Libje yn liende tiid

EELTSJE HETTINGA –  ‘As ik de keunst net hie, soe ik pas werklik fergean.’   In bankje oan it hôf fan de Bonifasjustsjerke yn Aldeberkeap, dêr’t de jierlikse keunstrûte ‘De open stal’ syn beslach kriget. Midsimmer. Trije pratende skilders. Under harren byldzjend keunstner Sies Bleeker (1941), dy’t yn 1964 syn earste útstalling hie by galery […]

As macht en ûnmacht mekoar befjochtsje

TSJOMME DIJKSTRA –  De oerfal op it Hûs van bewarring yn Ljouwert fan 8 desimber 1944 wie in fersetsaksje yn de oarloch dy’t oant op de dei fan hjoed ta yn en bûten Fryslân grutte bekendheid hat ûnder de minsken. By dy died befrijden leden fan de Fryske Knokploech (KP) leafst ienenfyftich finzenen sûnder dat […]

Welcome to the Village 2014 groter

SITO WIJNGAARDEN –  Koartlyn waard de earste edysje fan Welcome to the Village holden. Oan ‘e râne fan Ljouwert waard in kompleet doarp boud dat trije dagen lang in thús is foar muzyk-, literatuer- en keunstleafhawwers. Lytsskalich, persoanlik en duorsum. In suksesfol wykein foar de organisaasje. Sa suksesfol dat der fuort besluten waard ta in Welcome to […]

Tegengas en wandelzand

DIRK VAN GINKEL –  Het tien jaar geleden te Ameland opgerichte Archipel MediaLab staat sinds kort te boek als een van de major players in the field of digital art and culture. Initiatiefnemer Timo Mank initieert en begeleidt projecten waarin kunstenaars hun fascinatie voor het eiland gestalte geven. In het archief van het MediaLab zijn meer […]

Yn ’e dize fan tiid slacht in bern op ’e trom

JOB DEGENAAR – Wilco Berga is vooral schrijver en beeldend kunstenaar. Hij is de maker van een indrukwekkend aantal boeken. Zijn jongste publicatie, de verhalenbundel ‘Dat it streamt‘, dateert van 2011. Naast verhalen schreef hij vooral romans, poëzie en toneel. Als beeldend kunstenaar maakte hij schilderijen, pastels, lino’s en diverse objecten. Op het gebied van […]

Poetysk muzykteatraal oratoarium

TSJOMME DIJKSTRA – Komponist Hoite Pruiksma en toanielskriuwster/dichter Aggie van der Meer wurkje oan in poëtysk muzykteatraal oratoarium. Yn septimber presintearje sy yn te Grutte Tsjerke fan Warkum it earste diel fan harren produksje. Net sûnder mear tsjerklik ferhaal Oft teologen hielendal mei it ferhaal ynstimme kinne doart skriuwster Aggie van der Meer net te […]

Twatalich ûnderwiis ûndersykje is belangryk

TSJOMME DIJKSTRA – Op de Ryksuniversiteit yn Grins docht taalwittenskipper Kees de Bot mei kollega’s ûndersyk nei meartalich ûnderwiis. De Bot sjocht benammen nei it Ingelsk as twadde taal yn it fuortset ûnderwiis. Dúdlik is wol dat de útkomsten fan syn ûndersyk net sûnder mear jilde foar it Frysk as twadde ûnderwiistaal. Elke situaasje is […]

De stúdzje Frysk, in jier letter

NIENKE JET DE VRIES – Oeral yn Nederlân, en ek yn it bûtenlân, wurde de universitêre taal- en letterkundestúdzjes hurd troffen troch besunigings en reorganisaasjes. De stúdzje Fryske taal en kultuer liket de dûns lykwols ûntsprongen te wêzen. Dat is net fansels gien, nee, dêr is hurd foar striden, troch dosinten, studinten en Fryske polityk […]

Fiif fragen oer Mercator

COR VAN DER MEER – Wêr wurdt Frysk praat yn Europa? De Fryske talen binne (Westerlauwersk) Frysk, Noardfrysk en Eastfrysk. Fan it Eastfrysk binne lykwols alle dialekten útstoarn, útsein it Sealterfrysk. De Fryske talen wurde as memmetaal sprutsen troch likernôch 610.000 minsken, benammen yn ’e Nederlânske provinsje Fryslân en fierders yn Noard-Fryslân en Sealterlân yn […]

Trije talen op ‘e pabo

 HENK WOLF – Op basisskoalle Ysgol y Garnedd yn it Welske Bangor hingje de muorren fan de lokalen fol mei papierkes dêr’t wurden op steane. ‘Der is dêr wier gjin rút of muorre dêr’t neat op hinget’, seit Ewoud van der Weide. ‘Alles wurdt by alle tema’s ek wer fernijd. Wy fregen ús wol ôf […]

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.