Hoe wolle jo de bôle?

HENK WOLF – 

Wa’t in Nederlânsktalige bakker hat, heart altyd itselde wurd as bakker freget oft er de bôle foar jo snije moat: ‘gesneden’. “Wilt u het gesneden?”, “Wenst mevrouw het gesneden?” of “Gesneden of gaat ie zo mee?”, hoe’t baas bakker it ek seit, it wurd ‘gesneden’ komt er net omhinne.

Mar dan de Frysktalige bakker. Ien sei lêsten tsjin my dat er wol fjouwer Fryske wurden tsjinkaam foar dat Nederlânske ‘gesneden’, nammentlik: ‘snien’, ‘snijd’, ‘sneden’ en ‘gesneden’.

 

“O ferjamme, no haw ik my yn ’e tomme gesneden!”

 

O sa nuver is dat net. Yn it Germaansk wie it tiidwurd ‘snitha’ yn gebrûk. Dat wie in sterk tiidwurd: it krige yn de doetiid en yn it ôfslutend mulwurd (voltooid deelwoord) net in útgong, mar it lûd feroare. Doe’t it Germaansk him opspliste yn moderne talen lykas Frysk, Hollânsk en Dútsk, doe bleau dat sa. It moderne Nederlânsk hold der as mulwurd  ‘gesneden’ en it Dútsk ‘geschnitten’. Yn it Frysk ûntstienen yn de dialekten ferskate foarmen, lykas ‘snien’ en ‘snein’. De foarm ‘snien’ is de skriuwtaalfoarm wurden.

No wolle minsken ûnbewust graach fan dy sterke tiidwurden ôf. Se binne in minderheid wurden, wat raars, en elke generaasje rekket in pear fan dy rarichheden kwyt. Wy fernimme dat yn it Frysk op allegear mêden, ek by ‘snije’, dat neist ‘snien’ en ‘snein’ al in heel skoft ‘snijd’ as konkurrint neist him hat. Dêrneist komme regionaal ek noch mingfoarmen lykas ‘sneid’ en ‘sneed’ foar.

Dan ‘gesneden’. Dat is doch in raar wurd, sa dúdlik net Frysk mei syn ge- derfoar. Dy Fryske bakker sil noait sizze: “O ferjamme, no haw ik my yn ‘e tomme gesneden!” Wat soe er dat ‘gesneden’ dan al foar syn bôle brûke?

Mooglik komt dat trochdat bakkers yn it Nederlânsk ‘gesneden’ ek graach as haadwurd brûke: ‘Ik wil graag een half gesneden!” en “Ik heb nog een bruin gesneden”. Mei oare bakkerstermen wurdt dat ek dien: “Een half volkoren”, bygelyks. Sokke wurden liene maklik yn it Frysk. Boppedat sit der wat yn de Fryske grammatika dat makket dat koarte mulwurden lykas ‘snien’ en ‘snijd’ har net sa maklik op dy frije manier brûke litte. Hast net ien sil ‘het geschrevene’ as ‘it skreaune’ of ‘de gebondene’ als ‘de bûne’ oersette. En it is ek gjin tafal dat it Frysk it wurd ‘gedachte’ liend hat ynstee fan sels it wurd ‘de tochte’ te meitsjen. (Ja, ik wit dat it Frysk ek noch ‘de tins’ hat.)

Dy wurden mei ge- foarsjogge dus yn in ferlet. Se liene ek frij maklik, mar dan net as tiidwurd (werkwoord), mar as eigenskipswurd (bijvoeglijk naamwoord) of as haadwurd (zelfstandig naamwoord). Sa komt it Frysk oan ‘in gebradentsje’, ‘in geseten boer’ en ‘ien geweken nimme’. Sa gek is dy ‘brún gesneden’ dus ek wer net.

Mar dan dat ‘sneden’. Dat is noch wol it dreechste gefal om te ferklearjen en ik soe sa tinke dat it fan dy fjouwer neamde foarmen ek wol de nijste wêze moat. Ik kin in pear ferklearringen betinke, mar it is wat spekulatyf allegear. Miskien is it in ferlinging fan it besteande mulwurd ‘sneed’, dat yn ‘e noardlike Wâlden wol yn gebrûk wie of is. Miskien is it liend út it Stedsk? Miskien is it in bewuste of automatyske ferfrysking fan it as te Nederlânsk oanfielde ‘gesneden’?

Comments
Ien reaksje oan “Hoe wolle jo de bôle?”
  1. Ids G. Talen schreef:

    Ik gebrúk altyd it wurd ‘snieden bôle’ Henk, dat fielt by my as fansels sprekkend oan. En by dat ‘geschreven woord’ is it by my allike fansels sprekkend dat it ‘it skreaune wurd’ is. Mar as ik dy goed begryp Henk dan is dat gjin geef Frysk? Tige tank foar dyn antwurd yn it foar en in noflik wykein tawinske. Mei hertlike groetnissen, Ids

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.