Der binne grinzen …

ELSKE SCHOTANUS –  Yn it smûke doarpshûs fan Weidum gie sneon, 8 oktober, foar in man as fyftich, de teaterfoarstelling De grins / De Grens yn premjêre. De oankundiging set útein mei: “It klimaat feroaret, it seewetter komt deroan, de seedyk, ús fertroude grins is net heech genôch, wy strûpe derûnder! WAT DOGGE WY? Ferhúzje […]

It paad werom op fakânsje

RYNK BOSMA –  In man en in frou komme op de selde dei tagelyk by de karavan oan om fakânsje te fieren. Man en frou binne skieden mar tochten dat se dy karavan noch wol tegearre brûke koenen om fakânsje te hâlden. Mar dan moatte der fansels wol goede ôfspraken makke wurde. Wa sil it […]

Tics yn ’e notaristún

ELSKE SCHOTANUS –  Sneontejûn, yn de notaristún fan Jorwert, gie It bjusterbaarlike foarfal fan de hûn yn de nacht yn premjêre. Kristian Johan Frâns Boonstra (Bauke Haanstra), sechtjin jier, krijt it wurd: hy sil in presintaasje hâlde. Foar immen mei in ‘stoarnis yn it autistyske spektrum’, dy’t er seit te hawwen, is it dreech om […]

In skip soere appels foar Bauck!

ELSKE SCHOTANUS –  Freed 30 juny, yn ’e rin fan ’e middei, meldt Omrop Fryslân dat de iepenloftfoarstelling fan Dronryp ferskood wurdt fanwegen it foarseine minne waar. De premjêre fan Bauck!, brocht troch de Stichting Grut Hermana, giet ál troch. It eazet as ik de auto ynstap, it eazet ûnderweis, it eazet as ik yn […]

Ek yn Manon hâldt tiid gjin skoft

RYNK BOSMA –  De toan is yn Dronryp set as de ouverture fan it iepenloftspul Manon iepent mei it sa mankélike Avec le temps fan Léo Ferré. De tiid hâldt gjin skoft klinkt krekt efkes ierdser as Avec le temps, va, tout s’en va, On oublie le visage Et l’on oublie la voix, Le cœur […]

In the end is het gewoon een auto

ELSKE SCHOTANUS –  Eens reden wij met vrienden in een lelijke eend naar Rotterdam, voor een concert van Pink Floyd. Op de terugweg, via de Noordoostpolder, ploeterde het autootje zich door de storm, windkracht negen. De kilometerteller wees zeventig, het werd een eindeloze rit door de nacht. Zo kleven er aan oude auto’s allerlei anekdotes. […]

Lokaasjefoarstelling dy’t rekket

ELSKE SCHOTANUS –  De skries ferdwynt út it lân en dat hat alles te krijen mei de wize fan buorkjen dat produsearje foar de wrâldmerk wurden is. Of kiest de boer foar in ‘natoerynklusive’ wize fan buorkjen? Yn in ferhaal oer in pear dat, nei de dea fan harren soantsje, út elkoar groeit en ek […]

BG, bêst goed

ELSKE SCHOTANUS –  Foar bern fan fjouwer oant seis jier brocht Tryater yn, ûnder mear, It Posthús op It Hearrenfean Ien dei út it knisterjende libben fan in pûdsje. In pûdsje, dat is plestik en plestik, ast it net yn de ôffalbak smytst, rjochtet skea oan de natuer oan, is it boadskip fan de Frysktalige […]

Oarloch op sokken Tytsjerk binnen

RYNK BOSMA –  Hoasfuotlings kaam de oarloch troch de achterdoar it doarp Tytsjerk binnen om der op klompen ta de foardoar wer út te klossen. Sa folle wurdt dúdlik by it rinnen fan de teatrale kuier ‘It paad nei frijheid’ dat op tongersdei 6 april yn premjêre gie. Om de minsken it gefoel te jaan […]

Ljouwerter wyk wurdt sjoen

RYNK BOSMA –  It kostet in mem en heit 16.000 euro om in bern grut te bringen oant syn achttjinde jier. It is sa mar in sifer yn de foarstelling ‘Work work work work work’ oer de Ljouwerter wyk Heechterp-Skieringen dat sneontejûn 11 maart yn it Tryatergebou yn Ljouwert yn premjêre gie. Dat sifer stiet […]

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.