De bibleteek fan Philippus Breuker
ERNST BRUINSMA & BAUKJE WYTSMA – Philippus Breuker (1939) is berne yn Skingen. Wenne mei heit en mem en fiif jongere broers op in lyts boerespul yn dat doarpke. Heit hie fyftjin kij en wat bou. Nei de HBS soe er studearje yn Wageningen, mar moast dy stúdzje al nei in pear wike ôfbrekke omdat […]
II. De kikkert en de flinter, yn: Oermacht
Op it pompeblêd siet in kikkert en in eintsje fierder de flinter op in swanneblom. De kikkert blies sokke prachtige bellen oan wjerskanten fan syn bek dat er wat fan in generaal weikrige en begûn te kwekkerjen as spruts er in leger ta. Doe eage er nei de flinter en frege spytgnyskjend: ‘Kinsto dat?’ De […]
Gjin hâld oan âld en nij
HARMEN WIND – 1. Lost generation De hûnsdagen (2006) foarmet op it oeuvre fan Durk van der Ploeg de nijste oanfolling. Dy, foarmtechnysk prachtich fersoarge, histoaryske roman of novelle (beide beneamings wurde jûn), spyljend yn 1954/1955, beskriuwt de relaasje fan in jonge plattelânsman mei syn heit dy’t stjert, en mei in ambisjeuze studinte. In gefoels- […]
III. De protter en de ko, yn: Nuttich
‘Goeie, ko,’ sei de protter. ‘Hâldst it noch wat kôgjende?’ De ko slokte en grommele: ‘Wat moat dat, lyts bretaaltsje?’ ‘Do weidest hiel wat ôf,’ gong de protter fierder, ‘foar dy pûde molke en dy hûd fol fleis.’ De ko swypke yn ien klap trije miggen dea en grânzge: ‘Hasto wolris in traap fan in […]
Mind games
SJOERD BOTTEMA – De lêste sin is in daalder wurdich – (…) Dou Bist De Haedpersoan. – Wêrfan? – Fan Dit Boekewikegeskink. ‘Ik ha wolris wat lêzen oer úttredingen, oer minsken dy’t harsels op de operaasjetafel lizzen sjogge en dêr letter ferslach fan dogge,’ seit Koos Tiemersma yn in fraachpetear mei Sietse de Vries (Ljouwerter […]
XIII. It iikhoarntsje en de spjocht, yn: It Boadskip
HARMEN WIND – ‘Wa seist dat kloppe?,’ frege it mantsje. Mei syn kastanjebrune plomsturt wiuwde er himsels en it wyfke koelte ta. It wie near yn it ferboude ûlenêst. ‘Dy bûnte!,’ snaude se, ‘dat hammeret mar gatten yn ús beam, in ûnderminende misliksma is it. Noch even, dan stekt er syn snaffel yn ús keamer!’ […]
Gers dat alfêst laket
GEART VAN DER MEER – Alle keunst, en dus ek literêre keunst (dêr’t ik mij hjir fierders ta behein) wurdt makke mei it doel om te behaagjen, of yn alle gefallen om (fanwege ynhâld én foarm) moai fûn te wurden. No is dat begryp ‘moai’ in lestich ding, en net sa maklik objektyf te definiearjen, […]
Boalsert op it snijflak fan de wrâld
ELSKE SCHOTANUS – Zouden ze het uiteindelijk met elkaar aandurven hun onderdanen met stevige hand te leiden uit het land van ieder voor zich, God zegene de greep en na ons de zondvloed? Aksjefierster It is gjin rigel út Aggie van der Meer har nije roman Oerfeart, it sitaat komt út de Ljouwerter […]
V. De snoek en de ielreager, yn: Moederaasje
HARMEN WIND – Maitiid. De sinne berikte alwer in nij hichterekord en krong dêrby troch ta de djipte fan it jachtgebiet fan de snoek, de sânige boaiem dêr’t it grien noch frijwol op ûntbriek. De sleat lei derby as in ljochtbak. Ungenedich sichtber hong dêr de rôver. Foar skut. De kommende wetterflok hie har […]