• Tsjisse Hettema

    29 juli 2021

    SYDS WIERSMA - Tsjisse Hettema is ferstoarn. Ut namme fan dichterskollektyf RIXT en as goede freon hat Syds Wiersma in In Memoriam skreaun foar de RIXT-webside, De Moanne mei de tekst trochpleatse op har webside. - - - - - - - - - - - - Sneintemoarn 25 july ferstoar dichter Tsjisse Hettema (Bitgum, 1955). Nei in tige koart siikbêd joech er thús yn [...]

  • Wat in koffer seit

    24 juni 2021

    SJOERD BOTTEMA - De Tsjechysk-Dútske Ilse Weber (1903-1944), har man Willi en de jongste soan Tommy waarden yn 1942 deportearre nei Theresienstadt. De âldste soan Harnuš wie yn 1939 mei in bernetransport fia Ingelân nei Sweden reizge. Yn Theresienstadt skreau Ilse nachts, as se net sliepe koe, gedichten. Dy gedichten waarden troch har man ferstoppe. Hy oerlibbe as troch in wûnder Auschwitz en krige nei [...]

  • 28 mei 2021

    Sjoch hjir it gedicht 'Mei ik' fan Ilse Vos en muzyk fan Siebe Zwiers https://www.youtube.com/watch?v=2p_qfnezKTs   Ilse: 'Het gedicht Mei ik heb ik geschreven toen het fenomeen corona net bekend was en we de lockdownperiode in gingen. Er werd ineens zo veel gesproken over ziekte in mijn omgeving dat ik graag een tegenkleur wilde geven om weer wat meer balans te brengen. Ik visualiseerde mij [...]

  • 12 mei 2021

    HINDIRK HANNEMA -   Op 10 septimber 2019 die ik mei oan in Fryske Poetry Slam (poëzijwedstriid), in priuwke yn Tresoar, ta eare fan it 60-jierich jubileum fan it Frysk Letterkundich Museum en Dokumintaasjesintrum. It tema fan ús poetry slam wie 'it folk'. No frege ik my ôf: wannear fiel ik my no folks? En dat is as ik op cookies okee mei drukke. Hûndert [...]

  • 7 maart 2021

    JOEL HUT   dyn paad   ast hjir fan beide stullen furtrond bist dyn paad fynst nei de doar en iepen duchst för treden dysto nei beneden litst wêrsto de drûger draaien hjêre mutst   ast ienkear buten stiest yn tsjuster waar en katten hee seind hest om dan nei ruchts de strutte fan in wurdekeunstenaar en boaten gau te litten as yts fluchs   [...]

  • 12 februari 2021

    BOUKE SLOFSTRA - Kunde fan ús (Christina Elsenga, Grins) makke my lêstendeis attint op in pear Fryske fersen dy’t har heit silger yn in skriftke oerskreaun hie. Twa ha tafallich – as wie it sa ôfpraat – itselde tema as de Dei fan de Fryske Letterkunde fan dit jier, dat wol sizze de befrijing en it ôfskie fan ‘ús’ Ynje (sjoch de webside fan Sirkwy). [...]

  • Jan Bylsma

    11 februari 2021

    WILLEM WINTERS / ANNEKE VAN RENSEN - Jan Bylsma is ferstoarn. Syn faaks wat iroanyske gedichten bestean foar 99 prosint út gewoane deistige wurden. Dat hie ta doel dat gewoane minsken syn gedichten - wat nea lange ferhalen waarden - lêze en begripe koenen. de echt klassike poëzij dat is nou neat foar my Yn it gedicht Koart Frysk poëtysk lexikon jout er in pear [...]

  • Foto: Geart Tigchelaar

    1 februari 2021

    Alle jierren organisearret Frysk literêr tydskrift Ensafh de Grutte Gedichtejûn. Foargeande edysjes hawwe plakhân yn Snits, Ljouwert en Drachten. Fanwegen it koroanafirus hat de redaksje besletten om der dit jier in digitale edysje fan te meitsjen. Dichters en poëzyleafhawwers hawwe de oprop krigen om gedichten op te nimmen en as filmke yn te stjoeren. Dat hawwe twaentweintich dichters dien. Al dy filmkes wurde ta ien [...]

  • Rely Jorritsma

    29 januari 2021

    LJOUWERT - De Rely Jorritsmapriisfraach foar Fryske ferhalen en gedichten 2021 is iepensteld. It is de 67ste kear dat de priisfraach útskreaun wurdt. Wa’t gading meitsje wol, kin in ferhaal en/of fers ynstjoere. In ûnôfhinklike sjuery hifket de ynstjoeringen anonym en kin maksimaal kinne fiif ferhalen en fiif fersen bekroane. Elk bekroand ferhaal of gedicht wurdt honorearre mei € 1000,-. Oant en mei snein 9 [...]