• 5 september 2014

    EELCO VENEMA -  It ôfrune ier stie foar my yn it teken fan reizigjen. Sawol foar business as pleasure reizige ik nei útienrinnende plakken. Fan de Grykse strannen nei it kâlde Moskou. Fan in hektysk en benaud Bangkok nei it rûge en prachtige lânskip fan Laos en dêrnei –  miskien wol de grutste oergong – de winterske bergen fan Tirol en oant beslút 'bella Roma' [...]

  • 4 augustus 2014

    FROUKJE SIJTSMA -  ‘In bus is in bysûnder objekt’, raast Folkert Wesseling yn syn rol as bussjauffeur troch de oldtimerbus hinne. Sa’n tweintich minsken hawwe harren sammele foar de teaterbustoer, dy’t by it Nasjonaal Iepenbier Ferfier Museum yn Ousterhaule begjint. ‘In bus rydt krekt wat oars as in auto, fyts of trein’, giet de jonge teatermakker fierder. ‘En om rare situaasjes foar te kommen by [...]

  • 15 juli 2014

    YTSJE HETTINGA -  Dat Eelco Venema boer wurde soe om’t syn heit dat ek wie, skriuwt er yn de Moanne, dat tocht er doe’t er sân jier wie. Mar heit hie de striid al opjûn en de pleats gie fan ’e hân. It wrakseljen fan safolle boeren oer harren bestean rint troch de jierren hinne. En is dat wol oer? Faaks begjint it wol op [...]

  • 9 juli 2014

    EELCO VENEMA -  Doe't ik njoggen wie, wie it libben dúdlik en oersichtlik. Ik soe boer wurde, krekt as ús heit, dêr wie gjin twifel oer. Doe noch net. Wat ik net wist, wie dat myn heit al lang de striid ferlern hie yn de 'voortrazende' trein fan ûntwikkeling en ynnovaasje op agrarysk gebiet. It wiene de tiden fan 'boterbergen' en de 'superheffing'. Us heit – de [...]

  • 24 juni 2014

    RICHARD DE BOER -  It earste living history temapark dat wijd wurdt oan 'e Fryske Aldheid stiet aanst yn Noard-Hollân. Op Justerland sille fan simmer 2015 ôf de âlde Friezen mei histoarysk spektakelteater ta libben brocht wurde. ‘Bij ons kom je ook wel Romeinen tegen, maar die hangen dan als schedels aan de wand’, seit teater- en tillevyzjemakker Chris Houtman, de driuwende krêft efter Justerland. [...]

  • 17 juni 2014

    ELSKE SCHOTANUS -  Sa’t achter it dekôr de tsjerketoer fan Easterwierrum ôfstekt tsjin de jûnsloft dêr’t sweltsjes fleane en, yn it beamte, it koeren fan in do te hearren is, wurket de setting oer alle boegen mei. Sa’t it it bestjoer fan it berne-iepenloftspul alle jierren wer slagget om sponsors te finen, bouwers, lêzers, grimeurs, parkearwachten, programmaferkeapers en boeren dy't in boerd yn harren lân [...]

  • 13 mei 2014

    ELSKE SCHOTANUS -  It is soel en brodzich as ik, nei in petear mei Jan Ros en Linda Eijssen, ‘creatives’ by de IIsfoarstin - de strjitopera fan Tryater dy’t 15 maaie yn premjêre giet - op it Wilhelminaplein stean, dêr’t de cast, dizze middei noch sûnder it koar, repetearje sil. Neist de trúk fan it teaterselskip stiet, as in grutte piramide, de mei spegeldiggels besiedde rok fan de iisfoarstin klear, nei [...]

  • 6 mei 2014

    ELSKE SCHOTANUS -  Het leegstaande bankgebouw op de hoek van de Doelesteeg, vlak bij het Saailân waar de cast die middag zal repeteren, fungeert als uitvalsbasis en opslag voor De IIsfoarstin, de voorstelling die van 13 tot en met 31 mei in de Leeuwarder binnenstad te zien zal zijn. De kale ruimten, met hier en daar afgedankt en achtergelaten kantoormeubilair, ogen naargeestig. Wie aan de [...]

  • 23 april 2014

    ELSKE SCHOTANUS -   Bûtendoar, op it Kiryat Onoplein yn Drachten, hearskje de sketterjende lûden fan de peaskemerke, yn spegeldbyld binne de letters Ghost Castle te lêzen, binnen, yn de lytse seal fan de Lawei, bringt objektteater Tamtam Escape wêryn’t hûnderten ôfdankte foarwerpen – fan printplaten oant letterbakken, âlde kranten, nietsjes, tillefoans en wat al net – in rol spylje yn in live makke animaasjefilm. [...]