Midsomer Murders yn Frjentsjer

SJOERD BOTTEMA – It liet fan de Ibis, it nijste boek fan Koos Tiemersma, begjint mei in yntrigearjende en riedseleftige meidieling: “Hjir bin ik, wenjend by de boarnen dêr’t it libben oan ûntspringt”. De ik dy’t hjir oan it wurd is, is in figuer út it Afrikaanske folksleauwe, in abiku, “in geastbern, dat har út […]

‘Mei it bloed yn ’e klompen’

HARMEN WIND –    Fenomeen Ik haw in foarkar foar it oare, it eksperimentele, it avantgardistyske, it absurde, it kreative en it ferfrjemdzjende proaza (c.q. poëzy), omdat dêre de skriuwer himsels, de wrâld, de taal en it wurk yn diskusje bringt – yn de foarm fan it literêre einprodukt (roman of gedicht). Kontraliteratuer dus. Keunst […]

De krêft fan kwetsberens

HARMEN WIND –  1. pak van sjaalman Daliks oanslutend op de poëzybondel Ritueel (2005) ferskynde It útsjoch (2005) fan Piter Boersma. De oerienkomst yn tematyk is opfallend. Der is dêrneist ek dúdlik in relaasje mei de roman It libben sels (1997), dêr’t er in jier letter de GJ-priis mei wûn. Sels seit er dêr yn dit […]

Piter Boersma rint himsels nei

HARMEN WIND – 1. Titel Ritueel. Wat ropt de titel fan de nijste bondel fan Piter Boersma op? Neist fêstleine en foarskreaune aktiviteiten om (hichtepunten yn) it libben te oarderjen, sin te jaan en behearskber te hâlden, betsjut it: it fêste patroan fan ien syn dwaan en litten. Der sit dus in spanning yn tusken it boppe-persoanlike […]

Lijen oan it libben yn feelgood-fersen

HARMEN WIND – 1. Twa kanten Oan ien kant is de debútbondel fan Mindert de Wit fan dizze tiid. De gedichten ha te krijen mei de de dichter sels, of better: syn lyryske ik. It giet om persoanlike ûnderfinings: de dichter wurdt wekker, de dichter rydt yn ’e auto, de dichter besûpt him, de dichter […]

‘Skielk beart de hjerst’

HARMEN WIND –   1. Libben en wurk As tarieding op de nije blomlêzing út syn wurk, kaam ‘Hjir’ yn it desimbernûmer fan 2004 mei in Kiestranûmer. Neist bydragen fan Abe de Vries, wiene benammen dy fan Johan Frieswijk (oer syn politike fizy), Doeke Sijens (oer de ynfloed fan Van der Goot) en Eppie Dam […]

Op jacht nei it slachtersmes. Langst en ferfolling yn de poëzij fan Eppie Dam

JABIK VEENBAAS –  I De fakman oppenearret him Eppie Dam syn earsteling, Mei de jierren (1978), hie ik in jier as tweintich lyn alris lêzen, en ien gedicht út dy bondel wie my sterker as alle oaren bybleaun. Dat wie ‘Het dorp’, in oertinking oer de foarming fan de doarpsmienskip. Doe’t ik it boek nei […]

De fûgel, syn liet en syn kouwe

HARMEN WIND –   Noch ien kear dyn siken efkes fiele. Dyn waarme fel noch ien kear tsjin myn hûd. Noch ien kear de himel mei dy diele. En fan dyn stim noch in leaf lyts bytsje lûd. (Bauke v.d.Woude) 1. De tiid ryp Beart Oosterhaven begûn mei syn muzykresinsjes yn Frysk en Frij en […]

De romanskriuwer azemet, de dichter hâldt de siken yn

EPPIE DAM –  Yn 2002 publisearret Harmen Wind syn autobiografyske roman Het verzet, dêr’t twa jier letter syn eigen Fryske oersetting It ferset fan útkomt. Yn 2005 jout er de dichtbondel Ierdewurk yn it ljocht. De roman giet oer de beladen relaasje tusken soan en heit ûnder it stjerte fan de dea. Hoewol no en […]

Wêrom sa hastich?

ELSKE SCHOTANUS –  Pauwehôf, it nijste boek van Aggie van der Meer, foel my wat ôf. Hie ik earder net sa optein west oer har fersebondels en har debútroman Lytse roman fan Jon Fels en de ferhaleroman Ûntdekking fan ’e wrâld, dan hie ik har tredde boek, in novelle, al nei in pear haadstikken oan […]

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.