André Looijenga
fotografy: Geart Tigchelaar, André Looijenga

Optrede foar de frede (4) – André Looijenga: Молитва за Україну/In bea foar Oekraïne

Snein 13 maart kamen dichters, skriuwers en muzikanten gear yn Ytkafee De Basuin yn Ljouwert foar in kulturele manifestaasje foar de frede en foarmen dêr in line-up mei koarte optredens. Ferskate learlingen fan kristlik Gymnasium Beyers Naudé diene ek mei.De tagong wie fergees, mei in donaasje nei draachkrêft oan Giro555, de middei hat mear as tûzen euro opsmiten.De gearkomste wie in inisjatyf fan dichterskollektyf RIXT, kultureel opinyblêd De Moanne en City of Literature Ljouwert. André Looijenga sette in gedicht oer út it Oekraynsk nei if Frysk en fertelde nijsgjirrige ynfo oer moetingen tusken Fryslân en Oekraïne.

André: De grouwélige oanfal fan Ruslân op Oekraïne is in oarloch tsjin it fuortbestean fan Oekraïne as sûvereine steat en naasje.

Oekraïne hat har eigen kultuer, taal en skiednis dy’t gearhingje mei sawol dy fan Ruslân as dy fan de oare buorlannen.
Yn de 19e iuw kaam der in Oekraynske nasjonale beweging op yn it Russyske Ryk en Eastenryk-Hongarije dy’t nei emansipaasje stribbe tsjin autoritêr bestjoer en tsjin ûnfrijheid.

Dit liet komt út dy tiid, doe’t it yn it Russyske Ryk ferbean wie om teksten yn it Oekraynsk te printsjen. Yn it hjoeddeistige Oekraïne wurdt it liet faak songen yn tsjerketsjinsten. It jildt as ‘de geastlike hymne’ fan it frije Oekraïne.

Молитва за Україну

Боже великий, єдиний,
Нам Україну храни,
Волі і світу промінням
Ти її осіни.

Світлом науки і знання
Нас, дітей, просвіти,
В чистій любові до краю,
Ти нас, Боже, зрости.

Молимось, Боже єдиний,
Нам Україну храни,
Всі свої ласки й щедроти
Ти на люд наш зверни.

Дай йому волю, дай йому долю,
Дай доброго світу, щастя,
Дай, Боже, народу
І многая, многая літа.

1885

tekst: Oleksandr Konysky (1836-1900)

muzyk: Mykola Lysenko (1842-1912)

 

– – – – – – – – – – – – – – – – – – – – – – – – – – – – – – – – – – – – – – – – – – – – – – – – – –

In bea foar Oekraïne

Grutte God, as iennige,

Behoedzje foar ús Oekraïne.

De strielen fan frijheid en ljocht

Spriede Jo oer har út.

Mei it ljocht fan ynsjoch en kennis

Ferljochtsje Jo ús, Jo bern.

Yn suvere leafde foar ús lân

Bringe Jo ús, God, ta waaksdom.

Wy bidde Jo, God, as iennige,

Behoedzje foar ús Oekraïne.

Al Jo sêftheid en goederjouskens

Rjochtsje Jo op ús folk.

Jou it de frijheid, jou it syn diel,

Jou fan Jo goede ljocht, fan it lok,

Jou, God, oan Jo folk

Noch folle, folle jierren.

Fryske oersetting: André Looijenga

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.