it sâlt fan de see noch yn ’e snor, dy’t út ’e holle lange fersen resitearret. Syn ûnneifolchber modulearjende stim lit noch mear diftongen klinke as dat it Frysk fan himsels al hat. It is Bernlef sels dy’t dêr op dat poadium it wurd hillicht. Mar it is gjin poppekast. Hettinga syn imago en performance binne in autentyk ûnderdiel fan syn dichterskip, sa’t ek dúdlik waard út de dokumintêre Yn dat sykjen sûnder finen, dy’t Pieter Verhoeff yn 2006 oer him makke.

Tagelyk triuwe se de ynhâld fan syn poëzy wolris nei de achtergrûn. In Hollânsktalige resinsint fûn it sels in foardiel gjin Frysk te ferstean, want dat soe ôfliede kinne fan Hettinga syn ‘passievolle voordracht’. Mar ek foar Frysktaligen is net maklik nei te kommen wat er no krekt meidielt. Op papier blike de teksten massyf en kompleks te wêzen. No binne klank, ritme en oare kwaliteiten dy’t yn diksje ta utering komme fansels wêzentlike aspekten, mar foarbygean oan de ynhâld docht Hettinga syn wurk tekoart: de man is gjin dwyl preuveljende pryster, mar in evokatyf ferheljende dichter.

 

Animistysk en assosjatyf
Yn de foargeande bondel, Fan oer lân en fierder (2001) en op de cd It doarp Always Ready (2000) ûntjoech it ferhaal him yn skeakelings fan canto’s. Mei-inoar foarmen dy in ienheid dy’t paste yn it sjenre dat de Angelsaksyske literatuerskôging oantsjut as long poem. De 36 gedichten yn Equinox, ûnderbrocht yn trije skiften, binne koarter as dy eardere canto’s en hawwe in lossere gearhing. Twa tema’s oerhearskje: de emigraasje út it eigen ferline en de emigraasje út it heitelân. Yn beide gefallen is de kleau grut. Tiid skiedt de ik fan syn jeugd, oseanen skiede de migrant fan syn bertegrûn. Mar tal fan madeleines helje de mytyske bernejierren fol greiden, hea en hynders op yn it ûnthâld, en sitaten (út brieven faaks) jouwe glimpen út de saga fan lânferhuzers. Wyn, wolken en skippen lizze ferbinings tusken doe en no, tusken dêr en hjir.

Of better sein: de taal dêr’t dy eleminten namme en betsjutting yn krije, leit dy ferbinings, mei taaltechnyske middels en mei in fracht oan referinsjes en metafoaryk, dy’t literêre tradysjes fan ieuwen fuortsette en tagelyk in partikuliere symboalewrâld stal jouwe. It binne dan ek de taalmacht en it bewustwêzen fan de dichter dy’t dat wat skieden is wer gearbringe yn in grutter ferbân. Yn it poëtikale ‘De skûte’ jout de dichter in eksaltearre selstypearring dy’t tagelyk in opdracht liket:

 

Wis, ik bin in skûte,

Dy’t djipper as de djipste oséaan de godlike

Mythen yn him draacht as orakels foar in kleare siel

 

En dan folgje even letter dizze swide rigels, dy’t ferklearje wêrom’t hieltyd wer Walt Whitman en Dylan Thomas, de beide dichters dy’t Hettinga sels oerset hat, as syn literêre foarfaars neamd wurde:

 

Ik haw de oséanen fan

 

De iensumens yn en

De seeën fan it lyts fertriet, brede rivieren fan

De kleare geniale sprong nei de fertraging en,

Sûnder tragyk, de stadichheid; it wûndere tinken

Fan in blink yn ’e stream, de marren fan de ferswitten

Nachten, de wjitteringen fan de geweken nommen

Kideling, de brede fearten fan de wrede skieding,

De smelle griene sleatten fan

 

De hege polsslaggen.

 

Tsjêbbe op syn bêst. It byld yn dit en oare gedichten is dat fan in kosmos dy’t de dichter opnimt en dy’t troch him bestiet. It is in grutte kosmos, mei kontininten, oseanen, sinne, moanne en stjerren, en it is boppedat in animistyske kosmos, befolke troch minsken, bisten, healgoaden en tal fan besiele saken en ferskynsels. It middel by útstek om alles wat syn wrâld stoffearret libben yn te blazen, fynt Hettinga yn it faak en folle en gauris ek fernimstich brûken fan adjektiven. Sa is der praat fan ‘de ferlegen efterein fan in pleats’, fan ‘knersetoskjende djipten’ en fan ‘redeleas fereale deiljocht’. Der is ‘de siel fan dûnsjend fean’, en oarsom kin in seehaven ‘ûntsiele’ hjitte. It komt sels foar dat besieling earder sjoen wurdt yn in ding as yn in minske, dan stiet der gjin faam himmeljend op in stalt, mar ‘in faam op in himmeljend stalt’.

‘Siel’ is yn Equinox in kaaiwurd; ‘geast’ en ‘God’ kin it sûnder. Geast yn de foarm fan kultuer waait de bondel binnen yn de foarm fan referinsjes oan bibel, mytology, literatuer en byldzjende keunst. Guon binne tige eksplisyt, oaren suver temûk, lykas yn it gedicht ‘Burdaard’, dat úteinset mei ‘in nei binnen iepensteand daksfinster’ – soks bestiet inkeld yn it yn fytslak útfierde universum fan de Burdaarder molkfarder Ruurd Wiersma.

 

Kondinsaasje en konstruksje
Yn it wurk fan Hettinga ropt it iene byld it oare op lâns linen fan logika en semantyk, mar benammen ek troch sintúchlike assosjaasje, dy’t foar in part fuortkomt út syn ûntfanklikens foar synestesy. It makket dat in inkeld mar hermeneutyske analyze fan wat Hettinga yn syn gedichten meidielt net foldocht. Babs Gezelle Meerburg hat dêrom ris pleite foar in literatuerpsychologyske optyk as oanfolling op de deduktyske close reading om sa ‘de ûnderhûdske spanning’ yn it wurk fan Hettinga mear rjocht te dwaan (Leeuwarder Courant, 11 maaie 2001).

Babs hie in punt. Dochs moat de lêzer fan Equinox even puzzelje. Net iens omdat de meidieling sels sa kryptysk is, mar omdat dy brocht wurdt yn in oerfloed oan kondinsaasje en konstruksje. Dat ferget fan de lêzer fermogen ta, en nocht oan, it dekonstruearjen op ferskillende nivo’s. Geart fan der Mear hie dêr tsien jier lyn al syn bekomst fan: ‘al dy adjektiven en al dy byldspraak en almeast ûnferbidlik lange rigels, ik wurd der sa wurch, deawurch fan’ (Trotwaer 1999-8).

En ja, ek Equinox is wer topswier fan wat ik mar even byfoechlikens neam. It meast yn it each rinne de nijfoarme adjektiven en de bytiden Latynsk oandwaande adjektivyske bepalings, dy’t de taal ynklinke as wie it seeklaai. Fingers mei swartlakte neilen wurde dan ‘swartneile’ fingers, en sa binne der ek ‘tichtskjirre’ kreeften en is der ‘seedyksk’ hiem en ‘wylpen’ wee – neologismen dy’t kreativiteit azemje, mar gjin lucht bringe yn it gedicht. De taal wurdt gauris sa oanstampt dat de grammatika yn ’e knipe komt, lykas yn ‘de wrâld, alteast syn wat te sjen is stadich / Yn wat net te sjen is hystearysk weiwurdend besit’. Bedoeld is faaks: it besit fan de wrâld dat weiwurdt, feroaret fan wat te sjen is yn wat net te sjen is, mar wis bin ik der net fan.

Net te min konstruksje typearret ek de strofe- en rigelbou. Op ien nei stelle de gedichten it sûnder einrym, mar se hawwe al strofen mei hieltyd ienselde tal rigels, soms mei noch in ynliedende of ôfslutende strofe fan ien of twa rigels ekstra. De útsûndering is it gedicht ‘Styx’, in filanelle mei de foarmskaaimerken dy’t dêr byhearre, mar dat gedicht, skreaun ta de neitins fan Jan ‘Taverne’ Voorthuizen, stamt al út 1988.

Ek al ferliest in regelmjittige strofebou oan funksje as einrym en rymskema’s ûntbrekke, it jout it gedicht noch altyd struktuer, alteast fisueel. Oars is dat by it hanthavenjen fan fêste tallen wurdlidden de rigel as metrum ôfwêzich is. Hettinga jit elts gedicht lykwols sekuer út yn rigels mei hieltyd likefolle wurdlidden of mei wikseljende tallen wurdlidden yn in fêste ôfwikseling. By net-metryske poëzy docht dat wat neuroatysk oan. It smyt in stramyn, mar net struktuer op en yn Equinox liedt it soms ta nuvere enzjambeminten.

 

Skientme, mar gjin kideling
Mar it docht amper ôfbrek oan de tsjoen dy’t fan Equinox útgiet. Yn klank, ritme, kleur en byld ropt Hettinga in fan eardere generaasjes oerurven wrâld op dy’t er him dichterlik ta-eigenet op in wize dy’t bewûndering ôftwingt. Tagelyk jout syn poëzy dy wrâld net troch. De lêzer bliuwt, krekt as by Hettinga syn foardrachten, in passive harker dy’t tasprutsen wurdt. Hy ûnderfynt, om it op syn Tsjêbbes te sizzen, skientme, mar gjin kideling. Jawis, Equinox is hjoeddeiske poëzy, mar dochs minder fan it aktuele as fan it modern-klassike soart.

Tsjêbbe Hettinga, Equinox, Friese Pers Boekerij, Ljouwert 2009.

 

Earder publiseard yn de Moanne, 8 (2009),  7 (septimber), s. 37-38.

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels