Masedoanyske filmmakker te gast yn Fryslân

ARJAN HUT – 

De earste kear dat ik Marija Makeska tref is op freed 16 septimber yn de Slauerhofftún, it binnenplak achter boekhannel Van der Velde. Skriuwer André Looijenga hat de Masedoanyske skriuwster en filmmakster meinommen. Se is de jûns fantefoarren oankommen yn ús lân, hat lang, swart hier en dûnkerdjippe eagen, in hast wite hûd en in gesicht dêr’t net altyd alles fan ôf te lêzen falt. Nyk de Vries krijt de Piter Jellespriis útrikt en it tilt op fan skriuwers, muzikanten en sjoernalisten.

 

“Don’t underestimate me.”

 

Meindert Talma spilet in ferske en draacht foar út syn bytiden hilaryske boek Kelderkoorts. Nyk sels lêst út syn priiswinnende roman Renger. It is ûnderdiel fan it harkspul fan in lyts healoere dêr’t er al mei op promoasjetoer west hie. “I have never seen such a well-prepared performance by a writer,” gutet de gaste ûnder de neisit. Makeska praat floeiend Ingelsk, mei in Amerikaans aksint. “Ik ha alve jier yn Amearika wenne,” leit se út, “Yn Michigan.” Se fernuveret har oer safolle fytsen  op de dyk.

Se is yn Ljouwert yn it ramt fan it útwikselprojekt Other Words / Oare Wurden. Looijenga hat earder fan’t jier foar itselde projekt acht wiken nei Masedoanje west.

De sneontemiddeis is se der alwer by, diskear yn Mantgum. Looijenga hat har meinommen nei de presintaasje fan De Grutte Freonlike Reus yn in sealtsje ûnderyn MFC De Wjukken. It is drok, moai waar en der spane tsientallen entûsjaste bern om. Makeska liket wurch, se hat noch amper tiid hân om te bekommen en is der net rouwich om dat har selskip it jûnsprogramma oerslacht. Se hat in buskaart en miskien sil se der snein op út, allinnich. Se fernuveret har oar it grutte tal literêre aktiviteiten.

De tiisdeis hâldt Teake Oppewal fan Tresoar yn de Gysbert Japicksseal foar in selekt selskip in presintaasje oer it Frysk en de Fryske literatuer, spesjaal foar Makeska. Ik freegje har oft se wat bekommen is. “Ik ha nei Harns west, dat wie prachtich! Mar doe’t ik thúskaam út Harns, nei fjouwer oeren omstappen, wie ik dochs yn- en ynwurch.”

“Dat komt fan de seelucht”, roppe ik, Looijenga en Syds Wiersma, de projektlieder fan Oare Wurden yn koar.

“We were three institutes before,” begjint Oppewal. Der stiet kofje en thee op tafel, en in skaal mei dúmkes. Mareska mei se wol. “Thumbs up!” Wy koerse troch de skiednis fan ús taal, by Japan del, de Europeeske taalbewegings fan de 19e iuw, Kalma, de slach by Warns. Nei ôfrin ha is der gelegenheid om wat fragen te stellen. Hat se al fytsen leard?

“Ik hâld fan kuierjen, dat doch ik leaver as fytse. Fytse ken ik net. André hat besocht om it my te learen, mar nee, oant no ta sûnder risseltaat. Myn broer en ik krigen ea beide in fyts, mar sines gie stikken en doe hat hy mines krigen. Fytsen hat nea wat foar my west, ek yn Michigan net. Yn 2003 ferhûzen wy nei de Feriene Steaten, nei Detroit, Michigan, mei ús heit en mem. Us heit hie dêr wurk. Tolve jier letter bin ik mei myn mem werom gien nei Masedoanje.”

Yn de USA hie se film en theater studearre, mar yn Masedoanje kaam se net oan in baan. “Ik ha dêr gjin netwurk. It is hiel dreech om oan in baan te kommen. Ja, ik ha wol famylje, mar dat binne allegear dokters,” laket se.

Se ûntwikkelet har eigen projekten en makket in dokumintêre oer sefardyske joaden yn Masedoanje (Soul Mates, 2009) en letter in koarte film (Dear Alexander, 2015) dy’t op in filmfestival yn Noarwegen omskreaun wurdt as ‘gothic folk’.

“Ik ha gjin foarkar foar it ien of it oar, fiksje of non-fiksje, lis mysels gjin beheinings op. Yn it foarste plak bin ik in ferhaleferteller. Nee, ik set myn films net op Youtube en ek net op Vimeo, ik jou myn wurk net graach út hannen. De films wurde fertoand op festivals.”

Se bliuwt acht wiken yn Ljouwert en wurket dêr oan in film oer taal yn de stêd. Miskien dat se wat filmje sil op in folkfestival, meikoarten yn de Harmonie. Syds Wiersma wol sjen oft it risseltaat op it Noordelijk Filmfestival fertoand wurde kin. Hy sil har ek noch in crash course wurkje-mei-autentike-rollen-film jaan. “Ik ha noch nea sa’n grut argyf sjoen as hjir yn it Frysk Filmargyf. Yn de ‘US’ wurdt alles digitalisearre en âlde film wurdt gewoan fuortsmiten.”

“De directeur is wol strang as it oankomt op de seleksje foar it filmfestival,” neamd immen. Earder wie al de quote fan Henk Penninga oanhelle, dat alle film yn Fryslân kânsleas is, omdat hjir de teaterkultuer dominearret. Mar Makeska is net benaud. “Don’t underestimate me,” seit se, ‘ûnderskat my net.’

Ik freegje har oft se kameraminsken siket of in regisseur, want dat hie ik heard. Se spat op: “Nee, ik ken alles self. It iennichste wat ik nedich bin, binne myn earms, eagen, skonken … en in tri-pod!” Foaral dy tri-pod is belangryk, se hâldt der net fan om de kamera yn de hân te hâlden. “It is wat ektra wurk om alles op te setten, mar it sjocht der profesjoneel út. Dat wol ik ek graach.”

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.