Kombinaasje Kulturele Kuier – Boekpresintaasje súksesformule

By de presintaasje fan de nije poëzijebondel Ikader fan Eeltsje Hettinga, sneon 27 oktober yn de Johannes de Dopertsjerke fan Parregea, binne yn ien klap al hast 70 bondels ferkocht. “Om krekt te wêzen sânensechtich,” seit ponghalder fan de Gerben Rypma Stifting, Hille Faber. In lytse hûnderttritich gasten besochten de byienkomst yn Parregea, dêr’t skriuwer Hettinga oan de dichters Martin Reints en Elmar Kuiper de earste twa eksimplaren oerhandige. Hettinga lies twa fersen foar, in gedicht by it wurk fan skilder Sjoerd de Vries en in lang, yndrukwekkend gedicht oer de moarden op Utoya.

In grut part fan de oanwêzige 130 besikers die ek mei oan de kulturele kuiertocht fan Blauhûs oer Parregea en Greonterp. De bruorren Tjitte en Sytse Bouwhuis droegen ûnderweis in tal folksferhalen foar út de bondel ‘It kin wier wêze’ skreaun troch harren heit Jan Bouwhuis. Foarsitter Sicco Rypma fan de organisearjende Gerben Rypma Stifting: “De kombinaasje fan kuiertocht en de presintaasje fan de dichtbondel fan Eeltsje Hettinga hat absolút goed útwurke, in súksesformule.”

Nei ôfrin fan de kuiertocht wie it by de neisit yn kafee ‘De Freonskip’ yn Blauhûs twaresom folle bak. It biljert, midden yn de jachtweide, lei fol mei boeken fan Hettinga, njonken in steapel sammele folksferhalen fan Jan Bouwhuis. Ikader is al it twadde boek dat de Gerben Rypma Stifting yn koarte tiid útjout, it earste wie de biografy Gerben Rypma, de keunstner fan it dûbele krús út. De oplage fan 650 eksimplaren is ûnderwilens fierhinne útferkocht. Hille Faber: “Stikemwei sitte wy al wer oan nije projekten te tinken.”

Comments are closed.

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.