• 6 maart 2015

    REMCO DE VRIES -  It kontrast kin suver net grutter wêze wannear’t ik Arjan Hut fan syn wente tsjinoer de Cambuurfjilden ophelje: de stêd Ljouwert fan stien en asfalt en de Burgumer Mar, dêr’t in lulke wyn weach nei weach de reiden ynstjoert oan legerwâl. En fan dy legerwâl by Jistrum moatte wy sjen tsjin de westewyn yn oan de oare kant fan de mar [...]

  • 3 maart 2015

    INEKE RIENKS -  Al as jong famke wie Tatiana Pratley ûnder de yndruk fan Tryater. Foarstellings lykas Ronja de Rôversdochter en Kening Lear ferwûnderen har. “Ik wie ûnder de betovering fan de mooglikheid om sa’n oare wrâld te kreëarjen.” Se gie nei de jeugdteaterskoalle yn Ljouwert en studearre Keunst, Kultuer en Media yn Grins. Yn Grins begûn se it teater te missen en ûnder lieding [...]

  • 12 februari 2015

    TSJOMME DIJKSTRA - Skanomodu bringt digitaal tydskrift út Sâneninheal jier hat Skanomodu as stúdzjeferiening bestien, de feriening foar studinten Fryske taal en kultuer oan de universiteit yn rrins. As stúdzjeferiening hie Skanomodu mar koarte tiid noadich om ek de ferbylding foar de bûtenwrâld te wurden fan de aktive en entûsjaste lichting studinten fan de stúdzje Frysk yn de resinte jierren. Mar Skanomodu stiet foar in [...]

  • 4 februari 2015

    NYNKE VAN DER ZEE -  Stifting Krúspunt siket in nij orizjineel Frysk peaskeliet. Dit nije tsjerkeliet is bedoeld foar de hiele mienskip, mar hoecht net perfoarst in gemeenteliet te wêzen. In sololiet, of liet foar in gospelgroep of koar is ek tastien. Mei de priisfraach wol Krúspunt fan ûnderen op stimulearje dat de minsken sels mei moaie tsjerkelieten komme. “Sa ûntstiet der in skat oan nije [...]

  • 3 februari 2015

    FROUKJE SIJTSMA -  “De psyche van de mens, dat boeit me mateloos”, fertelt gymnasiast Thom Lunshof út Ljouwert, dy’t mei syn 18 jier grif ien fan de jongste filmmakkers fan Fryslân is. Fan ‘e jûn giet syn nijste film ‘Dystopië’ yn bioskoop Cinema yn Ljouwert yn premjêre. De psycho-analyze fan neurolooch Sigmund Freud ynspirearre Tom ta syn film. “Dystopië is het tegenovergestelde van Utopië, oftewel [...]

  • 21 januari 2015

    ELSKE SCHOTANUS -  Under it byntwurk fan ien fan de boppesealen fan keramykmuseum it Prinsessehof stiet, yn steapele glêzene fitrines, prachtich diggelwurk. It is it dekôr fan de foarstelling ‘Brekber’ dy’t op dizze passende lokaasje troch Tryater brocht wurdt. Gastregisseur Jos van Kan hat de boarden út de museumkelders útselektearre. Sels hat er in achttjinde-ieusk hûs en it is dêrom dat er keramyk sammelet út [...]

  • 16 januari 2015

    NYNKE VAN DER ZEE -  Tongersdei 15 jannewaris gie it stik ‘Jopie, de teaterfoarstelling’ yn premjêre yn it Jopie Huisman Museum yn Warkum. De foarstelling oer de ferneamde keunstskilder wurdt spile troch Thijs Feenstra (1959), sels ek berne yn Warkum. Mei help fan lûdsfragminten en filmbylden yn in dekôr fan skilderijen nimt er ús mei nei de wrâld fan Jopie, mei as ien doel: it [...]

  • 9 januari 2015

    HENK VAN DER VEER -  Ofrûne simmer is de mânske bondel 'Fallend ljocht' fan Eppie Dam ferskynd by de Friese Pers Boekerij. It is Dam syn fjirtjinde poëzybondel. Henk van der Veer hie nei it ferskinen fan de bondel in digitaal ynterview mei de dichter. In fraachpetear fia de mail hie de foarkar fan Dam. Dy kar hat in reden. Eppie Dam hat de sykte [...]

  • 2 januari 2015

    ELSKE SCHOTANUS -  Teun Vonk hie al in oplieding as fotograaf dien doe’t hy syn stúdzje fuortsette oan de Keninklike Akademy foar Byldzjende Keunsten yn Den Haach. Mei tank oan in deeglike technyske achtergrûn koe er dêr hielendal ‘los’. Al keas er foar de rjochting kommersjele fotografy en die er benammen reklamewurk, mei de de hjoeddeiske kamera’s kin ek filme wurde en sa komt it [...]