Alex Riemersma: in pedagogyske optimist

Foto: Linus Harms

ATE GRIJPSTRA – Hoe stiet it der op ’t heden foar mei it Frysk yn it ûnderwiis? Om in antwurd op dizze fraach te finen hat de Moanne in tal petearen plend mei minsken út it ûnderwiisfjild. Wy sette dy lytse rige artikels útein mei in ynterview mei dr. Alex Riemersma. Alex Riemersma (Frjentsjer, 1953) […]

Frysk yn it fuortset ûnderwiis

MARRIT DE SCHIFFART – Hoe stiet it der op ’t heden foar mei it Frysk yn it ûnderwiis? Om in antwurd op dy fraach te krijen hat de Moanne in tal petearen pland mei minsken út it ûnderwiisfjild. Yn edysje nûmer 7 – 2010 fan de Moanne op papier stie in ynterview mei dr. Alex […]

Fiksje

ERNST BRUINSMA – It is net langer ús eigen fiksje, Fryslân is no wier de moaiste provinsje. Dy ‘deconfiture’ hawwe wy te tankjen oan de Vereniging Nederlands Cultuurlandschap (VNC), dy’t ûndersyk dien hat nei ‘landschap, cultuurhistorie, biodiversiteit, grondwater & bodemgesteldheid en natuur & bosbeheer’. Neffens VNC-direkteur Dirkmaat hawwe wy dy twiveleftige ear te tankjen oan […]

Henk Keizer: ‘Jongens let op, Friesland komt eraan’

foto: Linus Harms

KAREN BIES  –  Henk Keizer is op 1 juny begûn as kwartiermaker culturele hoofdstad Fryslân 2018. Earder saaklik lieder fan Oerol en Dogtroep, de lêste jierren wurke er as projektlieder fan De Vrede van Utrecht oan de tariedings fan Utert yn de striid om kulturele haadstêd fan Europa te wurden. Hy stapt dus oer nei […]

Goede foarnimmens

SJOERD BOTTEMA –  De skoalle dêr’t ik wurkje, hat fan de ynspeksje it predikaat ‘zeer zwak’ krigen. Tefolle sittenbliuwers, tefolle sakkers, tefolle ôfheakkers. Gelokkich ha wy in direksje dy’t it der net by sitte lit en fan trochpakken wit: yn myn postfakje fûn ik in espeltsje A4’s mei dúdlike ynstruksjes hoe’t ik tenei lesjaan moat. […]

Tiny Mulder sjocht op ‘e trijetalige skoalle

JELLE BANGMA – Tiny Mulder hat har libben lang dwaande west mei taal en wit as gjin oar de wearde fan goed taalûnderwiis. Sy wist al lang dat ek jonge bern maklik trije talen neist elkoar leare kinne en no’t dat ek yn ‘e praktyk realisearre wurdt, woe sy graach nochris yn sa’n skoalle sjen. […]

De universiteit te Frjentsjer, 1585-1843

GOFFE JENSMA –  Foar wa’t graach oer de ieuwen hinne weromsjocht om it ferline oan it hjoed ôf te mjitten sil it in teloarstelling wêze, want wat stelde it allegear foar, dy universiteit fan Fryslân te Frjentsjer? Fêstige yn in lyts stedsje – mei syn 3623 ynwenners (yn 1689) hie Frjentsjer winliken mear de skaal […]

Hieke Postma: Talinten ha jo net krigen om se ûnder de grûn te triuwen

KAREN BIES –  ‘Ek hjir bepaalt de achtergrûn fan it bern faak de kar foar in ferfolchskoalle. It ûnderwiis hat de plicht út it bern te heljen wat deryn sit, en dochs bart dat meastentiids net.’ Hieke Postma sprekt út ûnderfining. Se is foarsitter fan de provinsjale koördinaasje-advysgroep ‘foarskoalsk’. Njoggen jier lang wie se foar […]

‘De takomst foar it Frysk leit yn trijetalich ûnderwiis.’

WYBRICH BAKKER –  It Frysk is ferplichte op de basisskoalle, mar eltse skoalle docht syn eigen sin by de ynfolling fan it fak. In oerke Frysk yn de wike jout net folle as de bern meastentiids Nederlansk prate. It omdraaien fan de tiidwurden, ‘ik bin bleaun sitten’, is yntusken modern Frysk, liket it wol. Sikko […]

Sikko de Jong oer de takomst fan it Frysk

WYBRICH BAKKER – It Frysk is ferplichte op de basisskoalle, mar eltse skoalle docht syn eigen sin by de ynfolling fan it fak. In oerke Frysk yn de wike jout net folle as de bern meastentiids Nederlânsk prate. It omdraaien fan de tiidwurden, ‘ik bin bleaun sitten’, is yntusken modern Frysk, liket it wol. Sikko […]

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.