Mes amis

Ik woe earst myn stikje oer Durk van der Ploeg as redaksjoneel opnimme. Hy krijt moarn de Gysbert en dan binne wy – om syn wurden út it gesprek mei Karen Bies te werheljen – fan it geseur ôf. Van der Ploeg syn útspraak dat hy boeken skriuwt, sa’t in oar in hokje timmert, fyn […]

Design

Nei in nûmer oer de Swette en in spesjaalnûmer oer boeken, komme wy dizze hjerst al wer mei in ‘special’. Foarlopich is it ús lêste special, mar it tema fan dit nûmer, design en arsjitektuer, blykt oan de oare kant sa ynspirearjend te wêzen foar redaksje, meiwurkers en abonnees, dat wy besletten hawwe om oare […]

Skriuwe yn Fryslân, in takomstperspektyf

REDAKSJE – Fryske skriuwers krije it hieltyd dreger. De kâns dat in útjouwer in boek oppikt, wurdt lytser en lytser. Utjouwerijen en boekhannels hawwe te krijen mei weromrinnende ferkeapen. Dêr binne meardere oarsaken foar, sa as technologyske ûntjouwingen dy’t de online boekferkeap en it e-book mooglik makke ha, it grutter ferskaat oan frijetiidsmooglikheden dy’t de […]

Twa moaie nûmers

ERNST BRUINSMA – De abonnees fan de Moanne krije ein july twa ôfleveringen tagelyk yn de brievebus. Nûmer 6 giet oer boeken en literatuer en stiet fol mei besprekken, ynterviews, ferhalen en gedichten. Yn in spesjale redaksjonele bydrage gean wy yn op de fraach hokker bedrigingen Fryske skriuwers mei konfrontearre wurde, mar seker ek op […]

Leafdefol?

Lestendeis wie ik by de iepening fan de tentoanstelling fan fotografe Trynsje Nauta yn it Fries Museum. Yn ‘De zee roept’ hat se leafdefolle portretten makke fan learlingen op de Seefeartskoalle, mar fassinearjender is miskien noch wol dat se portretten makke hat fan de see, troch it keamersrút fan elk fan dy learlingen. Elke learling […]

Unbehaachlik

De diskusje oer it belang en de wearde fan kultuer wurdt hieltyd skraler, alteast binnen de rûnten fan it iepenbier bestjoer. In wat ûnbetocht ferlangen nei direkte aksje hat it ek hjir – krekt as yn de polityk – wûn fan tsjinspraak en refleksje. De provinsje Fryslân hat op dit stuit – troch it grutste […]

Trinus Riemersma

ERNST BRUINSMA – Yn 1997, yn ien fan myn alderearste bydragen oan Trotwaer, bespruts ik de bondel In fearnhûndert ferhalen fan Trinus Riemersma. Neffens my moasten dy ferhalen fral lêzen wurde as in soarte fan eksperimintearromte foar wat hy yn syn romans fierder útwurkje soe. Troch dy ferhalen waard dúdlik, sa skreau ik, hoe’t alles […]

Lang, lang, koart

ERNST BRUINSMA – Op it omslach fan dizze Moanne stiet in âlde man. It giet om Klaas Bruinsma, de ferneamde en al mear as ien kear ûnderskieden oersetter dy’t de grutte klassike literatuer nei it Frysk oerset en dêr eins syn libben foar opoffere hat. Wêrom? Sadat lettere generaasjes sjen kinne dat der serieus wurke […]

Gedichten

– Lêsto noch wolris in gedicht? Gewoan, foar dyn plezier? – Selden. Ik gean der net foar sitten. In pear wike lyn wie ik oan it googeljen op myn eigen namme en ûntduts ergens in stikje op Farsk fan mysels oer de poëzij fan Eva Gerlach. Doe haw ik noch even in bondeltsje fan har […]

2010 Alle dagen nijs

Lemster smyt fyts yn wetter Plysjefrou ûnseedlik betaaste Hûn yt bak net leech Loket gemeentehûs te gehoarich Boargemaster teloarsteld Mear drankriders yn Dongeradiel Stadige barman bedrige Trein ramt boegspriet Kafee-eigner Stroobos slein Man siket hûn Famke betaaste achter tsjerke Masinegewear nei museum Ynbrekker naait út mei laptop Lúkswâld benaud foar takomst Terherne wol by Skarsterlân […]

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.