De earste stappen fan it Meartalich Fuortset Underwiis

JELLE BANGMA – It Meartalich Fuortset Underwiis (MFU) stiet yn Fryslân noch yn ’e berneskuon. De pilot, dy’t trije jier ferlyn opset is, wurdt útfierd op it Liudger yn Burgum en op twa lokaasjes fan it Bogerman, yn Wommels en yn Koudum. Mar de skoallen binne entûsjast en de learlingen net minder. ‘En de prestaasjes […]

The benefit of native speakers

NYNKE VAN DER ZEE – If you – being one of the few lucky ones – have had English in primary school, you will probably recall the sneaky snigger in the classroom when the teacher started to sing in his corny-English accent: “Twinkul, twinkul, liddel stàr”. But let’s be honest, teaching in English isn’t easy […]

Meartalich ûnderwiis, in deiboek

GELLIE WINKEL – OBS De Pôlle út Marsum is in Trijetalige Skoalle. Dat betsjut dat de learlingen les krije yn trije talen: Nederlânsk, Frysk en Ingelsk. Yn Fryslân hawwe goed fyftich skoallen dat trijetalige sinjatuer. Gellie Winkel is taal- en kultuerkoördinator oan OBS De Pôlle en jout les oan groep 3 en 4, middeis slút […]

Ien mei twataligens

MARIEKE VINCKERS – Bern dy’t yn Heech nei pjutteboartersplak ‘it Pikepôltsje’ geane, krije begelieding yn it Frysk. Liedster Geeske Andringa is bliid dat it pjutteboartersplak him sa’n fiif jier ferlyn oansletten hat by it SFBO (Sintrum Frysktalige Berne-opfang). It SFBO stimulearret de twatalige ûntwikkeling fan bern. Geeske: ‘Frysk is myn memmetaal. Ik fyn it in […]

Tomketiid mei tekener Luuk Klazenga

MARRIT DE SCHIFFART – Tomke mantsje altyd blier… Luuk Klazenga, ‘heit’ en tekener fan Tomke, is wiis mei dy earste sin fan it yntrolietsje fan Tomketiid. It figuerke – dat er al sûnt 1996 op papier set – is ek echt altyd blier, neffens him. ‘Tomke hat noait in min sin, laket altyd, hiel soms […]

De rop fan ’e tún

ELSKE SCHOTANUS –  25 augustus 1951 stoarte de âlde romaanske tsjerketoer fan Jorwert, dy’t op dat momint yn restauraasje wie, yn: “… in stik fjoer út de triedden en in grize stofwolk…” Noch noait hie it doarp safolle besikers hân as it wykein dêrnei, tûzen, miskien wol 1500 minsken, en oan de nûmerbuorden te sjen […]

Welcome to the Village

NYNKE VAN DER ZEE –  It doarp dêr’tst fan tefoaren al ûnwennich fan bist Fleurige griene tûfen fan de woartels, radysplanten en grutte kroppen slaad. De festivaltún fan Welcome to the Village groeit as koal. En dat moat ek, want ein july komme der sa’n 1500 oant 2000 iters, dy’t net allinnich honger ha nei […]

Nije programmeur De Harmonie: Rommy Bijlsma

MARRIT DE SCHIFFART – ‘Programmearing is hiel wichtich, it jout in teater in gesicht.’ It binne de wurden fan Rommy Bijlsma (46). Per 1 augustus folget sy Pietie van Veen op as programmeur fan stedsskouboarch De Harmonie yn Ljouwert. De Moanne frege nei har plannen. Wêrom luts de baan by De Harmonie? Nei’t ik 25 […]

Oersette is lykas buorkjen

MEINDERT REITSMA –  De nijste oersetting fan Geart fan der Mear (1944) telt mar leafst 835 siden: it giet om Green Earth oerset as De griene ierde. Dat boek boek wurdt beskôge as it masterwurk fan de Amerikaanske skriuwer Frederick Manfred (1912-1994) en is foar it earst útbrocht yn 1977. It is it twadde boek […]

It Frysk moat in folwoeksen oanbod fan e-boeken ha

TSJOMME DIJKSTRA – Skriuwer Tiemersma bringt debút De Ljedder as e-boek út Koos Tiemersma wie in pear jier lyn hast opholden mei it skriuwen fan boeken: nei’t er yn in pear jier tiid fiif romans publisearre, wie de skriuwer út Kollumersweach wol sa’n bytsje klear mei it papieren ferhaal. Ein 2009 wie yn de krante […]

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.