De wierheid kreëare

YVONNE DIJKSTRA –  It binne gjin sympatike lju, it stel dat yn It libben fan in oar de haadrol spilet. Hy, Johan, hat him de lêste jierren foar syn promoasjeûndersyk yn de poëzij fan de Fryske dichter Boate Annes de Vries ferdjippe. Dat dat ûndersyk op ‘e non rint is al gau dúdlik, mar in heimsinnige liftster […]

Weemoed en langst, sûnder Facebook, sûnder Skype

ELSKE SCHOTANUS – De Emigrant, De Koornbeurs, Frentsjer, sneon 16 maart 2013 Hast it idee datst in emigrant yn eigen lân bist, ast ûnder Ljouwert, oer de N31 de kant fan Frentsjer út rydst om dêr, yn de Koornbeurs, de premjêre fan De Emigrant mei te meitsjen. Slingerst tusken piramiden fan sânsekken troch, in leger oan […]

Knibbelje yn Húns

ELSKE SCHOTANUS – De lytse kannibaal, Freed, 8 maart doarpshûs de Murdhoun, Húns In tsjerkje op in terp, it keatsfjild, dêromhinne huzen. Achter sawat alle finsters brâne de ljochten. Sitte de bewenners dan net yn de Murdhoun, it doarpshûs fan Húns/Leons dêr’t toanielferieniging De Takomst De lytse kannibaal bringt? ‘Fansels,’ wit ien fan de besikers te fertellen, ‘allegearre, […]

Gedichten lêze yn it ramt fan de bondel

ABE DE VRIES –    OP ‘E TONGE FAN IT LÂN Op de tonge fan it lân lêst in man de krante, de siden iepenslein, as soe er op flerken. Let is it ljocht yn it uterste fan Tiid, de see, seegrien, mei tankers en seilen oer Cape Cod. Under de spotslach fan weach en […]

Vercors – De stilte fan de see

ERNST BRUINSMA – In see fan stilte is de Fryske oersetting fan de ferneamde Frânske novelle Le silence de la mer. Oarspronklik ferskynde dit boek oer it ferset yn de Twadde Wrâldoarloch, skreaun troch Vercors (skûlnamme fan tekener en typograaf Jean Bruller) as yllegale útjefte by Les Editions de Minuit (Parys). Dizze klandestine útjouwerij waard […]

Besprekstek, in ‘startpagina’ foar resinsjesykjen

SITO WIJNGAARDEN –  Koartlyn ferskynde op Facebook in resinsjeside mei de titel ‘Besprekstek‘. In inisjatyf fan oersetter Anne Popkema. “Dit stek is ornearre om resinsjes fan Frysktalige literatuer op te finen en te pleatsen. Jim kinne sels in resinsje pleatse, ferwize nei in resinsje op in oar plak op it ynterweb, of dy resinsje hjir […]

De skatkisten fan Grimm

ALBERTINA SOEPBOER –   Tink it dy mar ris yn: bist in famke, wennest thús by heit en mem en der liket neat te rêden yn dyn libben. Mar op in dei hearst fan de buorlju datst noch ergens sân bruorren hast. Dyn heit en mem hawwe dy dat noait ferteld. Wat dochst dan? Do […]

Finzen yn de Fryske Frijheid

GERBEN DE VRIES –   De nije keninginne Maxima ferklearre in stikmannich jier lyn dat se ‘de’ Nederlânske’ identiteit net fine koe. Dêr waard doe nochal spotsk oer dien. Oer de Fryske identiteit binne ûndertusken al moai wat provinsjale bibleteken folskreaun. Guon wolle sels hawwe dat de Friezen lije under it besef fan in traumatysk […]

Surrealistyske erfaring

ERNST BRUINSMA – Koartlyn ferskynde by útjouwerij Brumes Blondes de Nieuwe anthologie van de Nederlandse surrealistische poëzie (2012). Yn feite giet it om in nije ferzy fan de bondel Spiegel van de surrealistische poëzie in het Nederlands (1989). Alle skriuwers út de earste bondel hawwe wat minder romte krigen yn de nije edysje en der binne guon skriuwers bykaam. […]

In dichter sûnder wurden

ERNST BRUINSMA –  ‘Bernlef, in namme sa Frysk-eigen as ’t mar kin, en hwat lit dy jin allegearre wol net riede. Riede, – wisten wy mar hwat mear, wie der mar hwat fan syn wurk foar ús biwarre bleaun!’ Sa fersuchte in wat al te romantyske Jan Tjittes Piebenga yn syn Koarte skiednis fan de Fryske […]

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.