• 6 oktober 2023

    Mei in nije hoed op en in fleurich sin iepenet Dichter fan Fryslân Sigrid Kingma tongersdeitemiddei It grut Dichtersbarren op it Aldehouster Tsjerkhôf te Ljouwert. Op it waaierige plein kinne minsken harkje nei foardrachten en oanskowe by ien fan de tafeldichters. Keunstner Erik de Boer skilderet derby en jûns is fierderop, yn Tresoar, in Literêr Kafee. M.G. NUNEZ-PRINSEN  “Jim meie der wol bykomme hear, op [...]

  • tegearre lêze

    29 september 2023

    Mei-inoar lêze is mei-inoar genietsje fan moaie romanfragminten, pakkende ferhalen en bysûndere gedichten, en mei-inoar prate oer wat dy teksten oproppe. It is dus gjin klassike lêsklup of boekeklup. Elkenien kin meidwaan en tarieding of foarkennis is net nedich. Yn dizze spesjale edysje fan Mei-inoar lêze yn de Gysbert Japicxpriis-wike, lêze we teksten fan de winner fan de priis (yn 2023: Jetske Bilker), fan Gysbert [...]

  • Arjan Hut

    22 september 2023

    Soms liket it as binne minsken benaud fan gedichten. Net alle gedichten, mar de lestige. Der stiet net wat der stiet, of wol? En as der net stiet wat der stiet, wat stiet der dan? Wêrom kin in dichter net gewoan opskriuwe wat er bedoelt? Dichter Arjan Hut jout in searje jûnen 'poëzijlêzen foar nijsgjirrigen'. Oan de hân fan âlde en nije gedichten, dûke we [...]

  • Wethâlder Petra van den Akker fan gemeente Súdwest-Fryslân mei de priiswinner Sytze de Haas

    21 september 2023

    Sytze de Haas (11 jier) út Jorwert wint de Lytse Gysbert Japicxpriis 2023, dé priis foar it bêste Fryske gedicht skreaun troch skoalbern út de groepen 7 en 8 fan it basisûnderwiis yn Fryslân. Op sneon 14 oktober kriget hy ‘De Gouden Fear’ en in oarkonde útrikt yn de Martinitsjerke yn Boalsert, op itselde stuit dat ek de Gysbert Japicxpriis útrikt wurde sil oan skriuwster [...]

  • it ritme fan Rixt

    15 september 2023

    Yn 2023 bestiet it Frysk dichterskollektyf RIXT fiif jier. Yn maaie 2018 kaam in groep dichters byinoar en waard de namme fan de ferneamde Fryske dichteresse Rixt (1887-1979) keazen foar it kollektyf dat de poëzy yn Fryslân oars op de kaart sette woe. Op dit stuit nimme mear as fyftich dichters diel oan RIXT. De measte fan harren skriuwe yn it Frysk, mar der sitte [...]

  • 21 augustus 2023

    Pauper fiert feest, Gabrielle Terpstra is slagge oan de Akadeemje foar Popkultuer én it losse kollektyf Pauper Poëzy bestiet 4 jier! Muzyk, poëzy en in kombinaasje dêrfan. Orizjinele Pauperset mei âlde bekenden en nije Pauperfreonen.Mei muzyk fan:Minne PrysterMethoxyDichters:Erik de BoerJaimy HindriksMartsje de JongLubbert Jan de VriesAlwin van der ToornEmily WielandOm 7 oere trapet Methoxy ôf mei har sfearrike, persoanlike muzyk, en tusken de dichters troch [...]

  • 21 augustus 2023

    Ik hâld de jûn yn myn hân as wie it in apel dy’t eins daliks opiten wurde moat, want hy stiet op it rantsje fan bedjerren. De skimer falt hoeden oer it kanaal, de brêge en de stille treppen by myn finster del. Alles is sa feroarlik as de maitiid. En ik: hjir ferside, yn dit stjerrende ljocht dat falt as op in skilderij fan [...]

  • 13 augustus 2023

    "Wiene we allegear mar in lyts bytsje mear Aggie" ARJAN HUT - Sneon, wylst de sûndfloed oer it lân losberste, is Aggie van der Meer op 95-jierrige leeftyd ferstoarn. De skriuwster kaam op lettere leeftyd literêr op gong en bleau oant de ein ta warber. Se lit in grut en yndrukwekkend oeuvre nei, mei titels as Wachtsje op it daagjen, De oerfeart (Piter Jelles Priis [...]

  • 7 augustus 2023

    Bauke Vermaas, Berber Spliethof, Lara Kool-De Vries, Neeltje Terpstra en Sietske Boonstra binne de winners fan de poëzijwedstriid fan de Dichter fan Fryslân. De winners ûntfange €200,- en de gedichten wurde as poëzijposters ferspraat ûnder alle middelbere skoallen yn Fryslân.  Sigrid Kingma, Dichter fan Fryslân: ‘Ik bin hiel tefreden oer de ynstjoerings. Moai is ek dat de fiif bêste gedichten elk by in oar fak [...]