• 2 juli 2018

    HIDDE BOERSMA - De earste kear dat ik hearde fan Tolkien syn The Lord of the Rings wie yn ‘e kibbutz yn Israël, yn 1999. Tegearre mei Oliver út Kolombia en Pavel út Tsjechië bewenne ik dêr in keamer yn it húske mei de namme The Cuckoosnest. We sieten de middeis nei it wurk op it fjild rjochtop op ús bêden mei it kessen yn [...]

  • 1 juni 2018

    JOSSE DE HAAN -  Yn de wike dat ien fan de grutste wrâldskriuwers ferstoar – Philip Roth en syn alter ego’s – krige ik de Koarte Skiednis fan de Fryske Literatuer (‘Salang’t de beam bloeit’) yn mar leafst fjouwer talen. Roth - literatuer pur sang - en de Koarte Skiednis? Ik haw sa myn twifels no’t de ‘pulpprodusint’ KFFB (Anne Wadman), en Hylke Speerstra – ‘quasi [...]

  • 28 mei 2018

    HIDDE BOERSMA -  De master fan ‘e Fryske oersetters is fansels Klaas Bruinsma. It is syn missy om de eare fan ‘e Fryske taal te rêden: as de taal dan úteinlik ferdwûn is, kinne lettere generaasjes sjen dat it Frysk in taal wie dêr’t serieus yn wurke waard.[1] Oan dizze mânske operaasje draacht Eric Hoekstra in moai stientsje by, mei it oersetten fan bygelyks wurk [...]

  • 24 mei 2018

    TSJOMME DIJKSTRA -  ‘Ik hâld fan it lûd fan de trein yn de fierte’. Dat is titel fan de rige koarte ferhalen dy’t Arjan Hut oer Ljouwert skreaun hat foar it ynternasjonale ferhaleprojekt Citybooks. Opfallend oan dy titel, de fêststelling, is dat de romte der grutter yn is, as it blikfjild of de strjitte. Wylst yn de ferhalen wat fier is oer it gehiel nommen [...]

  • 18 mei 2018

    TSJOMME DIJKSTRA -  Op skoallen yn de gemeente regelen se dat dichters yn de klasse kamen en in gastles fersoargen. Soms wurkje se ek mei de gemeente gear oan kulturele projekten. Yn haadsaak soargje se der lykwols foar dat der in protte poadia foar keunstners binne om har wurk te presintearjen. Foar en mei harren organisearje se eksposysjes, optredens, keunstmerken, wedstriden en kuiers. It bringt [...]

  • 11 mei 2018

    SJOERD BOTTEMA - ”It folk sil wer yn deugd en soberens libje en mei dreech bodzjen syn brea beskreppe.” Mei dat donderjend evangeelje ûnderbrekt in anonime preker yn beierjend brûns it rinnende ferhaal yn De 13de asega, it nijste klokkespul fan Harke Bremer en Jarich Hoekstra.   It is de toan, dy’t de muzyk makket. Dat giet trijedûbeld op foar Bremer en Hoekstra. Wielderich, âldfrinzich [...]

  • 9 mei 2018

    Understeande boeken bespruts Ernst Bruinsma koartlyn yn Op en út, it kultuerprogramma fan Douwe Heeringa foar Omrop Fryslân live fanút Talepaviljoen MeM yn Ljouwert: Meindert Bylsma, ‘Moard yn ‘e hite hei’. Speurdersroman. Elikser, Ljouwert 2018. www.elikser.nl Yasushi Inoue, ‘Het jachtgeweer’. Bananafish, Amsterdam 2018. www.bananafish.nl      

  • 7 mei 2018

    ARJAN HUT - Tiid bestiet net yn de poëzy,” stelt Elmar Kuiper as ik him belje op in moaie maitiidsmoarn. It is pas by de tredde poging raak. Kuiper wie bûten, yn Jorwert, dêr't er sûnt in pear wiken wennet. “It is hjir no prachtich, mei in útsjoch oer de fjilden. Foar de bern is it ek moai."   Kuiper hat hieltyd minder mei 'tiid', [...]

  • 30 april 2018

    HUUB MOUS -    Geachte mijnheer Van ’t Reve, Met enige schroom richt ik mij tot u, aan wie ik nooit een brief zou schrijven, al was het maar omdat ik daar de moed niet toe had, u die ooit de mooiste brieven schreef die de Nederlandse literatuur heeft voortgebracht. Ik zou het niet durven en doe dit alleen omdat de organisatoren van deze kleine [...]