• 4 april 2014

    EELCO VENEMA -  It is de titel dy't my pakt. In wrâld oan oantinkens jagen my troch de holle doe’t ik oan Schoorl tocht. Mei de Datsun oer de Ofslútdyk, in stik bôle mei tsiis ite by it monumint. It sicht op de Noardseedunen yn de fierte, swimme mei de sâlte see op dyn lippen, kûlen grave op it strân, de Klimduin, pankoeken ite en yn sliep falle [...]

  • 3 april 2014

    NYNKE VAN DER ZEE -  It is deastil yn de lytse seal fan teater Meerzigt. Op de grûn njonken in grut wyt bêd leit aktrise Hilly Harms. Har foet yn in nuvere bocht, de holle oerside op de râne fan it bêd, it boarst dat stadich op en del giet op it ritme fan har siken. En fierder allinnich mar stilte. Sa begjint de foarstelling [...]

  • 1 april 2014

    ELSKE SCHOTANUS -  Bern dy’t op in rychje op ’e bank yn it gymnastyklokaal sitte, twa dy’t ploegen kieze foar it spul dêr’t de gynnastykles mei ôfslút. It lústerjen, it konkeljen: Wa sille wy nimme? En ek: wa wolle wy der leaver net by ha. Op it lêst bliuwe twa bern noch oer: it fine jonkje mei de bril, it skrutene famke, wat te dik [...]

  • 20 maart 2014

    ELSKE SCHOTANUS -  It is in moaie simmerjûn en do sitst op it Saailân oan in lange tafel yn it selsskip fan in goede freon. Foar dy it Fries Museum, altyd ûnderwerp foar diskusje en mei in heal ear harkest nei it rûzemûzjen om dy hinne. Guon minsken sykje noch om in plakje, in âldere frou jout har neist dy del, foar dy oer sit [...]

  • 19 februari 2014

    EELCO VENEMA -  Boppesteande kreet waard neffens oerlevering útroppen troch Archimedes dy't neaken oer de strjitten fan Athene rûn. Hy hie in belangryk wiskundich fraachstik oplost en in wet útfûn dy't fan dit punt ôf syn namme krige. Mar wat hat dizze anekdote mei de de teaterfoarstelling te krijen dêr't ik it oer ha wol? Op himsels net sa'n soad yn wiskundige sin, mar it Eureka-gefoel is [...]

  • 18 februari 2014

    ELSKE SCHOTANUS -  ‘We gaan naar ‘t feest van Lytse Teake / Oh, wat hebben we een lol / (…) / maar de zaal is overvol. / (…) Friese humor, dat is leuk / (…)  We liggen heel vaak in een deuk (…)’ It is noch mar kertier foar achten – de foarstelling begjint healwei njoggenen – as de teaterseal fan de Skâns op ’e [...]

  • 11 februari 2014

    JANNEKE BERGSMA, HANS BRANS -  Sûnder kultuer gjin mienskip. Sûnder Frysk gjin Fryslân. En wêr moetsje taal en mienskip elkoar yntenser as foar it fuotljocht fan it Frysktalich toaniel? Lykwols is de iennichste literêre priis foar oarspronklik, Frysktalich toaniel – de Fedde & Martha Bergsma Priis – net ynsteld troch de provinsje, in gemeente of in Fryske kulturele stifting, mar troch in Hollânske partikulier. Wa wie [...]

  • 6 februari 2014

    ELSKE SCHOTANUS -  Yn de boppeseal fan it Tryatergebou stiet in tafel, stuollen, ien foar regisseur Ira Judskovskaja, ien foar komponist Peter Sijbenga. Oer de flier lizze kabels, der is in elektryske piano, yn in plestik kistke dat op in stoel sit in lyts knoppepaniel. ‘Ie-oe, ie-oe-ie-oe’, docht Peter. Op syn holle spegelet it helle ljocht fan de neonlampe oan ’e soudering, as er sjongt [...]

  • 5 februari 2014

    NYNKE VAN DER ZEE -   Wat dochst as dyn foarstelling op Oerol binnen de koartste kearen útferkocht is en besikers bûten yn kloften stean te wachtsjen op miskien noch dat iene frije plakje? Fansels, dan hellest it dekôr in healjier letter wer út de opslach en spilest it stik gewoan noch in kear. En noch in kear. En omdat it op 'e nij smoar drok [...]