It libben in harkspul: ‘De Elfenburcht’

Publisearre op 8 mei 2020

GERBEN DE VRIES – 

‘Alleen voor Friesland heb ik nog een zwak.’ In boektitel fan Gerrit Jan Zwier út 2017 oer de dichter Jan Jacob Slauerhoff. Omdat Zwier al jierrenlang yn Grinslân wennet, mar syn woartels yn Fryslân hat, soe it ek in iroanyske ferwizing nei himsels wêze kinne. Syn wurken – meastentiids reisboeken en romans – spylje har benammen yn Noard-Europa ôf. In inkelde kear makket Zwier in útstapke nei Fryslân. Sa skreau er yn 1989 de tekst foar it Iepenlofsspul yn Jorwert. De lêste jierren is er op opfallend faak op paad yn de omkriten fan Noard-Nederlên oant East-Fryslân en publisearret hy dêr ‘kuijerboeken’ (myn wurd) oer.

 

Ik sil oars de intrige net spoile, want dan keapet gjin minsk dit boek mear. Wol like it my aardich ris te sjen nei de bylden fan Fryslân en de Friezen dy’t út en troch fentilearre wurde troch dizze Leendert Talma.

 

As romanskriuwer is Gerrit jan Zwier wat minder aktyf. Feitlik hat er njonken al dy reisferhalen mar in pear romans skreaun. Twa dêrfan haw ik ea lezen: ‘Allemaal projectie’ út 1980 is in hilarysk ferslach fan (fraude by) wittenskiplik fjildûndersyk en ‘De knoop van IJsland’ fan 1996 in aardich spannend ferhaal oer in fermiste Dútske geolooch yn 1907, yndie, op Yslân. It helle sels in tredde druk. Yn 2013 publisearre Zwier sawier in eroatyske roman, ‘Hoe schrijf ik een bestseller?’, mar dat waard – jimme riede it al – gjin bestseller. Echt eroatysk waard it ek al net. Sadwaande stiet de auteur syn boeken sels út te suteljen op allegear merken en festivals oeral yn it lân. Ik spotte him sels ris yn Wageningen!

In net al te grutte man mei in burd dy’t kommunikatyf net sa maklik oerkomt; in suver driigjende Yslânske trol. Wa wit wie it ek selsspot him dy’t him de idee fan de roman ‘De elfenburcht’ ynjûn hat. Hjir is de ferteller in skriuwer/reislieder dy’t in groepke fan fiif minsken taskikt kriget foar in fakânsje op Yslân. De dielnimmers komme út twa as trije Fryske lêsklubs dy’t har it lêste jier ferdjippe hiene yn Yslânske literatuer. No ja, literatuer? Yn alle gefallen yn de boeken fan de thrillerauteur Grettir Methusalemson, yn wa’t sawol Gerrit Jan Zwier as miskyn Arnaldur Indridason te fermoedsjen is. Grettir hat trouwens in Fryske frou (s. 190), mei de mannenamme Popke (s. 194).

Faaks is it alyksa as humor bedoeld, mar it fiiftal hie ôfpraat dat se allegear fan har ûnderfinings in harkspul meitsje soene dat útstjoerd wurde soe troch Omrop Fryslân. In harkspul! As soene Friezen lykas yn de jierren fyftich fan de foarrige ieu noch altyd massaal nei harkspultsjes lústerje. Dreech fêst te stellen oft dit humoristysk bedoeld is, lykas de selsspot fan de skriuwer as reislieder: ‘Bovendien ging het om Friezen, niet om stug volk, zoals vaak gedacht wordt, maar om praters, al waren ze vaak van hun eigen gelijk overtuigd.’ (s. 12). In rake waarnimming fan de ik-persoan dy’t wol wat bekendheid mei dat folk ferriedt.

Ik sil oars de intrige net spoile, want dan keapet gjin minsk dit boek mear. Wol like it my aardich ris te sjen nei de bylden fan Fryslân en de Friezen dy’t út en troch fentilearre wurde troch dizze Leendert Talma. Parallel oan it reisferhaal is der it ferhaal fan de suster fan de ik-ferteller dy’t yn Noard-Italië in beroerte kriget en yn in sikehûs oer har libben fertelt. Dizze suster hat in ‘mem’ yn It Fean en dus binne de âlden fan suster en reisliedere ek Friezen, wat de ik-ferteller wer net fertelt oan it reisgenoatskip. It bytsje stikum, mar alla. Sikehuzen yn Noard-Italië wiene doe noch feilich …

Op side 54 fernimme wy dat ‘men als Friezen gewend was aan stamppotten, snert en andere zware kost’, in kulinêr-antropologyske opmerking dy’t wol hiel algemien is en ien dy’t nei alle gedachten mear seit oer it Fryslân fan Zwiers jeugd en jonkheid. Sân siden fierderop brûkt ien fan de dielnimmers in Fryske ‘bastaardvloek’ en wol ‘blinder’. Letter, op s. 139, wurdt dat ‘Blinder nog an ta!’. Der binne wurdboekwebsites, Gerrit Jan, foar de goede stavering. En de Fryske Akademy mei wolris in antripolooch ynhiere om út te sykjen oft dat soart bastertflokken noch wol yn it heitelân brûkt wurde. Drs. G.J. Zwier faaks? Of wie dit wer in staaltsje fan postmoderne humor lykas ek dat ‘Vlielandse accent’ fan Wiebe, wylst dat dialekt al útstoarn is (s. 159).

Zwier giet faker werom yn de tiid. Ien fan de protagonisten hat skriuwambysjes en neamt yn dat ferbân ‘kanonnen als Havank of Stephen King’ (s. 70).  Fan de lêste skriuwer is op rommelmerken noch wol in boek te besetten, mar elkenien ûnder de 50 jier wit net mear wa’t Havank wie. In oare harkspiler giet noch fierder werom yn de tiid. Neffens dizze Remmelt feroaret in folkskarakter net. ‘Friezen zijn volgens mij nog net zo dwars en eigenwijs als in de tijd van koning Redbad, die weigerde zich te laten dopen.’ (s. 91). Nei myn idee wie it grutste part fan Fryslân oant koartlyn ortodoks-kristlik, dus dan is dat ferneamde folkskarakter aardich feroare. Nuchterheid as in aspekt fan it folkskarakter? Sa net Iris út ‘de Friese Wouden’, dy’t ferklearret dat hja ûntfierd is troch Yslânske elfen (s. 104). Okee, sy komt út de Wâlden, mar dochs.

Yn sa’n lân as Yslân leit de dwylsin op de loer, ek foar dy eigensinnige, noftere, praatske Friezen. ‘Thuis was er alleen het vlakke Friese land – het eeuwige gedachtenstreepje aan de horizon – de dorpjes met de huizen rond de kerk, de alledaagse handelingen en de beslotenheid van de eigen levensruimte.‘ (s. 125). Yslân hat in gefaarlik lânskip, net allinnich foar minsken ut ‘metropolen’, ek foar lju út in provinsje mei in protte plattelân: ‘Friesland is alleen maar cultuurlandschap. Een groot biljartlaken met dorpjes en kerktorens, maar tegenwoordig zonder vogels en bloemen.’ (s. 165). Sawat de helte fan de Friezen wennet hjoed de dei yn stêden en flekken, menear Zwier. Oan de oare kant hawwe jo wol gelyk dat op it plattelân de fûgels en de blommen foar it grutste part ferdwûn binne.

By eintsjebeslút kin stelt wurde dat de minsken dy’t Gerrit Jan Zwier yn ‘De elfenburcht’ foar it fuotljocht bringt, libje yn it Fryslân fan Zwier’s jeugd. Sis mar de jierren ’50 en ’60 fan de foarige ieu. Dat nimt net wei dat it in flot skreaune en by tiden fermaaklike roman is. Der kin faaks wol in harkspul fan makke wurde.

 

Gerrit Jan Zwier, ‘De Elfenburcht’, útjouwerij Elikser, 2019. €17,50

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels