fotografy: Wiersma, argyffoto 2016

Nei in fearnsiuw in nije bondel fan Syds Wiersma

ARJAN HUT –

In fearnsiuw en in jier. Sa lang duorre it foardat dichter Syds Wiersma in ferfolch útbrocht op syn debút. Op in freed yn july presintearre er Raffelwjok, op in lokaasje dy’t op ferskillende wizen ynfloed hân hat op it ûntstean fan in nije fase yn syn dichterskip: Campeerboerderij De Swetteblom by Bears.

“Nei myn skieding yn 2007 kaam ik dêr foar it earst,” fertelt er, wylst er foar ús beiden kofje ynjit. Wy sitte yn in romte ûnder de grûn op de Bûterhoeke, dêr’t Syds wurket by it Fries Filmarchief. In pear meter fierder op binne twa kollega’s dwaande mei it bestudearjen fan âlde filmbylden. Ik mei der noch neat fan witte. Ha se wat bysûnders ûntdutsen? Ik sykje om de sûker. It sit yn in filmblik.

 

As ik him freegje oft de skriuwer fan ‘Raffelwjok’ deselde is as dy fan ‘Alles wat ik net betinke woe’, komt Wiersma mei in tige konkreet kearpunt.

 

“Ik socht om húsfesting en sa kaam ik by boer Jochum Rypma út. Witst wêr’t it is? Krekt foarby it Weidumer Hout, fan Ljouwert út besjoen. Ik bin dêr in sân, acht moanne yn it jier, yn in âlde wenwein.Yn it foarste plak is it foar my in stee om te ûntspannen. Ik kom ta mysels, ik sit dêr hiel graach.”

Wiersma brocht yn 1992 de bondel ‘Alles wat ik net betinke woe’ út. “Ik siet al in skoftke yn de redaksje fan de Hjir. Alles wie doe noch nij wat it skriuwen oanbelange, ik moete in soad nijsgjirrige minsken. Pas neidat de bondel ferskynde, begong ik in bepaalde druk te fielen, in moatten dat my net noaske. In omslachpunt, it fielde as moast ik my hieltyd wer op ‘e nij bewize.”

De dichter waard wer studint, en de tsjerkeskiednis (“Ek in talige wrâld, ik ha dêr Hebriuwsk en Gryksk leard”) wie tenei syn terrein. Hy kaam terjochte op de Katholieke Universiteit Utrecht, mei as doel him hielendal op de teology te stoarten. It is midden yn dy tiid dat er dochs wer nije gedichten skriuwt, yn it Nederlânsk diskear.In foarbyld dêrfan is Saudade op de stad, dat yn de sammelbondel/poezijrûte Poëtisch Leeuwarden stiet. Mar de stêd wie net langer syn plak.

“By boer Jochem op it hiem stie in wenwein te keap. Dy hat fan Tsjêbbe Hettinga west. Ik holp Jochum wolris op it lân en by de suvelmakkerij. It wie sa oars as yn de stêd, it kontakt mei it bûtenlibben. Doe koe ik dy wenwein oernimme. It is in bysûndere lokaasje en dat de wein fan Tsjêbbe west hat, makket it noch spesjaler. Sa bin ik wer yn it Frysk begong. Nederlânsk, dat past better by de stêd, mar op de Swetteblom, ik tocht, ik bin idioat dat ik op dit plak yn it Nederlânsk oan it skriuwen bin.”

Utjouwer Piter Boersma hifke him in tal jierren lyn al oft er net in nije bondel gearstalle woe. “Ik ha daliks ja sein, mar doe hat it noch jierren duorre.” Dat kaam ek omdat de dichter mei syn holle gauris op in oar plak yn in oare tiid siet. As ik him freegje oft de skriuwer fan ‘Raffelwjok’ deselde is as dy fan ‘Alles wat ik net betinke woe’, komt Wiersma mei in tige konkreet kearpunt.

“Echt oars is it pas sûnt maaie 2015. Doe bin ik promovearre oan de Universiteit Tilburg.” (Syn proefskrift hjitte ‘Pearls in a Dunghill. The anti-Jewish writings of Raymond Martin o.p. ca. 1220 – ca. 1285′.) “Dêrfoar skreau ik wol, út en troch, meast gelegenheidswurk. Sûnt maaie 2015 bin ik wol in oare dichter, ik stean der oars yn. Der binne wol oerienkomsten tusken wittenskip en poëzy, mar de poëtyske ferwurking is hiel oars as de wittenskiplike. Der kaam romte yn de holle. In ballêst is fan my ôffallen en it skriuwen is folle boartliker wurden, mei in soad wille dûk ik nije fersen yn.”

In foarbyld fan in typysk Swetteblom-fers yn Raffelwjok is Liet fan de Pôle. Yn it gedicht, dat Hettingaësk is, in rike stream fan Frysk, komme natoer, tsjerkeskiednis en dichter inoar tsjin, achter it rút fan in wenwein op de pôle. “Der steane yn Raffelwjok ek wol gedichten út de tiid fan krekt nei de earste bondel, lykas La Mancha en Plaza de los dolores. Mar ik ha benammen de lêste twa jier in soad nij wurk skreaun. Yn de simmer fan 2015 ha wy nei Denemarken op fakânsje west, nei Fyn en dêr ha ik in hiele rige fersen skreaun, dat wie wer in nij begjin.  Liet fan de pôle is ek sa’n fers. Sa kaam it dat Piter Boersma wol in pear jier geduld ha moast foardat ik in definitive seleksje meitsje koe,” laket er.

De presintaasje by boer Jochum wie suver in lyts festival, safolle kollega-dichters kamen te optreden. Syds noege ûnder oaren Tsjisse Hettema, Hans Westin, eilândichter Gerda Posthumus en Elmar Kuiper. Dat wie ek de opset, mei ferskillende poadiums en publyk en skriuwers dy’t mei in boatsje te plak brocht waarden. “Dat plak, dy omjouwing, it wie in bytsje in eksperimint, mar ik soe graach soks opsette wolle, faaks mei it each op 2018.”

Comments
2 reaksjes oan “Nei in fearnsiuw in nije bondel fan Syds Wiersma”
Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.