Mei oare wurden

BOUKE SLOFSTRA –

It brûken fan it Ingelsk yn ’e wittenskip en it heger ûnderwiis is op ’t heden in hot item (at ik it sa sizze mei) yn Nederlân en dêrbûten. De algemiene tendins dy’t yn ’e kranten en yn petearen te merkbiten falt, is dat it fertutearzjen fan de eigen taal sa njonkenlytsen te lang duorre hat. Benammen yn ’e rûnten fan de minder eksakte wittenskippen falle sokke lûden te hearren.
Yn ’e foech trije jier dat ik oan de Fryske Akademy wurke ha, foel my it grutte tal taalnoeders op dy’t argewaasje ha fan it oanboazjen fan de bryk-Ingelske riten yn it akademysk fermidden. ‘Wy litte ús taal net farre’ is it biedwurd, en dy taal is yn ’e moderne frisistyk it Hollânsk, want yn it Frysk wurdt langer net publisearre.

Ferline jier kaam de fisitaasjekommisje by de Akademy op besite. Dy rette de wittenskippers oan om faker ynternasjonaal te publisearjen, dat is te sizzen: yn it Ingelsk. Net elkien seach like blier en optein by dy oanrikkemedaasje. Wêrom ha dy minsken sa’n griis fan dat Ingelsk? At je it freegje, komme der ferskate antwurden. Yn it foarste plak soe ‘it publyk’ Hollânsktalich wêze. Fierders soe it wittenskiplike Ingelsk ‘sabeare wittenskiplik’ wêze. En at je de minsken derop fergje, wolle se by einbeslút graach ynskikke dat it skriuwen fan in goed Ingelsk stik in drege put is.
Op harsels begryplike arguminten. Mar sok tinken wurdt op in stuit wol in bytsje stoef en (mei ik it sa sizze?) ek in bytsje provinsjaal. My tinkt dat de fisitaasjekommisje yn grutte halen wol gelyk hat.

At je de grutte publikaasjes fan de lêste jierren op in rychje sette, dan soene je dy ûnder de tema’s ‘ynternasjonaal’ en ‘universeel’ beflappe kinne. Arjen Versloot syn dissertaasje oer it ferrin fan de útspraak fan it Frysk yn ’e midsieuwen is gjin boek foar de leafhawwers fan streektalen en boereromans. Versloot syn stúdzje wol in bydrage leverje oan de taalkunde as gehiel en it Aldfrysk is yn dat ramt oars net as in praktykfoarbyld. It rjochte ûnderwerp is histoaryske fonology. Dat makket de skriuwer yn de kar fan de titel (oer “language change”) en de subtitel (oer “West Frisian”) al fuortendaliks dúdlik. Arjen Versloot sjocht himsels perfoarst net as in oanhinger fan Noam Chomsky syn generative grammatika, mar hy kin der ek net foarwei dat er him rjochtet op dy dingen dy’t har altyd en rûnom oppenearje yn de minskene taal, makket net hokker taal. Oars sein: it giet om ‘universalia’, universals yn goed Ingelsk. Mechanisms of Language Change is yn it Ingelsk publisearre, sa’t wenstich is by taalkundige dissertaasjes. Dy wenst hat, ûnder oaren, mei dy niisneamde universalia te krijen. Versloot docht ommers útspraken dy’t foar teoretyske taalwittenskippers of studinten fan bygelyks it Aldfrânsk betsjutting hawwe.

‘Universalia’ is ek in kearnbegryp yn Han Nijdam syn proefskrift oer lichem en eare yn deselde Fryske midsieuwen. Han Nijdam besprekt de Aldfryske boeteregisters, mar it is gjin taalkundige stúdzje fan it Aldfrysk (alteast net yn it foarste plak). It is in antropologyske stúdzje oer de Fryske fetemaatskippij. It giet oer primitive law en soksoarte fan dingen. Ien fan de wêzentlike eigenskippen fan Nijdam syn boek is dat hy de Fryske fetemaatskippij net besjocht as in tafallich en unyk produkt fan de skiednis, mar as in beskate soarte fan maatskippij dêr’t je algemiene útspraken oer dwaan kinne. (Beide sjenswizen binne fansels utersten en yn harren letterlike betsjutting noait hielendal wier.) Dy ‘universele’ fyzje is hielendal net sa algemien yn ’e antropology. Dyselde fyzje tilt syn ûndersyk op boppe it fjild fan de pleatslike stúdzjes en leafhawwerijen. Mar Nijdam syn boek is yn it Hollânsk skreaun. Wêrom? Der is net safolle wêrom. It is no ienkear wenstich yn ’e kriten fan histoarisy en sokken, ek fan histoarisy yn ’e frisistyk. Spitigernôch wurdt in grutter en ynternasjonaler publyk oant no ta útsletten.

Itselde kin sein wurde fan resinte stúdzjes oer Joast Hiddes Halbertsma en Anne Wadman. Alpita de Jong har dissertaasje Knooppunt Halbertsma giet yn it foarste plak oer de Europeeske kontakten fan de ferneamde folksskriuwer, net oer de ‘pleatslike’ Halbertsma fan Grou en Dimter. Halbertsma as meidogger yn in ynternasjonaal wittenskiplik debat. Anne Dykstra riedt op ’t heden in oare dissertaasje ta oer deselde Joast Hiddes Halbertsma en syn útgongspunt is op ’en nij de ynternasjonale Halbertsma. Dykstra rjochtet him op it Lexicon Frisicum, it Fryske wurdboek dat Halbertsma mei sin yn it Latyn op priemmen sette. It Latyn wie ommers de ynternasjonale leardetaal fan it ferline, it bryk-Ingelsk fan doedestiids. It wurdboek, dat Halbertsma by syn libben net dien krige, wie net ornearre as in sljochtwei gebrûksartikel foar de Fryske of Nederlânske lêzer. Halbertsma hie mieningen oer de taalkunde fan syn tiid en oare ûnderwerpen dy’t har net ta it Fryske of it pleatslike beheine.

Yn Joke Corporaal har dissertaasje oer Anne Wadman stiet de problematyk fan de streektaalskriuwer mei literêre ambysjes sintraal. Sa’n skriuwer hat it dreech, dat sil nimmen ûntstride. Mar fan de oare kant hat der wol sokssawat as in trochbraak fan de Fryske literatuer west. Wie dat net it gefal, dan hie der gjin oanlieding west foar dy dissertaasje of oare stúdzjes op it mêd fan de Fryske letteren. Dy problematyk (de tûkelteammen én de suksessen) is nijsgjirrich genôch om yn in grutter ramt te besjen as it Fryske of lanlike. Fryske literatuer is fansels gjin part fan de nearlandistyk, mar fan de literatuer. Op oare en ferlykbere plakken yn Europa is it oars ferrûn of miskien sels hielendal net. Sadwaande is it Fryske foarbyld ek fan belang foar de minsken dy’t dy oare skriuwerstradysjes bestudearje.

Al sokke foarbylden litte itselde byld sjen. De spesifike Fryske kasus krijt ynhâld en betsjutting yn in grutter gehiel. Dat gehiel is net allinnich grutter as Fryslân sels, mar ek grutter as ‘de Fryske kultuer yn syn wiidste omfiemingen’, it wenstige koadewurd foar de Nederlânske kontekst. Der binne ommers universele tema’s mei anneks. Dy meitsje sokke stúdzjes (yn hokker foarm ek) gaadlik foar in breder, ynternasjonaler lêzerspublyk. It soe spitich wêze as hieltyd (en eksklusyf) it Hollânsk, by wize fan refleks, foar kar nommen wurdt. In Ingelsktalige summary is te koart en te algemien om in grutter publyk te berikken. Spitigernôch slacht, oant no ta, dy Hollânske refleks hast rûnom foar master op, alteast bûten de taalkunde. Dat betsjut dat je it ynternasjonale sukses fan bygelyks Rolf Bremmer syn Introduction to Old Frisian noait krije sille, sels net at je dat fertsjinne ha.

Ik soe deselde kwestje ek op in oare wize bepleitsje kinne. It Mercator stúdzjesintrum, keppele oan de Fryske Akademy, docht ûndersyk nei de taal- en ûnderwiissitewaasje fan oare minderheidsgebieten yn Europa. Dat krijt stal yn de foarm fan in rige rapporten, ornaris frij beheind en saaklik fan opset. Dêr is neat op tsjin, want dat is it wêzen fan in rapport. De boppesteande stúdzjes dogge op in bepaalde wize itselde, mar dan op in yngeande en wiidweidige wize. Se geane net oer de tastân yn it algemien, mar krekt oer dy konkrete feiten en persoanen dy’t opfallend en nijsgjirrich binne en dy’t in brêge foarmje tusken it pleatslike en pitertuerlike oan ’e iene kant en it algemiene en universele oan ’e oare kant. Sokke stúdzjes fertsjinje in grutter publyk as it Fryske of it Hollânske, lykas dat oare stúdzjes fan fier en hein mear ynsjoch jaan kinne yn it saneamde fryskeigene of de Hollânske ‘omfiemingen’.

Deselde minsken dy’t yn Nederlân (plat sein) krimmenearje oer de feringelsking fan de publikaasjekultuer kleie faak tagelyk oer in oare kwestje: Angelsaksyske wittenskippers ha altyd in steil wurd yn wittenskiplike debatten. De meast besprutsen ûnderwerpen binne faak dingen dy’t yn de Ingelske of Amerikaanske skiednis spylje. Foar it oare lykje dy Angelsaksen wat mankennich te wêzen. Dêr sil grif in soad wierheid yn skûlje, mar at dy Angelsaksen dy prachtige artikels út Hollân en Fryslân net lêze kinne, dan binne de skriuwers sels mandélich oan dy sitewaasje.

Nimmen sil fan de frisistyk ferwachtsje dat it inkeld en allinnich yn it Ingelsk publisearret. Der is altyd in gruttere en in lytsere rûnte fan lêzers. Mar de oanrikkemedaasje fan de fisitaasjekommisje smyt neffens my yn it foarste plak nije kânsen en mooglikheden op dy’t better earnstich nommen wurde kinne. Dêrmei wol ik it wurk fan de ûndersikers perfoarst gjin ûnderstek dwaan. It binne krekt de kwaliteit en de bopperegionale relevânsje fan it hjoeddeiske ûndersyk dy’t meitsje dat itselde ûndersyk in breder, en dêrmei by einbeslút ek better, publyk fertsjinnet.


Lês hjir de reaksje fan Gerben Abma

Comments are closed.

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.