Lânboumuseum Earnewâld; Abe Gerlsma, Keunstner/útfiner

Thús haw ik in boek dat hjit ‘Hoe word ik gelukkig’, skreaun troch de ferneamde berneboekeskriuwer Guus Kuijer. Wat moatst dwaan om gelokkich te wurden? Loslitte, ûntspanne, dysels wêze, sizze in soad terapeuten. Nee, seit Kuijer, dy earne yn fêstbite, dy ynspanne, en net allinnich mar dyn eigen keale skriele sels wêze, mar dysels ferrykje mei oare tinkwizen, en nije kennis, dát makket op ‘e lange duer gelokkich. Oan dit pleit fan Kuijer moast ik tinke doe’t ik lies oer de eksposysje oer libben en wurk fan Abe Gerlsma (1919). Gerlsma learde himsels etsen op in ôffalplaatsje sink en mei inket fan glyserine en skuonpoetsersguod. It wie it begjin fan in mânsk oeuvre fan grafysk wurk.

Dêrnjonken hat Gerlsma altyd in soad tekene en skildere: hy wie fassinearre troch it tsjinljocht yn it Fryske lânskip. Der wie noch mear wat Gerlsma fassinearre: de lânboumeganisaasje. Njonken keunstner hat Gerlsma wurke by de lânboufoarljochting as masineboukundige. Yn dy funksje hat er de saneamde ‘aardappelloftrekmachine’ útfûn en de ‘snarenbedpootmachine’. Mar yn syn argyf binne noch mear útfinings te finen lykas de ierdappelbunkersortearmasine, in nij type skodder, in keunstdong-losynstallaasje en ek in skaaf-feimasine dy’t er ûntwikkele foar de iisbaan yn Frjentsjer.

De útstalling yn it lânboumuseum yn Earnewâld lit, njonken byldzjend wurk,  ûnder oaren materiaal sjen út it privee-argyf fan Abe Gerlsma, lykas unike foto’s en orizjinele wurktekeningen.

Lânboumuseum Earnewâld; Abe Gerlsma, Keunstner/útfiner, oant en mei 28 augustus

Mirjam van Houten

Comments are closed.

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.