Ynterview Nyk de Vries

JAAP KROL –  Dichter, performer en muzikant Nyk de Vries is nominearre foar de J.C.Bloem-priis. de Moanne stelde him dêrom in pear pittige fragen. Wat is dyn favorite kleur? “Ik wie wol bliid mei de nominaasje, it is ek in moaie namme J.C. Bloem. Hy is hast fyftich jier fuort, mar hy wurdt noch altyd regelmjittich siteard. Ik […]

Besprekstek, in ‘startpagina’ foar resinsjesykjen

SITO WIJNGAARDEN –  Koartlyn ferskynde op Facebook in resinsjeside mei de titel ‘Besprekstek‘. In inisjatyf fan oersetter Anne Popkema. “Dit stek is ornearre om resinsjes fan Frysktalige literatuer op te finen en te pleatsen. Jim kinne sels in resinsje pleatse, ferwize nei in resinsje op in oar plak op it ynterweb, of dy resinsje hjir […]

Filt is hip

WENDY KENNEDY – De keninginne fan it filt: dat is Claudy Jongstra (1963) út Spannum. De fan oarsprong Limboarchse hat filt wer hip en eigentiidsk makke. Grutte moadeûntwerpers wolle har stoffen brûke foar kleankolleksjes, en se wurket gear mei ferneamde arsjitekten. It Fries Museum hat har frege om in grut muorrekleed fan filt en side […]

Zea: “Ik bliuw gewoan muzikant hear”

De fan oarsprong Fryske band Zea – no Amsterdam – bestiet al hast 18 jier en skreau begjin dit jier foar it earst in Frysktalich nûmer: ’Ik kin der net by’. De opnames fûnen plak yn Oyarifa yn Gana dêr’t Zea yn jannewaris 2012 holp om in lûdsstudio op te setten. De ôfrûne tolve jier spile […]

“Is dit ek opera?”

SITO WIJNGAARDEN –  Opera liket wer wat oan populatiteit te winnen, sjoch bygelyks aktuele opera’s op tillevyzje yn De Wereld Draait Door. Fast Opera Productions (FOP) skriuwt koarte aktuele opera’s fan maksimaal in pear minuten. Tidens harren stúdzje, yn 2009, oan it Keninklik Konservatoarium yn Den Haach, ûntstie it idee en yn datselde jier stie […]

Malbetrieb, DJ Niels Schilder

MARIEKE VINCKERS  –  ‘Van het slechtste geluid iets moois maken, dat is de essentie van mijn muziek’ In boppewenning yn Lemmer, wêrwei’t troch it sydrút yn de fierte de skipswerf te sjen is dêr’t it destiids allegear begûn, dêr wennet Niels Schilder, alias Malbetrieb. In dj dy’t muzyk makket mei minne lûden. Minne lûden? Dêr is […]

Philips Jongeren Designpriis

Woansdei 23 jannewaris makke Onno Hoitinga, ôfdielingshaad ynnovaasje en ûntwikkeling Philips Drachten, de winner fan de Philips Jongeren Designpriis 2012 bekend. Edzard Jager fan Menaam en Frouke Engel fan Jirnsum krigen de priis takind foar it GGD-Sense spul. In spul dat bedoeld is om de jongeren dy’t yn oare kultueren opgroeid binne, oer seks en […]

Halbertsmapriis foar Troelstra-biografy

‘Verbaasd’ neamt Piet Hagen syn reaksje, doe’t er hearde dat hy de winner fan de Dr. Joast Halbertsmapriis 2012 is. ‘Toen ik werd gebeld door de gedeputeerde, wist ik niets van de prijs af. Het was een grote verrassing. Maar ik heb gezegd dat ik hem natuurlijk volgaarne in ontvangst neem.’ Hagen wint de priis […]

It Broken Brass Ensemble

NYNKE VAN DER ZEE –  As wienen se yn de rûzige jierren 20 sa út New Orleans plukt, hast 100 jier fakkundich bewarre en no yn 2012 yn Fryslân foar it earst wer foar it ljocht helle. Stiif strutsen oerhimden, strakke gilets, slytske spikerbroeken en hjir en dêr in fashionable huodsje. De acht manlju fan […]

Music Maestro!

MARIEKE VINCKERS – (foto: Linus Harms) ‘It is sa no en dan ek wolris noflik om in dei gjin fet yn ’t hier te smarren.’ Yorn Overwijk kuiert by in rige lege blikjes Murray’s Wax lâns nei syn keamer, oan ’e râne fan Ljouwert, earder yn gebrûk as skoallokaal. In soad romte. Kontrabas nonsjalant oer […]

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.