Doch mei oan Pennel!

Doch ek mei oan Pennel! Stjoer dyn ferhaal of gedicht yn. En wa wit wurde dyn wurden publisearre! Lês, lústerje en beoardielje alle moannen fiif nije gedichten en ferhalen fia de Pennel-app. Of skriuw sels! De Pennel-app is fergees te downloaden foar iPad en Android tablets.   De Pennel app wol op in tagonklike wize in grutter publyk […]

Stylboarterij op it heechste nivo

SIGRID KINGMA –  Abe de Vries wurdt wol de Rachmaninov ûnder de Fryske dichters neamd. Oaren neame him in ‘briljante dwersbongel’. Dizze dichter lit him net yn in inkele sin omskriuwe. Wy ha te krijen mei in fakman dy’t syn klassikers kent en muoiteleas syn styl oanpast. Syn sânde dichtbondel Brek dyn klank is yn […]

De rails boem boem boem

EELTSJE HETTINGA –    DE RAILS BOEM BOEM BOEM Skal-da, skal-drom, alles dronken, alles trom. Te kiekeboe, ta optika sjongt Herr Hugo Ballala syn trallala op ’e trein nei Barcelona – Ien grut fûnkjen de rails boem-boem-boem yn in hielal sparkjend rûnom.   Skal-da, skal-drom, alles hinkjend, alles prom.  Licht soeikjendewei it lichem hjir metronoom […]

Broodje Mahler

SJOERD BOTTEMA –  Molwrot, sa hyt it nijste boek fan Piter Boersma. De ‘mol’ út de titel is de haadfiguer Seleina en ‘wrot’ slacht op wat se al wrottende yn it libben fan oaren fernield hat, har eangst dat der ek nochris in dei komt dat se sels pakt wurdt troch ‘in mollehûn’ en har […]

Sels in Tibetaan belânet op it lêst yn see

ARJAN HUT – De minsken hiene de fjoerpylken al yn de hân doe’t op de uterste râne fan 2016 de nije Edwin de Groot ferskynde. ‘Sels in Tibetaan belânet op it lêst yn see’ is de fjirde bondel fan de dichter út Aldehaske, dy’t as Feandichter ek yn tsjinst is as poetysk fertsjinwurdiger fan de […]

It plak fan Tsead Bruinja

FREDDY SCHELTEMA & PAUL DE BRUIN –   It is heal febrewaris en der wurdt hjoed in rekôr brutsen. Wie it trije dagen lyn noch in pear graden ûnder nul en moasten de redens út it fet, no is it suver maitiid en hellet it kwik de 15 graden. It is de waarmste febrewarisdei sûnt […]

Koart, mar sûnder oertsjûging

SIGRID KINGMA –  Yn maaie 2016 kaam fan teolooch Wytze Brandsma de dichtbondel God is het antwoord niet/God is it antwurd net út. Op it kaft stiet in foto dy’t net misstean soe op in fytsgids fan Fryslân; weidzjende kij ûnder in licht bewolke loft. Yn dit boekje dat fjirtich twatalige gedichten telt, fertolket Brandsma […]

Besprek bondel Wolf yn harnas fan Cornelis van der Wal

JOSSE DE HAAN –    I ILLUMINATIONS ‘Dy moarns betiid wie ik noch lang net útrêst fan ’t bêd gongen yn it hûs dat myn âldelju foar fakânsje hierd hiene yn Hendaye. Ik wie nei it strân rûn, dat om acht oere noch útstoarn wie, in griis strân ûnder de Baskyske wolken dy’t leech en […]

Poetic Potatoes 2016

Begjin oktober binne foar it tredde jier gedichten foar it projekt ‘Poetic Potatoes’ ferstjoerd nei Malta. Tegearre mei de earste Fryske poaters binne de gedichten fan Janneke Spoelstra, Tsead Bruinja, Geart Tigchelaar, Yva Hokwerda en Simon Oosting op transport set nei Valetta. ‘Poetic Potatoes’ is in projekt fan de Stichting Bildtse Aardappelweken yn it kader fan Ljouwert Kulturele Haadstêd 2018. de Moanne fersoarge […]

De Marboei – Syds Wiersma

Yn opdracht fan de Marrekrite lansearree de Moanne ferline jier it projekt ‘De Marboei’. In poëtysk ankerplak op it Fryske wetter. Maarten Inghels, Elmar Kuiper, Ellen Deckwitz, Jaap Krol, Elske Kampen, Arjan Hut, Erik Lindner, Joost Oomen en Saskia Stehouwer skreaunen op ’e mar in gedicht. It gedicht is mei GPS-lokaasje werom te finen fia de Marboei-webside dy’t bûn […]

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.