Ien persoan oansprekke mei ‘jim’

HENK WOLF – 

De kar tusken ‘do’ en ‘jo’ is soms dreech. ‘Do’ kin ûnfetsoenlik oerkomme en ‘jo’ ôfstannelik. Foar in protte minsken is de oanspraak yn de tredde persoan dan in oplossing. Sa freegje myn studinten faak: “Henk, hat Henk de toets al neisjoen?”

 

“Wom ek in pûdsje?”

 

Ik haw op it stuit mar leafst trije studintes dy’t noch in oare oansprekfoarm brûke, nammentlik ‘jim’. Dêrmei sprekke se net allinne in groepke oan, mar ek ien persoan. It giet dan altyd om ien dy’t se net kinne en dy’t se te âld fine foar ‘do’ en te jong foar ‘jo’. Se wenje allegear yn ‘e noardlike Wâlden en ha bybaantsjes yn winkels en yn in snackbar. Tsjin klanten brûke se dat ‘jim’ alle trije. Faak wurdt it dan ynkoarte, sizze se: “Wom [= wolle jim] ek in pûdsje?” Tsjin in ûnbekende dy’t se it paad freegje, soenen se ek ‘jim’ brûke.

Hast alle foarnamwurden wurde wolris brûkt as fetsoenlikheidsfoarm foar de twadde persoan iental. De tredde persoan iental wurdt wol brûkt, bygelyks yn it Noard-Frysk fan Dútslân: “koon hi me flicht heelpe?” betsjut letterlik ‘kin hy my miskien helpe?’, mar wurdt wol brûkt foar ‘kinne jo my miskien helpe?’. De earste persoan meartal (‘wy’) kinne wy út it Nederlânske soarchjargon: “Hebben wij ons boterhammetje al op, mevrouw Jansen?” De twadde persoan meartal komt heel faak as fetsoenlikheidsfoarm foar. It Frysk ‘jo’, it Nederlânske ‘gij’ en ‘jij’ en it Ingelske ‘you’ binne allegear ûntstien ús sa’n eardere meartalsfoarm. Yn âlder Dútsk waard ‘Ihr’ (jim) ek wol brûkt as fetsoenlike oanspraak fan ien persoan. Yn modern Dútsk wurdt dêr de tredde persoan meartal (sy) foar brûkt: “Können Sie mir vielleicht helfen?” Allinne fan de earste persoan iental (ik) as fetsoenlikheidsfoarm kin ik gjin foarbylden betinke.

Comments
2 reaksjes oan “Ien persoan oansprekke mei ‘jim’”
  1. Dauwe fd Meulen schreef:

    Henk Wolf iin harnas (CvdWal),
    Sont Stinzefeest 2001 kin ik dy.
    Koest goed tolk N-Fri. spiilje.
    College N-Fri. oan VU 1981.
    What foàr bern, toleransje
    foàr oare staverings oer.
    iinter-Friesk Frieslawn?
    Wo’ j’m ek ’n pûdsje? Sizz Ik.
    Up Sult Deensk I foàr Duutsk ihr:
    Ken I me filecht help? I of i = hi?
    ’n Poep iin ’t Eech, Akela Merkel.
    Iin ’t Holl? Beast sjende bliin?
    Ik laes all dyn taalbydragen!
    Cinsuer by itNijs.frl foàr mi.
    Redaksje réagearret nèt!
    Fiinst blokkearje goed?
    Dauwe 0206250433

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.