fotografy: Bouke Stienstra

Muzyk, suksesfaktor UIT-festival

SJOUKJE WERKMAN – 

Foar de offisjele iepening fan it kulturele seizoen yn Fryslân is in fol programma ynelkoar set. Fan betiid yn ‘e middei oant yn ‘e jún is der in soad te belibjen yn de binnenstêd fan Ljouwert. It grutste part fan dit programma bestiet út, hoe kin it ek oars yn in stêd mei sa’n soad muyzkynstituten; muzyk. En net allinnich grutte artysten, mar ek mei in protte nij talint. Is dat tafal, of is dat no krekt de krêft fan it muzikale klimaat yn Ljouwert?

Sûnt de term ‘Uitmarkt’ allinnich noch yn Amsterdam brûkt wurde mei, is keazen foar de namme UIT-festival. Eins past dat ek folle better, want mei poëzie, dûns, theater, film, keunst, in protte muzyk is der wol deeglik sprake fan in festival. De iepening fan it kultureel seizoen is mear dan allinnich in merk mei kreamkes.

In festival, dêr’t wy al sa’n soad fan sjoen ha de ôfrûne simmer, draait al gau om muzyk. Fansels binne ek sfeer en lokaasje belangryk, mar in goede muzikale programearing jout minsken krekt dat lêste triuwke om in kaartsje te keapjen. Muzyk is bepalend foar it sukses fan in festival.

Mei help fan it muzyk-ûnderwiis lykas D-Drive en de Popacademie, mar ek mei tank oan inisajtiven as Freesonica en Friesland Pop, wurde jonge artysten profesjoneel begelaat en in wurdt harren in poadium oanbean om fjirder te groeien. Nij talint krijt yn Ljouwert en omstreken rûnom de kâns om harren sjen te litten. Soks draagt mei by oan in sterk muzikaal klimaat yn ‘e stêd Ljouwert en dêrmei ek oan de basis fan it sukses fan it UIT-festival.

Nij talint is der wis. Sa spilet Echoland in mânske set op de Friesland Pop Talent Stage, mar ek de jongelju fan Semantic Drift rocke de klinkers sawat út de strjitte. Yn guon winkeletalaazjes litte lokale singer/songwriters har fan harren bêste kant sjen. De parkeergaraazje ûnder de Aldehou knalt suver út syn foegen troch it hurde gitaarwurk op it ûnderste parkeardek en healwei de skeve toer wurde prachtige harkesankjes spile.

De jonges fan Jungle By Night swypkje it publyk op it Gouveneursplein jûns flink op. Entûsjaste enerzjike musyk dêr’t hast gjin wurd songen wurdt, en dochs it is fuort feest. Splendid giet troch dêr’t Jungle By Night ophâldt en makket der in smûke gaos fan. Mei 11 man op ien poadium is dat fansels ek gau klear. Om it publyk yn beweging te krijen, drave de minsken, op fersyk fan de sjonger, fan links nei rjochts. De slotact Dotan lit in skoft op him wachtsje. De soundcheck nimt nochal wat tiid yn beslach, (wêrby’t opfallend genôch ien fan de bekendste nûmers brûkt wurdt) mar it is net foar neat. In reaksje út it publyk nei de earste pear maten: “Wauw, dit is betoverend mooi.”

De relaxte sfear, it waar dat tusken de buien troch prima is, it noflike publyk yn en om de Ljouwerter binnenstêd – dat troch de goede balâns yn de ferdieling fan de muzykpoadia prima it paad fynt – en de noch hieltyd net te missen kreamkes; mei-inoar soarget it foar in gemoedlike start fan it kulturele seisoen yn Fryslân. Mar sûnder muzyk, gjin festival.

 

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.