Wa’t it rûzjen yn núnders ferstiet

ARJAN HUT – 

De iene nei de oare prachtige plaat leveret Souldada ôf – nettsjinsteande alle tsjinslaggen dy’t de band fan gitarist Herman Woltman al ferwurkje moatst. It nije album hjit fan Watervolk en is opdroegen oan sjongeres Maeike Sijtsma, dy’t amper 29 jier âld yn oktober 2012 samar ferstoar. In sitaat fan Marcus Aurelius stiet foaroan yn it cd-boekje:

‘Tiid is in rivier, in net te kearen stream fan alles dat foarby giet….’

Op in nuvere wize moat Souldada by elk nij ûndernimmen hast wer fan nul ôf begjinne. Dochs binne der ek tal fan eleminten dy’t fertroud binne, dy’t út it ferline meinommen wurde. Fan de earste noaten fan iepener ‘Salsabern’ ôf, sitst midden yn de wrâld fan dy’t bekend is fan Cancao (2007) en Oer de grins (2011). In wrâld dêr’t mediterraanske gitaarwaarmte en noardlike romtlikheid inoar treffe, dêr’t Frysk, Papiamintsk, Afrikaans yninoar omdraaie as wie it ien grutte sjongtaal. En fansels binne dêr Carel van Leeuwen (fiifsnarige cello), Bart Soeters (basgitaar) en Willem Smid (drums), de beakens dy’t bliuwe, en Woltman op koers hâlde.

De nije sjongeres is Femke Hoeksma, krekt as Sijtsma bekend fan Three-Ality. Iepener ‘Salsabern’ is in moai duet mei Izaline Calister. It neifolgende ferske ‘Circus’ foarmet in moai poadium dêr’t Hoeksma har kwaliteiten hearre litte kin. In prachtige, stylfolle, fynbesnare ballade, mei in opfallende rol foar Van Leeuwen, dy’t suver goatyske klanken út syn cello tsjoent en Fay Lovsky spilet as gastmuzikant mei op in ‘sjongende seach’. Moatst it hearre om it te leauwen, hiel bysûnder! ‘Circus’ is ek in typysk Souldada ferske, sa’n liet dat hiel logysk klinkt mar abslút net yn in dúdlik sjenre falt. It soe sa op in plaat fan Kayak passe, droegen, fraai fan meldij en in tikje teatraal. Mar it soe likegoed in ferske foar Wende Snijders wêze kinne, sa aventoerlik en spannend, mei in ûnderstream fan kjeld en pine. Itselde giet op foar it ôfslutende ‘Shine’ – krekt as de measte ferskes skreaun troch Woltman, mar hjir bliuwt hy as gitarist ôfwêzich en jout alle romte oan Hoeksma, Soeters en Van Leeuwen. Pikefel.

Watervolk is in elegante affêre, sa subtyl yn lûden en lagen klaait. It is it wurk fan in stel muzikanten dat de poëzij opsiket, grinzen oerstekt, it hert folget, it ritme fan de see fielt en it rûzjen yn núnders ferstiet. ‘Núnders’, ‘Pianohuis’ (prachtige titel!), ‘Watervolk’ en ‘Forfin’ (skreaun troch Calister, de tekst oerset troch Nynke Laverman) stekke der foar my – tegearre mei ‘Circus’ – boppe út. Dat de cd amper fjirtich minuten duorret kin dat neat skele – wat Watervolk oan lingte tekoart komt, wurdt mei djipgong rom kompensearre.

Bestel de cd hjir!

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.