Kânshawwers Rink van der Veldepriis 2012

De sjuery fan de Rink van der Veldepriis makket, yn oerlis mei de ynstellers fan de priis, de gemeente Smellingerlân en de Frieser Pers Boekerij bv, hjirby de kânshawwers bekend foar de Rink van der Veldepriis 2012:

Hidde Boersma – De gewoanste man
Ferdinand de Jong – It dak fan de wrâld
Bart Kingma – Griene simmer
Margryt Poortstra – Kofje ferkeard
Willem Schoorstra – Rêdbâd

De winner wurdt bekendmakke by de priisútrikking, woansdei 15 febrewaris om 16:00 oere yn it gemeentehûs fan Smellingerlân Gauke Boelensstrjitte 2, Drachten.

De priis sil útrikt wurde troch frou Nieske Ketelaar, wethâlder fan kultuer. De plechtichheid is frij tagonkelik.

De sjuery fan de twajierlikse Rink van der Veldepriis bestiet dizze kear út Karen Bies, Symen Schoustra en Geertrui Visser.

Boarne: Sirkwy.nl

Comments are closed.

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.