Oh Boy

ERNST BRUINSMA –

‘Bloomsday’, kaam my yn it sin doe’t ik de film Oh Boy fan regisseur Jan Ole Gerster seach. Omdat wy yn dizze film ien dei út it libben folgje, yn swartwyt, fan de yn Berlyn wenjende, studentikoze drop-out Niko.

Alles wat Niko oanpakt liket him – op in wat ûnhandige wize – út hannen te fallen. De iene grappige sêne jaget it oare absurdistyske foarfal en yn heech tempo ferliest Niko syn freondinne, syn rydbewiis en úteinlik ek de finansjele romte dy’t syn heit him al jierren bean hat. Noch gjin kop kofje kin hy bestelle, lit stean betelje. (De rol dy’t kofjedrinke spilet yn de film, ferwiist tink nei Coffee and Cigarettes fan Jim Jarmusch, in regisseur dy’t oars ek net fier fuort is.) En yn syn nije wenromte lit hy – lamliddich – de ferhúsdoazen ynpakt stean.
De student, eks yn dit en eks yn dat, krijt hieltyd mear wat fan de oan Charlie Chaplin referearjende ‘tramp’. Hy swalket troch Berlyn en komt yn hieltyd frjemdere en betiizjendere situaasjes telâne. Bygelyks in filmset wêr’t hy in fjoerke krijt fan in Dútse soldaat en in KZ-finzene dy’t tegearre stean te smoken wylst se wachtsje op de folgjende sêne fan de film dêr’t se yn spylje.

Fansels ferliest Niko geduerich de slach en krijt syn bestean al mar mear hopeleaze kontoeren. Dat aspekt, yn kombinaasje mei de lekkere, kalme jazz dy’t de soundtrack fan dizze film foarmet, soarget derfoar dat útsein Chaplin ek Woody Allen jin faak yn it sin komt. Al is Jan Ole Gerster minder snedich en minder neuroatysk yn syn dialogen as de jonge Woody Allen dy’t benammen yn de jierren santich en tachtich yn New York omdoarme. Grappich detail: ek regisseur Gerster rûn jierrenlang yn Berlyn om as in grutte belofte, wylst hy noch gjin meter film sketten hie.

It is benammen in nachtelike, yn alkohol drinze moeting mei in âlde man, dy’t foar in omslach yn it libben fan Niko liket te soargjen. Dizze man is as jonkje opgroeid yn Berlyn, hat de Kristallnacht meimakke en hat dêrnei út skamte de stêd ferlitten. Mar der is blykber ek gjin plak mear foar dizze man yn it Berlyn fan no. Sadree’t hy it kafee ferlit, sakket hy nammentlik op strjitte ynelkoar en komt letter yn it sikehûs te ferstjerren. Niko is al dy tiid by him bleaun, al wit hy net iens hoe’t de man hiet. It ‘doe’ hat gjin namme foar him, wylst it ‘no’ him hieltyd mear oerweldiget.

Dochs realiseart Niko him dat it oars moat. Hy moat net langer flechtsje want dan sil hy noait ‘thús’ komme. De befestiging dat der dy nacht wat feroare is yn syn libben krije wy de oare moarns, at it him slagget, foar it earst yn 24 oeren, om in kop kofje te bestellen en dy stadich op te drinken.

Kommend wykein, 16 juny, is it Bloomsday. Dy dei wurde sawol it libben fan skriuwer James Joyce as syn boek Ulysses (1922) betocht. Dat boek beskriuwt – en detail – ien dei út it libben fan Leopold Bloom: 16 juny 1904. Moarns betiid ferlit Bloom syn hûs, docht wat wurk, giet nei in begraffenis en rekket de hiele dei troch belutsen by tal fan konversaasjes. Nei hûs wol hy eins net. It giet wat te fier om Niko lyk te slaan mei Leopold Bloom, mar toch hat Niko wol wat fan in Odysseus dy’t nei lange omswervingen thús liket te kommen. Ik wol de ein fan de film yn elts gefal graach posityf ‘lêze’.

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.