• 13 april 2015

    ELSKE SCHOTANUS -  Maaie 2013 yn it Tryatergebou, by de preview fan Thúsfront, doe yn de foarm fan in ‘teatrale lêzing’ wie ik tige ûnder de yndruk fan de tekst fan Romke Toering dy’t troch de spilers, skriuwblokken yn de hân en foar it meastepart sittend, foar it fuotljocht brocht waard. “Dêrby steurt it blêdzjen nei de folgjende side absolút net,” skreau ik, “it foeget [...]

  • 2 april 2015

    FINNY ANDRINGA-VAN DER PAL -  It wie yn it Princessehof yn Ljouwert by Brekber, dat ik efkes noflik siet te praten mei 'ús' Hilly (koördinator fan de frijwilligers). Wy hiene it oer de fraach fan Tryater om in stikje oer it frijwilligerswurk by Tryater te skriuwen. Ik murk dêrby op, dat dat neat foar my wie, om't ik mysels hielendal net sa’n aktive frijwilliger fyn. [...]

  • 30 maart 2015

    ELSKE SCHOTANUS -  Yn de gong fan in hûs, ik mien it wie yn Reduzum, trof teatermakker Tamara Schoppert ris twa pear opfallende skuon oan: reade, ynlein mei diamantsjes en griene mei goudene glitters. ‘De schoenen van mijn moeder’, sa skeat it troch har hinne. It soe samar de titel fan in boek wêze kinne of dy fan in teaterfoarstelling. Doe’t by Tryater besletten waard [...]

  • 18 maart 2015

    TRYATER -  Meiwurkers fan Tryater stelle inoar fragen oer wurksumheden by Tryater. Dizze kear beantwurdet Jan Ros in fraach fan An de Wrede. Sy frege: 'Jan, do hast De IIsfoarstin foarmjûn, no bouwe wy oan dyn ûntwerp foar Brekber yn Keramiekmuseum Princessehof. It binne yn myn eagen twa útersten kwa foarmjouwing. Is dêr in parallel oan te wizen?' De IIsfoarstin en Brekber lykje in earste [...]

  • 3 maart 2015

    INEKE RIENKS -  Al as jong famke wie Tatiana Pratley ûnder de yndruk fan Tryater. Foarstellings lykas Ronja de Rôversdochter en Kening Lear ferwûnderen har. “Ik wie ûnder de betovering fan de mooglikheid om sa’n oare wrâld te kreëarjen.” Se gie nei de jeugdteaterskoalle yn Ljouwert en studearre Keunst, Kultuer en Media yn Grins. Yn Grins begûn se it teater te missen en ûnder lieding [...]

  • 24 februari 2015

    ELSKE SCHOTANUS -  Op it spylflak in man dy’t op en del panderet, op bleate fuotten, as it publyk nei binnen ta streamt. Mar is ‘streame’ wol it goede wurd? In soad folk blykt it Festival van de Toneelsolo, fiif foarstellings ôfrûne wykein yn de Harmonie, net te lûken. En dat is spitich want de tonielsolo is de meast suvere en meast ynkringende foarm fan [...]

  • 21 januari 2015

    ELSKE SCHOTANUS -  Under it byntwurk fan ien fan de boppesealen fan keramykmuseum it Prinsessehof stiet, yn steapele glêzene fitrines, prachtich diggelwurk. It is it dekôr fan de foarstelling ‘Brekber’ dy’t op dizze passende lokaasje troch Tryater brocht wurdt. Gastregisseur Jos van Kan hat de boarden út de museumkelders útselektearre. Sels hat er in achttjinde-ieusk hûs en it is dêrom dat er keramyk sammelet út [...]

  • 16 januari 2015

    NYNKE VAN DER ZEE -  Tongersdei 15 jannewaris gie it stik ‘Jopie, de teaterfoarstelling’ yn premjêre yn it Jopie Huisman Museum yn Warkum. De foarstelling oer de ferneamde keunstskilder wurdt spile troch Thijs Feenstra (1959), sels ek berne yn Warkum. Mei help fan lûdsfragminten en filmbylden yn in dekôr fan skilderijen nimt er ús mei nei de wrâld fan Jopie, mei as ien doel: it [...]

  • 12 januari 2015

    TAMARA SCHOPPERT -  Wannear’t ik dit skriuw, rinne de strjitten fol yn Parys. Ik bin taskôger fan dizze bylden, wylst ik wit dat elk fan ús, spiler is yn dit ferhaal. In histoarje dy’t we ek noch mei ús allen fierder skriuwe moatte. De rol fan Charlie wurdt troch in soad minsken claimt, nee, in Charlie bin ik net, ik spylje graach in oare rol. [...]