Nog altijd strijd om Leafdedea

HUUB MOUS –  ‘De literatuerbefoarderers hâlden de fernijing fan de Fryske literatuer tsjin,’ zo verklaarde Josse de Haan in de LC, nadat hem in 2007 de Gysbert Japicxprijs was toegekend. Die miskenning zou niet alleen hemzelf betreffen, maar ook veel vernieuwers van zijn generatie. Het experiment valt nu eenmaal niet zo goed bij de snel […]

Durk van der Ploeg – Reis nei it uterste lân (2)

EELTSJE HETTINGA – Yn de trijetalige gedichtebondel Gjin grinzen de reis (2004) is de begjin dizze moanne mei de Gysbert Japicxpriis 2011 bekroande skriuwer Durk van der Ploeg ien fan de trijentweintich dichters dy’t him útlei op it tema reizgjen. De oersettingen fan de fersen kamen fan in ryklik ynternasjonaal selskip oan oersetters: Susan Massotty, […]

Durk van der Ploeg ‘Kultuer hat hjir ’t ûnthâld ferlern.’ (1)

EELTSJE HETTINGA – […] Wy sille ferhalen fertelle dy’t de mûle fan de deade ús neilitten hat as wazem fan in deade mûle op in spegel. De beklomming dêr’t nea in ein oan komt. Dat binne de lêste fjouwer rigels út it gedicht ‘Ferhalen en gjin ein’ fan skriuwer, dichter en essayist Durk van der […]

Werom yn de Wâlden

KAREN BIES – Noch even, dan komt der wer in nij boek út fan Durk van der Ploeg. Foar de Moanne oanlieding om by him lâns te gean. It waard in persoanlik petear, net allinnich oer syn skriuwerskip, de kritiken en prizen, mar ek oer syn bernejierren en oer hoe’t er yn it libben stiet. […]

Gysbert Japicxpriis foar Durk van der Ploeg

De skriuwer Durk van der Ploeg krijt de Gysbert Japicxpriis 2011. Van der Ploeg krijt de priis, de wichtichste literatuerpriis yn it Fryske taalgebiet, foar syn folsleine wurk. De priis bestiet út in jildbedrach fan € 5.000. Gjin boek mei kop en skouders der boppe-út De Gysbert Japicxpriis wurdt ienris yn ‘e twa jier takend, […]

Gysbert en de frucht fan de Fryske ynstitusjonalisearring

UPDATE, Tiisdei 15:27: Fan Matthé ten Wolde, bestjoersadviseur fan deputearre Jannewietske de Vries: “Skriuwer, dichter en essayist Durk van der Ploeg is de winner fan de Gysbert Japicxpriis 2011.” GYSBERT EN DE FRUCHT FAN DE FRYSKE YNSTITUSJONALISEARRING “Wy hawwe as sjuery oanjûn dat wy ree wienen om in shortlist op te stellen, mar noch Tresoar […]

Nobelpriiswinner Tomas Tranströmer en Fryslân

EELTSJE HETTINGA – De Nobelpriis foar literatuer giet dit jier nei de Sweedske dichter Tomas Tranströmer. En mei rjocht. My skeat by it hearren fan dat nijs – it waard my trochdien troch Radio Netherlands Worldwide, dy’t my fannemiddei belle mei it fersyk oft ik in taljochting jaan woe op de troch my ferfryske gedichten […]

Yn memoriam Binne Lútsen Boarnstra

EELTSJE HETTINGA – Juster, fjirtjin septimber, is de dichter-skriuwer en skipper en histoarikus Binne Lútsen Boarnstra (1946) yn Marrum te hôf brocht, in plak dêr’t net allinnich syn pake en beppe Eeltsje en Jantsje Holwerda lizze, mar ek syn soantsje Eeltsje Allard dy’t, krekt njoggen moanne âld, te ferstjerren kaam, doe’t Boarnsta, it wie healwei […]

Skriuwe yn Fryslân, in takomstperspektyf

REDAKSJE – Fryske skriuwers krije it hieltyd dreger. De kâns dat in útjouwer in boek oppikt, wurdt lytser en lytser. Utjouwerijen en boekhannels hawwe te krijen mei weromrinnende ferkeapen. Dêr binne meardere oarsaken foar, sa as technologyske ûntjouwingen dy’t de online boekferkeap en it e-book mooglik makke ha, it grutter ferskaat oan frijetiidsmooglikheden dy’t de […]

Twa moaie nûmers

ERNST BRUINSMA – De abonnees fan de Moanne krije ein july twa ôfleveringen tagelyk yn de brievebus. Nûmer 6 giet oer boeken en literatuer en stiet fol mei besprekken, ynterviews, ferhalen en gedichten. Yn in spesjale redaksjonele bydrage gean wy yn op de fraach hokker bedrigingen Fryske skriuwers mei konfrontearre wurde, mar seker ek op […]

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.